Dowestien

Ut Wikipedy
Ettringer dowestiengat
Oerbliuwsels fan in dowestiennen Servyske Muorre yn Rome
18.5 Ma.
Tufstien yn de muorre fan de tsjerke fan Wetsens

Dowestien, tuf(fyt) of tufstien is in sedimintêr stiente fan fulkanysk materiaal; fulkanoklastysk stientme. It kin bestean út ferskate komponinten, mar de matriks is fulkanyske jiske. Hjiryn binne stientefragminten werom te finen fan de fulkaan of it omlizzende stiente. Ek fulkanysk glês (obsidiaan) wurdt yn dowestien fûn.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tufstiensoarten wurde ôfsetten om eksplosive fulkanen hinne, dêr't jiske en pún de atmosfear ynstjitten wurdt, faak mei materiaal fan eardere ôfsettings derby, en delkomt mei de stientefragminten "driuwend" yn de jiskematriks. Omdat de grutste en swierste brokstikken it tichtstby del foelen, is it materiaal dat it fierst fan de boarnefulkaan ôfsetten waard it fynste en meast lykmjittich ôfsetten. Nei ferrin fan tiid ferhurde dit pún trochdat wetter yn de laach krong en hjirmei reagearde, dêr't dowestien troch ûntstie. Der binne dowestienformaasjes bekend fan 230 km² mei in gemiddelde dikte fan 30 meter. [1]

Moaie en geologysk jonge (midden-Tertiêr oant Pleistoseen âlderdom) foarbylden binne te finen yn de Eifel.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dowestien is in relatyf sêfte stiensoarte dy't maklik te bewurkjen is. Oare beneamingen binne tufstien of dufstien. Mealde dowestien neamt men tras. Tras wurdt tafoege oan mitselspeesje om te soargjen foar in fêster en wetterticht mitselwurk.

Yn de Midsiuwen waard it yn Fryslân faak brûkt as boumateriaal foar tsjerken. It waard doe út de Eifel helle en ferhannele yn plakken as Utert en Dimter, wêrnei't it oer de Ryn en Isel ferskepe waard. De âlderdom fan tsjerken kin hjirtroch faak better bepaald wurde. Fan de 13e iuw ôf waard dowestien hieltyd faker ferfongen troch oare stiensoarten dy't út de omkriten fan it bouplak helle wurde koenen, lykas bakstiennen.

By de bou fan kastiel Fredenburch yn Utert yn de 16e iuw waard ek dowestien brûkt. De Italjaanske stêd Orvieto is op in heech plato fan dowestien boud.

Soarten tuf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestean mear as 5000 soarten dowestien, yn in grut ferskaat fan kleuren en hurdheidsgraden, die ofwol yndield wurde nei de gearstalling (porfiertuf, basalttuf, trachyttuf en leusyttuf); ofwol nei it fynplak. [2] Yn Fryslân en Nederlân binne benammen de Dútske in soad tapast, benammen

Resinter is ek de Italjaanse tuf Peperino tapast:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Natuerstien yn Monuminten, A. Slinger/H. Janse/G. Berends, Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, Zeist, twadde printinge, side 27
  2. Slinger, Natuerstien in Monuminten