Arkens (mûne)
Arkens (mûne) | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2022 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
adres | Van Andel-Ripkestrjitte 31 | |
koördinaten | 53° 12' N 5° 43' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | Spinnekop | |
funksje | ferfarsket it wetter fan fivers | |
oarspr. gebrûk | Poldermûne | |
flecht | 11,24 meter | |
boujier | 1827 (of noch earder); weropbou 1973 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Monuminten Waadhoeke | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15710 [1] | |
Webside | ||
Stifting Monuminten Waadhoeke | ||
Kaart | ||
De Arkens is in spinnekopmûne yn Frjentsjer. It mûntsje waard foar 1827 noardlik fan de yn 1842 ôfbrutsen pleats fan Sybren Jans Teernstra boud foar de wetterhûshâlding fan in likernôch 40 hektare grutte polder. Alhoewol't de mûne de Hollânsktalige namme draacht fan Erkens, hat de mûne net yn dat buorskip stien mar súdlik dêrfan.[2] Sûnt 1967 is de spinnekop in ryksmonumint.
Bysûnder binne de sûnt 1910 tapaste flinterwjukken fan 'e mûne. De flinterwjuk is in útfining fan mûnemakker Westra út Frjentsjer en in wjuktype dat fierder net yn Nederlân fûn wurdt. Allinne De Rôt yn Drylts hat noch in skoftke flinterwjukken hân, mar dy waarden al yn de jierren 1930 ferfongen.[3] De Arkens stiet op in achthoekige ûnderbou en is yn Fryslân ien fan de fiif spinnekoppen mei sa'n ûnderbou.
Fanwegen nijbou yn de polder Arkens ferhûze de mûne yn 1973 út syn oarspronklike polderbiotoop nei de hjoeddeiske lokaasje oan de râne fan 'e wyk (Van Andel-Ripkestrjitte). Dêr krige de spinnekop in funksje by it ferfarskjen fan in pear fivers. By de weropbou waard de selsswichting net mear hersteld, mar krigen de wjukken âld-Hollânsk hekwurk.
Eigner fan de mûne is de Monumintestifting Waadhoeke, dy't de mûne yn 2021 restaurearje liet.[4] By dy lêste restauraasje waarden de wjukken yn de oarspronklike steat werombrocht. De mûne krige wer selsswichting, wylst nei de restauraasje allinne de binnenroede flinderwjukken hat. De Arkens hat in flecht fan 11,24 meter.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|