Springe nei ynhâld

Utert (stêd)

Ut Wikipedy
Utert
Utrecht


Ofbylden fan it sintrum fan Utert mei de Domtsjerke en -toer
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Utert
koördinaten 52° 5′ NB, 5° 6′ EL
boargemaster Sharon Dijksma (PfdA)
sifers en geografy
haadplak Utert
grutste plak Utert
ynwennertal 374.130 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 3.857 / km²
oerflak 99,21 km²
● wêrfan lân 93,83 km²
● wêrfan wetter 5,38 km²
tal stêden 1
tal doarpen 3
ferkearsieren , , , ,
skiednis
oprjochte 2 juny 1122
oar
netnûmer 030
postkoade 3450-3455, 3546 (wyk Vleuten-De Meern), 3500-3585
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.utrecht.nl
Sicht op de Domtoer fan de Stedhûsbrêge

Utert[1] (Nederlânsk en offisjeel: Utrecht, yn it pleatslike dialekt: Utreg of Utereg) is in gemeente, de haadstêd fan de provinsje Utert en de fjirde stêd fan Nederlân (374.130 ynwenners op 1 jannewaris 2024, boarne: CBS). Utert is ien fan de stêden fan de Rânestêd. It is de fluchst waaksende stêd fan Nederlân.

De stêd leit sintraal yn Nederlân op in knooppunt fan dyk, spoar en wetter, dêrtroch fine der in soad beurzen en konferinsjes plak. It Stasjon Utert-Sintraal is it drokste treinstasjon fan Nederlân.
Yn de stêd húsmanje ûnder oaren de grutste universiteit fan Nederlân, it haadkantoar fan de Nederlânske Spoarwegen en de Jierbeurs. Utert is ek it sit fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân en it Aartsbisdom Utert. Ek is de stêd it sit fan de Ald-Katolike Tsjerke.

It is ien fan de âldste stêden fan Nederlân mei in wichtich histoarysk sintrum, mar ek mei nijmoadrige bouwurken sa as Hoog-Catharijne dêr't mieningen hiel wat negativer oer binne. Troch de Domtoer, symboal fan de stêd en mei 112,32 meter de heechste tsjerketoer fan Nederlân, wurdt de stêd ek wol de Domstêd neamd.

De gemeente Utert bestiet njonken de stêd Utert ek út de kearnen Haarzuilens, De Meern en Vleuten.

De namme fan Utert hat syn komôf fan it Latynske Traiectum, itjinge soksawat betsjutte as "oerstekplak", dat in furde oer de Ryn hinne. Trajectum waard yn it Aldnederlânsk Trecht. Om it fan de "oare Trecht", Maastricht oan de rivier de Maas, te ûnderskieden, waard it Uu Trecht, dêr't Uu in ferwizing nei de ûnderrin oan de Ryn wie. Dat waard yn de midsiuwen op syn bart wer ferlatynske ta Ultraiectum. Ek waard de stêd wol oantsjut as Traiecti Batavorum (Bataafske Trecht).[2]

Yn it pleatslike dialekt fan Utert wurdt de stêd Utreg neamd, en komt yn de multykulturele strjittetaal fan de Rânestêd wol foar as Utka. By karnaval hjit de stêd tydlik Leemput.

Der is bewiis fûn dat der al bewenning wie yn de stientiid (2200 f.Kr.) en de brûnstiid (1800-800 f.Kr.). De werklike skiednis fan Utert set útein mei de bou fan in legerkamp (castellum) oan de Ryn troch de Romeinen om likernôch 50 n.Kr. hinne. Keizer Klaudius besleat dat it Romeinske Ryk net fierder nei it noarden ta útwreidzje sil. Hy liet dêrom in stikmannich fersterkings by de Ryn, de noardlike grins fan it Ryk, del, en sadwaande waard de ferdigeningsliny Limes Germanicus boud. De haadstream fan de Ryn gie doetiids oer de Krûme Ryn en de Alde Ryn, en dy wiene dus part fan de grins. De fersterkings koene sa'n 500 romeinske soldaten hûsmanje. Njonken de fersterkings ûntstiene plakken dêr't ambachtslju, tsjinsten, hannelers en de froulju fan de soldaten harren nei wenjen setten.

