Erkens

Ut Wikipedy
Erkens, 2007
Erkens, 2008

Erkens is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Erkens leit yn de himrik fan Frjentsjer. Hy leit oan de noardkant fan dy stêd by de iisbaan. It wurdt ek as Ar(c)kens, Erdenze en Erckenze skreaun. De namme soe fan de persoansnamme Ark komme kinne.

Mole[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Erkens is ek in spinnekopmole, boud yn 1835. Dy poldermole is eigendom fan de gemeente. De wynmole, yn 'e buert fan de wettertoer, stie foar 1972 yn de polder Erkens.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karel F. Gildemacher), "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, Arkens