Doanjum
Doanjum | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 370 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 3,5 km², wêrfan: - lân: 3,46 - wetter: 0,03 km² | |
Befolkingsticht. | 105 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 12' N 5° 32' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side Doanjum en Boer | ||
Kaart | ||
Doanjum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Doanjum leit noardlik fan Frjentsjer, westlik fan Boer en besuden Tsjummearum. De doarpskearn fan Doanjum leit om de Doarpsstrjitte en Tsjummearumerwei.
Op 1 jannewaris 2023 hie Doanjum 370 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doanjum bestiet út in groep terpen op in âlde kwelderwâl. It gebiet moat neffens grûnfynsten al yn de Romeinske tiid bewenne west hawwe. Ut opgroeven ierdewurk docht bliken dat de doetiidske bewenners yn in aardige wolstân libben. Fan de ein fan de Romeinske tiid oant yn de 5e iuw wie it gebiet nei alle gedachten ûnbewenne.
Yn it begjin fan de 17e iuw waard hjir de stins Goslinga State boud, dêr't letter de grytman en steatsman Sicco van Goslinga wenne, dy't yn 1731 ferstoar. Yn 1803 waard de stins ôfbrutsen. Yn de tsjerke fan Doanjum (1711) is in grêfmonumint fan Sicco van Goslinga.
Doanjum hie sûnt 1 oktober 1903 in stasjon oan it NFLS-spoar fan Frjentsjer nei Tsjummearum; de geografyske ôfkoarting wie Dj. By graafwurk foar it spoar waard yn 1911 in brûnzen byldsje út de Romeinske tiid fûn dat de Romeinske god Mars foarstelt. Op 8 oktober 1933 waard it stasjon sluten.
As wraak foar in oanslach op Grietje Sinnema út Rie, dy't as tolk en sekretaresse foar de besetter wurke op de Abteilung für Ernährung und Landwirtschaft yn Frjentsjer en ek ferantwurdlik wie foar de foardering fan hynders en hea foar de Dútske Wehrmacht, hellen de Dútsers op 8 maart 1945 fiif manlju út de Ljouwerter finzenis om dy oan 'e Riedsterdyk tusken Doanjum en Rie te fusillearjen. In monumint op it plak betinkt de fiif slachtoffers.[1]
Sûnt 2018 leit Doanjum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (Nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjenstjerteradiel (noardertrimdiel).
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei it westlik oanbuorjende Boer hat Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang. De feriening ûnderhaldt kontakten mei de gemeente, de wenningstifting en it sosjaal- en maatskiplik wurk De Skûle. De iennige foarsjenning dy't Doanjum hjoeddedei noch hat is it yn 2004 boude doarpshûs 'De Boppeslach'. Sawat om de twa moanne komt de doarpskrante De Skûle út.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Donatustsjerke (Doanjum).
De nei Donatus fan Münstereifel ferneamde Donatustsjerke is in tsjerke fan de PKN-gemeente Rie-Skingen.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iepenbiere skoalle 'De Twirre' waard fanwegen de ûnwisse takomst wat it tal bern oanbelanget yn 2016 sletten. Yn itselde jier waard ek it pjutteboartersplak sletten. [2]
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aktiviteitenkommisje
- Toanielferiening 't Wouterke
- Keatsferiening 'Moed en Volharding'
- Iislub Neist 'e terp
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2023 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 358 | 358 | 325 | 352 | 423 | 362 | 355 | 370 |
Berne yn Doanjum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), útfiner
- Æbe Haima (1927-2002), keatser
- Gerrit Rombout (1930-2020), politikus
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei, Hovensreed, M C Willemsstrjitte, Marten Anemastrjitte, Noarderstrjitte, Riedsterwei, Tsjummearumerwei, Van Goslingastrjitte, Wytse Foppesstrjitte.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|