Springe nei ynhâld

Gaasterlân (gemeente)

Ut Wikipedy
Gaasterlân

Utsjoch oer Gaasterlân.
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplakBalk
grutste plakBalk
ynwennertal7.489 (1980)[1]
befolkingstichtens92,4 / km²
oerflak81,02 km²[2]
tal doarpen10
skiednis
oprjochte1851
oant 1851 Gritenij Gaasterlân
opheft1984
opgien yn Gaasterlân-Sleat
no part fan De Fryske Marren
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2

Gaasterlân (Nederlânsk en offisjeel: Gaasterland) is in eardere gemeente oan 'e Fryske Iselmarkust, dy't fierhinne de lânstreek Gaasterlân omfieme. De gemeente Gaasterlân hie op 1 jannewaris 1980 7.489 ynwenners en besloech in oerflak fan 81,02 km².

Lânkaart út 1718.

Gaasterlân ûntstie as gemeente yn 1851, troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke. It wie in fuortsetting fan 'e eardere Gritenij Gaasterlân.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Gaasterlân op 1 jannewaris fan dat jier mei de gemeente Sleat en in lyts part fan 'e gemeente Himmelumer Aldefurd (de doarpen Ealahuzen, Kolderwâlde en Aldegea) feriene ta in nije gemeente. Dy hiet yn 't earstoan ek Gaasterlân, mar yn juny 1985 waard de namme feroare yn Gaasterlân-Sleat.

De gemeente Gaasterlân omfette tsien doarpen mei as haadplak Balk. Tusken heakjes wurde (foar sa fier bekend) it tal stimmen neamd yn de tiid dat Gaasterlân in gritenij wie.[3]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 24.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 966.
  3. Boarne: âlde ynfoboks fan it doarp, dat nei oerlis mei meidoggers yn maart 2022 ferfongen is troch in ynfoboks mei allinne aktuele ynformaasje

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen It Amelân Dantumadiel Eaststellingwerf Flylân De Fryske Marren Harns It Hearrenfean Ljouwert Noardeast-Fryslân Opsterlân Skiermûntseach Skylge Smellingerlân Súdwest-Fryslân Tytsjerksteradiel De Waadhoeke Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) Baarderadiel (1851–1984) Barradiel (1851–1984) It Bilt (1851–2018) Boalsert (1455–2011) Boarnsterhim (1984–2014) Doanjewerstâl (1851–1984) Dokkum (1298–1984) Dongeradiel (1984–2019) Drylts (1268–1984) East-Dongeradiel (1851–1984) Ferwerderadiel (1851–2019) Frjentsjer (1374–1984) (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) Gaasterlân (1851–1984) Gaasterlân-Sleat (1984–2014) Haskerlân (1851–1984) Hylpen (1372–1984) Himmelumer Aldefurd (1851–1984) Hinnaarderadiel (1851–1984) Idaerderadiel (1851–1984) Kollumerlân (1851–2019) Lemsterlân (1851–2014) Littenseradiel (1984–2018) Ljouwerteradiel (1851–2018) Menameradiel (1851–2018) Nijefurd (1984–2011) Raerderhim (1851–1984) Skarsterlân (1984–2014) Skoatterlân (1851–1934) Sleat (1426–1984) Snits (1292–2011) Starum (1061–1984) Utingeradiel (1851–1984) Warkum (1399–1984) West-Dongeradiel (1851–1984) (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje