Spinnekop

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Spinnekopmole")
Gean nei: navigaasje, sykje
Spinnekopmole yn it Iepenloftmuseum yn Arnhim

De spinnekop of spinnekop(s)mole is in lytse wynmole mei in flecht (lingte fan twa wjukken by inoar) fan likernôch 8 oant 15 meter. Hy is geskikt foar it bemeallen fan lytse polders. Troch de ienfâld fan de mole is hy maklik te betsjinjen.

It boppehûs mei dêroan de wjukken kin horizontaal draaie, wêrtroch it wjukkekrús it bêste de wyn fange kin. It ûnderste diel stiet fêst. Troch in holle koker rint de standert-spil keningsspil fan it boppehûs nei it ûnderhûs, wêr't de oerbringing sit nei de fizel. Dit is inselde konstruksje as dy't brûkt wurdt foar in wipmole, mar dan yn in lytser formaat.

In Nederlân steane noch mear as 25 spinnekopmoles, wêrfan 15 mûnen yn Fryslân. De grutste hjirfan is it Doris Mooltsje by Aldegea. Dat is teffens de âldste spinnekopmole fan Fryslân.