Springe nei ynhâld

Frjentsjerteradiel (1851-1984)

Ut Wikipedy
Frjentsjerteradiel

Doarpsgesint fan Tsjom mei de Jehannestsjerke.
flagge wapen

Wapen fan Frjentsjerteradiel
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Frjentsjer (bûten de gemeente)
grutste plak Tsjom
ynwennertal 3.883 (1981)[1]
befolkingstichtens 65,6 / km²
oerflak 59,15 km²[2]
tal doarpen 11
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij Frjentsjerteradiel
1971 ferlies grutste diel fan Mullum
opheft 1984
opgien yn (nij) Frjentsjerteradiel
Harns
no part fan De Waadhoeke
Harns
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
Dizze side giet oer de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1851 oant 1984. Foar de gemeente Frjentsjerteradiel fan 1984 oant 2018, sjoch: Frjentsjerteradiel (1984-2018).

Frjentsjerteradiel (Nederlânsk en offisjeel: Franekeradeel) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, dy't bestie fan 1851 oant 1984. De gemeente omfieme 11 doarpen mar gjin haadplak, mei't it gemeentehûs bûten de eigentlike gemeente yn 'e stêd (en gemeente) Frjentsjer fêstige wie. It âlde Frjentsjerteradiel bestie út twa trimdielen, dy't noardlik en súdlik fan 'e Gemeente Frjentsjer leine. It âlde Frjentsjerteradiel hie op 1 jannewaris 1981 3.883 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 59,2 km².[2] It gie yn 1984 mei inkele buorgemeenten op yn 'e nije gemeente Frjentsjerteradiel.

De gemeente Frjentsjerteradiel lei yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân en bestie út twa trimdielen, in Noardertrimdiel en in Sudertrimdiel. It Sudertrimdiel wie hast twa kear sa grut as it Noardertrimdiel. Frjentsjerteradiel lei yn 'e Klaaistreek; it Sudertrimdiel makke fierhinne diel út fan 'e Greidhoeke, wylst it Noardertrimdiel foar it meastepart ta de Bouhoeke hearde. De gemeente hie yn totaal in oerflak fan 59,15 km².[2] Frjentsjerteradiel wie in gemeente sûnder haadplak, want as gemeentehûs fungearre sûnt 1895 it Martenahûs yn Frjentsjer, bûten de gemeentegrinzen.[1]

It Noardertrimdiel waard yn it easten begrinzge troch Menameradiel, yn it noarden en westen troch Barradiel, en yn it suden troch de gemeente Frjentsjer. Yn it súdeasten hie it in hiel koarte grins mei de noardpunt fan Hinnaarderadiel. It Sudertrimdiel waard yn it súdeasten en easten begrinzge troch Hinnaarderadiel, yn it noardeasten troch de gemeente Frjentsjer, yn it noardwesten troch Barradiel, yn it westen troch de gemeente Harns, en yn it súdwesten en suden troch Wûnseradiel. De beide trimdielen waarden dus faninoar skaat troch de gemeente Frjentsjer, dy't as in soarte fan hamburger tusken de beide dielen fan in broadsje ynklamme siet.

It plattelân fan Frjentsjerteradiel by Hitsum.

It âlde Frjentsjerteradiel omfette 11 doarpen. Yn it Noardertrimdiel leine: Boer, Doanjum, Peins, Rie, Skalsum en Sweins;[1] en yn it Sudertrimdiel leine: Achlum, Hitsum, Hjerbeam, Mullum en Tsjom.[1] Buorskippen yn it Noardertrimdiel wiene: De Beinten en Molswert; en yn it Sudertrimdiel leine de buorskippen: Barrum, Dearsum (Frjentsjerteradiel), Fâltum, Gelterp, Hearema, Holpryp, De Kampen, Keimpetille, Koüm, De Krok, Miedum (Frjentsjerteradiel), Sitlum en Sopsum.

De gemeente Frjentsjerteradiel kaam fuort út 'e âldere gritenij Frjentsjerteradiel, dy't tebek gie oan yn 'e Midsiuwen en yn 1417 as selsstannige gritenij ûntstie út 'e saneamde Frjentsjerter Fiifdielen, dêr't ek Baarderadiel, Barradiel, Hinnaarderadiel en Menameradiel harren oarsprong yn fûnen.[3] Frjentsjerteradiel wie fan 'e Iere Midsiuwen ôf relatyf tichtbefolke, sjoen hoefolle terpen oft der yn en om 'e doarpen lizze. Kleasters stiene te Miedum en ûnder Mullum.[1]

It kleaster by Mullum wie it ferneamde Kleaster Lúntsjerk, stifte yn 1157, dat ûnder de partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers sûnder foarbehâld op 'e hân fan 'e Fetkeapers wie.[1] Fral om't de stêd Frjentsjer in bolwurk fan 'e Skieringers wie, waard der op it omlizzende plattelân in protte fochten,[1] en yn 'e Saksetiid (1498-1515) wie de krite ek it toaniel fan striid tusken de oanhingers fan Albrecht fan Saksen en syn soannen en opstanninge Friezen.[1] Noch wer letter waarden der tusken 1515 en 1527 ek ferskate fjildslaggen tusken de Geldersen en de Boergondiërs útfochten.[1]

De flagge fan Frjen- tsjerteradiel oant 1962.