Op, dat hjoed-de-dei it Domplein is, bouden de Romeinen it fort Traiectum, op it plak dêr't de Ryn oerstutsen wurde koe. Om it jier 200 n.Kr. hinne waarden de houten muorren dy't om de fersterking hinne stiene ferfongen troch muorren boud mei dowestien. Oerbliuwsels dêrfan binne ûnder it Domplein fûn.

Fan de mid tredde iuw ôf foelen Germaanske stammen gauris it Romeinske gebiet yn. Fan 275 ôf koene de Romeinen de noardlike grins net langer mear ferdigenje en Traiectum waard efterlitten. Fan it tiidrek fan 270 oant 650 is der mar in bytsje bekend en der waard pas fanijs oer Utert sprutsen yn de sande iuw, lang nei't de Romeinen fuortgien wiene.

Letter hawwe de Franken, ûnder kening Dagobert I, op it stee binnen de muorren fan it âlde romeinske fort in tsjerke boud dy't troch de Friezen healwei yn de 7e iuw oermastere waard. De Fryske keningen Aldgilles en Redbad makken fan Utert harren residinsje, nei't se harren machtsgebiet yn Frisia Citerior útrweide hawwe.[3] Nei de oermastering fan it Fryske keninkryk troch Karel Martel yn 723 waard de stêd fannijs troch de Franken oermastere. It stee kaam doe yn besit fan de Angelsaksyske biskop Willibrord en waard in wichtich tsjerklik sintrum mei grutte wrâldske macht. Willibrord waard troch paus Sergius I oansteld en kristenje de Friezen. It oanstellen fan Willibrord wurdt wol sjoen as it begjin fan de Prinsbisdom Utert en Utert waard ien fan de wichtichste kristlike sintrums yn Noardwest-Jeropa. Nei it neigean fan it justjes by de stream op lizzende hannelsplak Doarestêd om 850 hinne, naam Utert it hannelsbelang foar in grut part oer.

De Wikipedy hat ek in side Prinsbisdom Utert.

Nei't de Frankyske hearskers it feodale systeem ynfierd hiene, krigen de Utertske biskoppen njonken de geastlike macht ek wrâldske macht. Hja krigen njonken it gebiet om Utert hinne ek grutte parten, yn dat hjoed-de-dei it easten fan Nederlân is, yn erflien. Hja krigen gauris feodale konflikten mei harren buorren, de greven fan Hollân en de hartoggen fan Gelre. De Feluwe waard troch Gelre oermastere en sadwaande waard it Prinsbisdom dêrtroch yn twaen snien. It gebiet om Utert hinne waard it Nederstift, de hjoeddeistige provinsje Utert, en de Oerstift, it gebiet fan Oerisel en Drinte mei Stellingwerf wie it oare gebiet.

Untjouwing fan de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oarkonde fan 2 juny 1122 fan de befêstiging troch keizer Hindrik V fan de stedsrjochten dy't troch biskop Godebald oan Utert jûn wiene

Troch syn geunstige lizzing oan de Ryn waard Utert in wichtige hannelstêd. De waaksende stêd krige yn 1122 fan keizer Hindrik V fan it Hillige Roomske Ryk stedsrjochten. De Krûme Ryn rekke lykwols troch de iuwen hinne hieltyd mear ferlanne. De haadstream fan de Ryn rûn yn dy tiid al oer de Lek as de Waal. Om Utert berikber te hâlden waard it wetter om de stêd hinne kanalisearre en der waarden grêften om en yn de stêd groeven, dy't hannel oer wetter mooglik makken. By de grêften del waarden pakhûzen mei kelders, dy't op wetterhichte boud waarden dêr't it ferhannele guod yn laden en lost wurde koe, boud.

De biskoppen fan Utert, dy't in soad lânguod bûten de stêd yn besit hiene, koene net altyd goed mei de boargers fan Utert oerwei. Biskop Godebald damme de Krûme Ryn yn 1122 by Wyk by Duerstêd ôf om syn lânguod foar oerstreamings te beskermjen. Yn 1127 waard troch de Utertske gilden úteinset mei it graven fan de Vaartse Rijn dy't Utert ferbûn mei de Hollânske Isel by Iselstein. Yn 1285 damme de Hollânske greve Floaris V de Hollânske Isel ôf en doe waard de Vaartse Rijn ferlingd alhiel nei de Lek ta by Vreeswijk dêr't yn 1373 slûzen yn boud waarden.

