Kleastermop

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kleastermoppen (tsjerke fan Jistrum)

Kleastermoppen, ek wol kleasterstiennen, mûontsestiennen en âlde friezen neamd, binne midsiuwske bakstiennen. Se wienen folle grutter as de hjoeddeistige bakstiennen en waarden benammen brûkt foar kleasters, tsjerken en kastielen. Hoewol't it net mei wissichheid fêststeld wurde kin wurdt útgien fan de hearskjende opfetting dat kleasteroarders oan de basis fan de bakstienfabrikaazje stienen, sa't de namme al tinken docht; ek bakstiennen dy't net troch muontsen bakt waarden, waarden yn de folksmûle sa neamd. Guon huzen waarden ek út kleastermoppen oplutsen, mar omt se sa djoer wienen, waarden huzen doe meastentiids fan hout boud.

Skiednis fan de kleastermoppen yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat de Romeinen begjin fan de 5e iuw út de Nederlannen weilutsen wienen, ferdwûn dêrmei de bakstienfabrikaazje. Troch de ekonomyske delgong dy't yn de iuwen dêrnei folge wie der minder ferlet fan stien as boumateriaal. As de ekonomy wer oanlûkt ûntstiet der safolle ferlet oan hurdere materialen dat út it bûtenlân oanfierde natuerstien (bygelyks dowestien net mear foldwaan kin. De Fryske kleasteroarders, dy't kontakt hawwe mei it fiere Itaalje dêr't de bakstientechnyk bewarre bleaun is, yntrodusearje de technology opnij yn it begjin fan de 12e iuw. De seeklaai dy't yn Fryslân brûkt waard as grûnstof frege lykwols in oar bakprosedee. Nei alle gedachten hawwe de Fryske muontsen dat prosedee sels ûntwikkele (Gast, 1996). Fan hjirút soe it oant de 13e iuw duorje eardat de technyk him ferspriede soe oer Nederlân.

Ofmjittings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As fûstregel jildt: hoe dikker de mop, hoe âlder. De âldste stiennen hienen itselde formaat as de dowestiennen dy't út de Eifel ymportearre waarden. De ôfmjittings ferskilden fan ± 30-38 x 14-18 x 8-12 sm (l x b x h). Letter ûntstie in min ofte mear standertformaat fan 28,5 x 13,5 x 8,5 sm.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gast, C.D. Van kloostermop tot straatklinker : een beknopt overzicht van de baksteennijverheid in Wageningen (1996).
  • Wageningen: Gemeenteargyf Wageningen. ISBN 90-75609-02-7