Yn lettere iuwen krige Frjentsjerteradiel in beskate wolfeart troch de bloei fan 'e lânbou.[1] Yn 'e njoggentjinde iuw wiene der wer konflikten, want Frjentsjerteradiel wie ien fan 'e gemeenten yn 'e noardwesthoeke fan Fryslân dêr't al ier in maatskiplike beweging ûntstie dy't opkaam foar de belangen fan 'e arbeidersklasse.[1] Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden de measte doarpen yn 'e gemeente sterk troffen troch befolkingskrimp dy't it gefolch wie fan in gebrek oan wurkgelegenheid dat wer feroarsake waard troch de meganisaasje fan 'e agraryske sektor. Troch fúzjes en reorganisaasjes ferdwûnen ek de lytse molfabriken, lykas yn 1974 dy fan Tsjom. Ek de middenstân, tsjerken, skoallen en it ferieningslibben krigen it dreech troch it weromrinnen fan it ynwennertal.[1]

Yn 1971 moast Frjentsjerteradiel it westlikste hoekje fan syn Sudertrimdiel mei it grutste part fan it doarp Mullum ôfstean oan 'e gemeente Harns.[4] By de grutte gemeentlike weryndieling dy't yn 1984 yn Fryslân trochfierd waard, ferlear de gemeente úteinlik hielendal syn selsstannichheid om mei de gemeente Frjentsjer en it grutste part fan 'e gemeente Barradiel op te gean yn in nije bestjoerlike ienheid. Dêrtsjin wie yn Frjentsjerteradiel minder beswier as yn Barradiel, dat him der lange tiid fûleindich tsjin fersette,[5] al wie Frjentsjerteradiel it ek net alhiel iens mei de wize fan skaalfergrutting dy't it fan hegerhân oplein krige.[1] De uterste westhoeke fan it âlde Frjentsjerteradiel bleau bûten de nije gemeente en kaam ynstee by Harns te hearren, sadat it eastlike diel fan Mullum weriene waard mei de rest fan it doarp, dy't al yn 1971 by Harns kommen wie. Om't de namme fan 'e nije gemeente ek Frjentsjerteradiel wie, wurdt de nije gemeente faak as in fuortsetting sjoen fan it âlde Frjentsjerteradiel, dat de stêd Frjentsjer en Barradiel anneksearre hawwe soe. Yn wurklikheid hold it âlde Frjentsjerteradiel yn 1984 folslein op te bestean en kin de nije gemeente Frjentsjerteradiel better sjoen wurde as in fuortsetting fan 'e gemeente Frjentsjer.

De mole Fâltum, by Tsjom winterdeis.
Doarpsgesicht fan Achlum.
De herfoarme tsjerke fan Doanjum.

Frjentsjerteradiel hie yn 1714 2.145 ynwenners, yn 1900 5.151, yn 1954 5.133, yn 1969 4.753, en yn 1974 (nei in grinswiziging mei Harns) noch 4.031.[1] Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente in befolking fan 3.883 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe 65,6 minsken de km². De befolking wie doe sa oer de doarpen ferdield:[1]

doarp ynwenners
Tsjom 1.150
Achlum 736
Doanjum 423
Rie 381
Peins 321
Hitsum 249
Hjerbeam 225
Skalsum 148
Sweins 109
Mullum (Frjentsjerteradielster part) 80
Boer 61

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 42% fan 'e befolking fan Frjentsjerteradiel herfoarme, 19% grifformeard en 6,5% roomsk. Fierders bestie 27% fan 'e befolking út ateïsten en agnosten.[1]

Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Frjentsjerteradiel de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 44,0% fan 'e stimmen; de PvdA 30,9%; de VVD 11,4%; de FNP 7,5%; en D66 2,5%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan Frjentsjerteradiel 26,9% wurksum yn 'e lânbou; 34,8% yn 'e yndustry; en 32,5% yn 'e tsjinstesektor.[1] It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 14,5% en foar froulju 16,5%.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 22.
  2. 2,0 2,1 2,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 858.
  3. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 857.
  4. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 26.
  5. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 8.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje