Springe nei ynhâld

Parregea

Ut Wikipedy
Parregea
Sicht op Parregea út it noardwesten wei
Sicht op Parregea út it noardwesten wei
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal500 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak9,21 km² (9,03 km² lân, 0,18 km² wetter)
Befolkingsticht.55 ynw. /km²
Oar
FerkearsierenN359
Postkoade8763
Netnûmer0515
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 1' NB, 5° 29' EL
De Warkumer Trekfeart yn Parregea
De Warkumer Trekfeart yn Parregea
Sint-Jehannes de Dopertsjerke
Sint-Jehannes de Dopertsjerke
Offisjele webside
Side Parregea en Hieslum
Kaart
Parregea (Fryslân)
Parregea
Kaart
Sicht op Parregea út it noardwesten wei
Himrik fan Parregea (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel

Parregea is in langhalich streekdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tusken Boalsert en Warkum. It doarp lei oan de Warkumer Trekfeart, dy't dwers troch it doarp hinne rint. Westlik fan it doarp rint de N359.

Parregea hat 500 ynwenners (1 jannewaris 2023). De buorskippen Eambuorren, Eangterp, Yndyk, Monebuorren en Suderein falle ûnder de himrik fan Parregea. Eambuorren soe in oantinken wêze oan it Eamegaslot.

It doarp waard yn 1275 neamd as Epagne, dêr't mooglik Epinge mei ornearre waard. Yn 1315 waard Yppanerynghe neamd, yn 1398 Pangra, yn 1399 Panrega, yn 1400 Epanrega, yn 1447 Paenrega en yn 1488 Panderaga en ek dat jiers komt panderaghaene indijck foar. Yn 'e 16e iuw komt Pandregha(e), Pandergae en Paragha. De Fryske fariant wie doe Paragae.

It twadde part fan 'e namme -gea komt fan it oarspronklike -ingi of -inga (hearrende ta) oan 'e persoansnamme Epa, of de famyljenamme Epinga dy't dêr fan ôflaat is.

Parregea ûntstie as terpdoarp. De tsjerke mei in stikmannich huzen stiet hjoed-de-dei noch op 'e terp, dêr't de âldste bebouwing op konsintrearre is. It doarp lei oan 'e westkant fan in natuerlike stream, De Ie. Dy waard yn 1609 kanalisearre doe't de Warkumer Trekfeart oanlein waard. By de trekfeart del ûntstie bebouwing, ynearsten oan 'e westkant, mar letter ek oan 'e oare kant. De brêge yn it midden fan it doarp oer de feart hinne waard it mulpunt fan it doarp. Eastlik fan 'e brêge oan de heaks op de Trekfeart rinnende Horstwei ûnjoech him letter ek lintbebouwing. Yn 'e 18e iuw waard justjes súdlik fan 'e brêge herberch "De Harmonie" boud.

Parregea lei eartiids eastlik fan 'e Parregeaster Mar. Dy mar, mei de Feitemar, waarden yn 1876-1879 drûchlein. Parregea wie oant doe noch in fiskersdoarp, mar mei de 320 bunder grutte drûchlizzing kaam dêr boulân by en ûntjoech Parregea him ta in agrarysk doarp. Under de drûchlizzing waard blokferkaveling oanlein en mei tank oan ûntwikkelders út Noard-Hollân kamen in rige stjelppleatsen ta stân.

Oant 2011 lei Parragea yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

De tsjerke fan Parregea is de Sint-Jehannes de Dopertsjerke dy't út de fjirtjinde iuw komt en wijd is oan Jehannes de Doper. Hy bestiet foar it grutste part út giele kleastermoppen. Oan 'e súdlike muorre binne letter giele stiennen brûkt. De toer is in sealtektoer en is nei alle gedachten letter boud en waard mei reade moppen boud. Ek binne der platen Bremer sânstien yn 'e toer ferwurke.

Parregea hat mei Hieslum ien feriening foar Doarpsbelang. It doarpskrantsje hiet De Pinfisker dy't om it fearnsjier ferskynt. It doarpshûs hjit De Gearhing dy't as skoalgym brûkt wurdt troch de skoallen fan Parregea en Tsjerkwert en as sporthal fan ferskate sportferienings brûkt wurdt. By de iisbaan stiet jeugdhonk Us Jister. Alle jierren is der in feest: Parpop.

Yn Parregea stiet in brânwachtkazerne dy't part is fan de Feilichheidsregio Fryslân.

Parregea hat noch in eigen kristlike doarpsskoalle, De Paadwizer, dy't ek iepen stiet foar bern mei oare leauwensoertsjûgings. Hast alle bern út Parregea, Hieslum en Dedzjum, en ek út Ferwâlde en Gaast, geane dêr nei skoalle.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
181118491890195019541959196419691974198920092021
168331519670689625582542482475497485

Berne yn Parregea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Parregea leit oan 'e Provinsjale Wei N359 fan Boalsert nei Warkum.

De buslinen troch Parrgea wurde fersoarge troch Qbuzz. De folgjende linen ride troch Parregea:

Aaltsjemarwei, Eangterperleane, Ferwâlderpaad, Freark Faberwei, Horstwei, Tsjerkebuert, Trekwei, Tynjestrjitte, Waubertstrjitte.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Parregea fan Wikimedia Commons.
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje