Orvieto

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Orvieto
UmbOrvietoDom01.jpg
Flagge Wapen
Flag.svg Orvieto-Stemma.png
Sifers
Ynwennertal 20.039 (30.06.2019)
Oerflak 281.27 km²
Befolkingstichtens 71.24 km²
Hichte 325 m. boppe seenivo
Polityk
Lân Flag of Italy.svg Itaalje
regio Flag of Umbria.svg Umbrje
provinsje Terni
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside orvieto.tr.it

Orvieto is in stêd mei 20.039 ynwenners (30.06.2019) yn it súdwesten fan Umbrje yn de provinsje Terni yn Itaalje.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske binnenstêd leit op in rots fan tufstien. De rots bestiet út in doalhôf fan kelders, gongen en ûnbidige sisternes, wêrfan't in lyts diel iepene is foar publyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Orvieto yn de 16e iuw

Mooglik wie Orvieto (Urbs Vetus, "âlde stêd") de midsiuwske namme fan de Etruskyske stêd Velzna, ien fan de haadstêden fan it etruskyske tolvestêdebûn. Dêr binne lykwols gjin bewizen fan. Velzna waard nei de slavenopstân yn 264 f. Kr. troch konsul Marcus Fulvius Flaccus oermastere. De romeinen twongen de lêste bewenners nei in plak te ferhûzjen dat lestich te fersterkjen wie, Volsinii Novi oan de Mar fan Bolsena, it hjoeddeiske Bolsena.

Paus Klemens VII waard yn 1527 te flechtsjen nei Orvieto, nei't Rome troch in ûngeregeld leger fan Dútsers en Spanjaarden plondere waard. Fanôf dy tiid wie Orvieto de residinsje fan in tal pausen.

Yn de Twadde Wrâldkriich lei by Orvieto in militêr fleanfjild, dêr't de ingenieur Pier Luigi Nervi in foar dy tiid tige revolusjonêr ûntwerp fan in hangaar boude. De hangaar waard yn de kriich ferneatige. De stêd sels waard yn de kriich net ferneatige, om de Dútsers de stêd as in iepen stêd oerdroegen oan de alliearde striidkrêften.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd besit in grut tal palazzi út de midsiuwen en de renêssânse, lykas bygelyks it Palazzo del Capitano oan it Piazza del Popolo. Oan de foet fan de rots leit de etruskyske Necropoli del Crocifisso del Tufo, dy't syn grutste omfang yn de 6e iuw f. Kr. krige.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gevel domtsjerke fan Orvieto
  • De Domtsjerke fan Orvieto is de katedraal fan it bisdom Orvieto-Todi.
  • Chiesa di San Giovenale, de âldste tsjerke fan Orvieto (1004)
  • Chiesa di Sant’Andrea, boud boppe de resten fan in heidenske timpel en in ierkristlik hillichdom
  • Chiesa di San Domenico mei it mausoleum fan kardinaal Guillaume de Bray(e) fan Arnolfo di Cambio
  • Chiesa di San Ludovico
  • Chiesa di San Francesco, 13e iuw
  • Abbazia di San Severo e Martirio, romaansk kleaster

Pozzo di San Patrizio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pozzo di San Patrizio

Paus Klemens VII moast fanwegen de belegering fan Rome nei Orvieto flechtsje. Om in belegering fan Orvieto troch te stean joech er oan Antonio da Sangallo de Jongere de opdracht in wetterfoarsjenning yn de stêd te bouwen. De gongen fan en nei de wetterboarne besteane út twa slingertreppen. Troch't de slingertreppen yn de foarm fan in dûbele heliks binne oanlein, kruse de paden inoar nea. Sa koene de wetterdragers wetter helje en bringe sûnder inoar tsjin te kommen. Al fuort nei de foltôging yn 1537 wie it in tige bysûnder bouwurk en in attraksjes foar boukundigen.

De namme fan de boarne ferwiist nei Sint-Patrick. Neffens in leginde liet Kristus de Ierske biskop in grot sjen, dy't de tagong ta it fagefjoer foarme om sa de misojnaris fan it bestean fan de hellepine te oertsjûgjen.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Museo dell' Opera del Duomo (domplein) [1]
  • Musei Archeologici Civico e Faina (samling fan Etruskyske fynsten)[2]
  • Museo d’Arte Moderna Emilio Greco [3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Orvieto