Warkum (gemeente)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Warkum
Merk1 Workum.jpg
It âlde Stedhûs fan Warkum oan de Merk 1.
flagge wapen
Flagge fan Warkum.PNG Workum wapen.svg
Wapen fan Warkum
lokaasje
Fryslân-Gemeenten (1944-1984) - Warkum read.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
sifers en geografy
haadplak Warkum
grutste plak Warkum
ynwennertal 4.440 (1981)[1]
befolkingstichtens 156,3 / km²
oerflak 28,41 km²[2]
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1399
opheft 1984
opgien yn Flagge fan Nijefurd.PNG Nijefurd
no part fan Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
1rightarrow.png Dizze side giet oer de eardere gemeente Warkum. Foar de stêd, sjoch: Warkum.

Warkum (Nederlânsk en offisjeel: Workum) is in eardere gemeente yn 'e Súdwesthoeke fan Fryslân, dy't inkeld de histoaryske stêd Warkum en omkriten omfieme. De gemeente Warkum hie op 1 jannewaris 1981 4.440 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 28,41 km².[2] De gemeente Warkum gie yn 1984 op yn Nijefurd.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Warkum lei yn 'e Fryske Súdwesthoeke en waard yn it westen ôffrede troch de kust fan 'e Iselmar (foar 1932 de Sudersee). It gebiet waard fierders yn it noarden begrinzge troch de gemeente Wûnseradiel, yn it easten troch de gemeente Wymbritseradiel, yn it súdeasten en suden troch de gemeente Himmelumer Aldefurd en yn it súdwesten troch de gemeente Starum. Mei in oerflak fan 28,41 km² hie Warkum oarspronklik de grutste klokslach fan alle Fryske stêden.[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warkum krige yn 1399 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. It hearde ta it kertier Westergoa, krektlyk as de stêden Boalsert, Drylts, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Snits en Starum. Warkum hie oarspronklik benammen in sintrumfunksje foar it omlizzende plattelân, mar meitiid waard de agraryske sektor stadichoan minder wichtich foar de stêd.

Yn 'e Saksetiid foarme Warkum de thúsbasis fan 'e Fryske frijheidsstrider Grutte Pier, dy't hjirwei syn ynfallen yn Hollân útfierde. Yn 1515 waard de stêd plondere troch de Swarte Heap, in Saksyske rôversbinde dy't de aartsfijannen fan Grutte Pier-en-dy wiene.[1]

Nei dy ûnlijige tiden briek in perioade fan tanimmende wolfeart oan foar Warkum, dy't benammen stipe op 'e hannel en de fiskerij. Fral de ielfiskerij wie tige wichtich, en oant 1914 fearen Warkumer aken nei Londen om dêr harren iel te ferkeapjen.[1]

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Warkum as gemeente opheft en mei de gemeenten Hylpen en Starum en it grutste diel fan Himmelumer Aldefurd gearfoege ta de nije gemeente Nijefurd. It gemeentehûs fan Nijefurd kaam yn Warkum te stean, sadat der doe foar de ynwenners fan 'e stêd net in protte feroare. By in nije gemeentlike weryndieling, yn 2011, waard Nijefurd op syn beurt opheft en mei de gemeenten Boalsert, Snits, Wymbritseradiel en Wûnseradiel gearfoege ta de nije fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

De Warkumerwaard, oan 'e kust fan 'e Iselmar.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Warkum in befolking fan 4.440 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe troch de grutte en hast ûnbewenne klokslach 156,3 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 42,6% fan 'e befolking fan Warkum herfoarme, 18,5% grifformeard en 22,5% roomsk. Fierders bestie 11,4% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.[1]

Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Warkum fierwei de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 58,7% fan 'e stimmen; de PvdA 19,2%; de VVD 8,0%; de FNP 7,5%; en D66 3,0%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Warkum 19,1% wurksum yn 'e lânbou; 38,3% yn 'e yndustry; en 39,5% yn 'e tsjinstesektor.[1] It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 12,2% en foar froulju 11,6%.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 84.
  2. 2,0 2,1 2,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1918.

 
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • Dantumadiel • De Fryske Marren • De Waadhoeke • Dongeradiel • Eaststellingwerf • Ferwerderadiel • Flylân • Harns • It Amelân • It Hearrenfean • Kollumerlân • Ljouwert • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • Weststellingwerf
takomstige gemeenten
Noardeast-Fryslân (fan 2019 ôf)
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)