Springe nei ynhâld

Aldegea (Súdwest-Fryslân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldegea (Wymbritseradiel))
Aldegea
Emblemen
               
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 750 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 59' NB, 5° 32' EL
Offisjele webside
www.oudega-swf.nl
Kaart
Aldegea (Fryslân)
Aldegea
Kaart
Himrik fan Aldegea yn 'e eardere gemeente Wymbrits.

Aldegea is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Aldegea hat 750 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Mei Idzegea en Sânfurd foarmet Aldegea in soarte fan ienheid, wêrfan Aldegea it sintrum mei foarsjennings is. Alle trije doarpen lizze oan it wetter, oan respektivelik de Aldegeaster Brekken de Idzegeaster Poel en it Ringwiel.

Aldegea is in echt wetterdoarp en njonken de agraryske sektor foarmet it toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.

Hûzen oan 'e sleat tusken de Aldegeaster Brekken en de Skûtelpoel.

Aldegea ûntstie yn 'e midsiuwen oan 'e sleat tusken de Aldegeaster Brekken en de Skûtelpoel. Yn 'e 19e iuw groeide it doarp en krige it in kom oan 'e Aldegeaster Brekken.

Yn 1132 waard it doarp Aldakerke neamd. De oan Martinus fan Tours wijde tsjerke (of kapel) fan Aldegea foel ûnder it Sint-Odulfuskleaster fan Starum en sil doe nei alle gedachten fan hout west ha. Letter krige it doarp in stiennen tsjerke, dy't yn alle gefallen noch oant 1417 ûnder it Starumer kleaster foel. Fan dy yn 1755 ôfbrutsen tsjerke binne yn 1962 fûneminten fûn.[3]

De oarspronklike namme fan it doarp ferwiisde nei de lokaasje fan it doarp by in âlde tsjerke. Yn 1505 waard it doarp Oldegae neamd, doe wie dus de tafoeging kerk yn 'e namme al ferfongen troch 'ga' (gea).

Monumint ta neitins oan it Aldegeaster bûterfabryk

Aldegea hat ek in skoft in stasjon hân oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Tusken 1890 en 1962 hie Aldegea oan 'e Stasjonswei ek in bûterfabryk. Yn dat lêste jier waard it fabryk sletten en yn 1968 is it fabryk ôfbrutsen. Op it plak steane hjoed-de-dei wentes.[4]

Oant 2011 lei Aldegea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Aldegea hat mei Idzegea en Sânfurd in feriening fan doarpsbelang. It yn 2021 renovearre multyfunksjonele sintrum It Joo is it doarpshûs foar de trije doarpen en De Nijsljochter is de doarpskrante. Yn 'e Aldegeaster Brekken is in natoerswimbad.

De ynformaasje oer de ferienings is ôfkomstich fan 'e hiemside fan it doarpsbelang fan Aldegea; sjoch foar de meast aktuele gegevens op: www.oudega-swf.nl

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020
Ynwenners 245 680 670 593 544 702 690 712 737

Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020 Alle Cijfers

De Wearen.
De Wikipedy hat ek in side Ankertsjerke (Aldegea).

Midden yn it doarp stiet de Ankertsjerke út 1755. Yn 'e toer hinget in klok út 1623. Yn 1961/1962 hat der aksje yn it doarp west foar de tsjerke, dy't ƒ 40.000 opbrocht.

Dorismooltsje.

Oan 'e noardkant fan 'e Aldegeaster Brekken stiet de poldermûne it Dorusmooltsje. It boeremûntsje waard ferneamd nei boer Doris Hoekstra. Fan de út 1790 datearjende mûne wie net folle mear oer, mar mei de restauraasje en rekonstruksje fan 1998 is de mûne wer yn eare hersteld. It is de grutste spinnekopmûne fan Nederlân.

Harmen Akerboom "Puollen en Marren rûnom Aldegea".

Strjitten yn Aldegea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje