Sint-Jehannes de Dopertsjerke (Parregea)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Jehannes de Dopertsjerke (2011)

De Sint-Jehannes de Dopertsjerke is in iergoatyske tsjerke oan de Tsjerkebuert yn Parregea en boud yn de 13e of 14e iuw.[1]

Jehannes de Dopertsjerke mei it tagongsstek nei it begraafplak

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke is ± 1300 boud. De muorren besteane meast út giele kleastermoppen. By lettere reparaasjes binne, benammen yn de súdlike muorre, lytsere giele stiennen brûkt. De sealdaktoer, dy't grif fan wat jongere datum is, waard oplutsen fan reade moppen. Yn dy toer binne ek platen Bremer sânstien ferwurke. De tsjerke waard wijd oan Jehannes de Doper. De massive toer hat tsien opfallende rûnbôgige galmgaten. De liedklok datearret, neffens Karstkarel en Stenvert, út 1402 en soe jitten wêze troch in Hermanus. Neffens in ynformaasjepaniel by de tsjerke is de klok lykwols út de 16e iuw. De klok, dy't Jehannes neamd wurdt, draacht de nammen fan Heer Arent, Heer Harma, Heer Jarich Tjallongs en Eelcke Douwes. Yn 1543 stie pastoar Arents yn Parregea. Neffens dy ynformaasje soe hy wolris de liedklok ynsegene hawwe kinne.

Yn 1898 en yn 2003 is de tsjerke restaurearre. De houten sinnewizer, dy't bewarre waard op de souder fan de tsjerke, sit sûnt 2003 wer oan de bûtenmuorre fan de tsjerke fêst.

Tsjerke en toer binne erkend as ryksmonumint. Itselde jildt foar it tagongsstek nei it tsjerkhou om de tsjerke. Yn it stek, dat om 1880 makke is, is de tekst oanbrocht "Gedenk te sterven". De stekpylders drage deadssymboalen as krúste útdôve toartsen, krúse seines, in fleugele sânrinder en in deadsholle mei krúste bonken.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Neffens Stenvert en Karstkarel datearje tsjerke en toer út de 13e iuw. By de tsjerke sels wurdt as boujier 1300 neamd. Stenvert skriuwt dat de boppebou fan de toer mooglik yn de 16e iuw fernijd is en it koar mooglik yn de 17e iuw
  2. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod