Boarnsterhim
Boarnsterhim | |
---|---|
De Pikmar by Grou. | |
flagge | wapen |
Wapen fan Boarnsterhim | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
sifers en geografy | |
haadplak | Grou |
grutste plak | Grou |
ynwennertal | 19.482 (2013) |
befolkingstichtens | 128,6 / km² |
oerflak | 168,58 km² |
● wêrfan lân | 151,54 km² |
● wêrfan wetter | 17,04 km² |
tal doarpen | 18 |
ferkearsieren | A31, A32, N354 |
skiednis | |
oprjochte | 1984 |
oant 1851 | Gritenij Idaerderadiel Gritenij Raerderhim Gritenij Utingeradiel |
1851 – 1984 | Gemeente Idaerderadiel Gemeente Raerderhim Gemeente Utingeradiel |
opheft | 2014 |
opgien yn | De Fryske Marren It Hearrenfean Ljouwert Súdwest-Fryslân |
no part fan | De Fryske Marren It Hearrenfean Ljouwert Súdwest-Fryslân |
oar | |
netnûmer | 0515, 0566, 058 |
postkoade | 8491–9014 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.boarnsterhim.nl |
Boarnsterhim (offisjeel Frysk; Nederlânsk: Boornsterhem) is in eardere gemeente yn 'e midden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 novimber 2013 in befolking fan 19.482 minsken,[1] en besloech in oerflak fan 168,58 km² (dêr't 17,04 km² wetter fan is). De gemeente is mei yngong fan 1 jannewaris 2014 opholden te bestean en ferdield oer de oanbuorjende gemeenten Ljouwert, It Hearrenfean, Súdwest-Fryslân en (de op dyselde dei nij oprjochte gemeente) De Fryske Marren.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente is foarme yn 1984 út de eardere gemeenten Idaerderadiel, Raerderhim, en it grutste part fan Utingeradiel. Fierders waard ek it súdlike diel fan De Alde Feanen, dat foartiid ta Smellingerlân heard hie, doe by de nije gemeente foege. Yn 1985 waard de offisjele namme feroare ta de Fryske namme. Boarnsterhim foarme by de oprjochting in 'oerbliuwsel', besteande út in gebiet dat oerbleau by de gemeentlike weryndieling fan 1984, wêrby it tal gemeenten fan 44 tebekbrocht ta 31. Fanôf it begjin foarme de gemeente dan ek net in ienheid, dat laat hat ta swak bestjoer. Dêrmei hie de gemeente in minne finânsjele posysje, dy't yn 2009 laat hat ta opstappen fan boargemaster en wethâlders en it oanfreegjen fan it ûnder finânsjeel tafersjoch bringen by it Ryk.
It opdoeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 7 septimber 2009 públisearre de gemeente in ûndersyk dat troch in ekstern búro útfierd waard. Dizze stelde dat de gemeente nea in ienheid wie en foarme, dat troch it gemeentebestjoer en de ynwenners ûnderstreke wie. De gemeente hat doe besletten dat it better wie en doek de gemeente op en partsje it op mei buorgemeenten. Hjirop begûnen petearen oer hokker doarp en gemeentediel by hokker gemeente komme soe. Ta einbeslút waard besletten dat de gemeente omparte waard oer 4 buorgemeenten te witten: Ljouwert, It Hearrenfean, De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. Dizze weryndieling is dienmakke op 1 jannewaris 2014.
It gebiet mei de doarpen Grou, Eagum, Idaerd, Jirnsum, Reduzum, Warstiens, Warten en Wergea kaam by Ljouwert.
It gebiet mei de doarpen Raerd, Dearsum, Poppenwier, Tersoal en Sibrandabuorren kaam by de gemeente Súdwest-Fryslân.
It part mei de doarpen Akkrum, Aldeboarn en Nes gie nei It Hearrenfean, wylst Terherne nei de nije gemeente De Fryske Marren ta giet.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadplak is Grou, en de oare plakken yn de gemeente binne: Akkrum, Aldeboarn, Dearsum, Eagum, Friens, Idaerd, Jirnsum, Nes, Poppenwier, Raerd, Reduzum, Sibrandabuorren, Terherne, Tersoal, Warstiens, Warten en Wergea.
Fierders kinne de buorskippen Abbenwier, Aldskou, Bernsterbuorren, Flânsum, Poppenhuzen, Warniahuzen, Suorein en Tsienserbuorren neamd wurde.
De gemeente brûkt sûnt jannewaris 1989 Fryske plaknammen.
Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 april 2010 - 19.327
- 1 novimber 2006 - 19.304
- 1 jannewaris 2004 - 19.118
- 1 jannewaris 2003 - 18.989
- 1 jannewaris 2002 - 18.736
- 1 jannewaris 2001 - 18.591
- 1 jannewaris 2000 - 18.268
- 1 jannewaris 1995 - 17.847
- 1 jannewaris 1990 - 17.710
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
hjoeddeistige gemeenten | |
---|---|
eardere gemeenten | |
· · |