Religieuze gebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de snuorje fan it Prinsbisdom waarden ferskate tsjerken en kleasters yn en om Utert hinne boud. De meast ferneamde is de Sint-Martenskatedraal, of de Dom fan Utert, yn it âlde romeinske fort. Mei de bou fan it goatyske bouwurk waard yn 1254 úteinset, nei't in eardere romaanske bouwurk troch in brân swier skansearre rekke. It koer en de transept wiene ree yn 1320 en dêrnei waard úteinset mei de bou fan de ûntsachlike Domtoer. Yn 1420 wie it skip, it lêste part fan de tsjerke, ree. Njonken de katedraal wiene der noch fjouwer kapitteltsjerken yn Utert: Sint-Salvatortsjerke oan it Domplein dy't fan de achtste iuw datearret en yn de sechtjinde iuw sloopt waard; de Janstsjerke fan 1040, de Pitertsjerke, fan 1039 en de Marijetsjerke fan 1090 dy't sloopt waard yn de iere njoggentjinde iuw, dochs dêr't it kleaster noch fan oer is. Njonken de tsjerken wiene dêr de Paulusabdij en de fyftjinde iuwske begynhof fan Sint-Nikolaas en in fjirtjinde iuwske kapittelseal fan de Dútske Oarder.

Njonken dy gebouwen dy't allegear ta it bisdom hearde, wiene der noch fjouwer karspeltsjerken yn de stêd: de Jacobitsjerke fan de alfde iuw, dêr't it hjoeddeistige goatyske gebouw fan de fjirtjinde iuw ôf stammet; de Buertsjerke fan de alfde iuw; de Nikolaitsjerke fan de tolfde iuw en de trettjinde iuwske Geartetsjerke, wijd oan Gertrudis fan Nijvel.

Iermoderne tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart fan Utert troch Willem Blaeu yn 1652

Yn 1528 ferlear de biskop syn wrâldske macht oer it Oer- en Nedersift oan de Habsburchske keizer Karel V fan it Hillige Roomske Ryk. Hy feriene de Santjin Provinsjes yn in personele uny. It Oerstift waard de Hearlikheid Oerisel en it Nederstift waard it Hearlikheid Utert. Dêrmei kaam dus in oan oan it Prinsbisdom Utert. De biskop hold syn geastlike macht wol, alhoewol't Karel V it rjocht bemachtige en beneam de biskoppen himsels. Yn 1559 waard it bisdom Utert ta in aartsbidom ferheft en Utert waard it sit fan de tsjerklike provinsje fan de Noardlike Nederlannen. De ynwenners fan Utert wiene net al te bliid mei de nije sitewaasje. Hoewol't se gauris spul hiene mei de biskoppen koene se harren ek net fine yn it gesach fan Karel V. Om de kontrôle oer de stêd te hâlden liet Karel V it kastiel Vredenburg bouwe en liet dêre in grut garnizoen yn húsmanje. Krapoan fyftich jier letter waard it kastiel ôfbrutsen yn oanrin fan de Nederlânske Opstân.

Yn 1579 waard yn Utert de Uny fan Utert troch de sân noardlike provinsjes tekene, dêr't se besleaten meiïnoar op te arbeidzjen tsjin de Spaansk-Habsburchske oerhearsking. Dat waard sjoen as de berte fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Yn 1580 waard it katolisisme yn de protestantske Republyk ferbean. Ek it Aartsbisdom Utert waard ôfskaft. De steedhâlders winne net al te wiis mei de selsstannige ynstelling fan de Utertske boargerij en brochten de stêd dêrnei mear ûnder streekrjochte kontrôle fan de Republyk, dêr't de macht fan hieltyd mear nei it dominante goa Hollân ta wiksele. Dat late ta in lange tiid fan ekonomyske stagnaasje fan de stêd. Yn de Gouden Iuw woeks Amsterdam Utert foarby as grutste stêd fan Nederlân. Utert bleau lykwols in bysûndere stêd yn de Republyk mei likernôch 40% fan de befolking dy't noch út katoliken bestie. Ek aadlike famyljes om utens en oare eliten hiene hûzen yn de stêd yn besit. Yn 1636 waard de Universiteit fan Utert stifte.

Yn it Rampjier (1672) foel de fersterke stêd ta de Frânsen. De Frânske ynfal waard tsjinholden justjes westlik fan Utert by de Hollânske Wetterliny. Op 1 augustus 1674 waard Utert troffen troch in swiere stoarm, mooglik in tornado. Dêrmei rekke it noch net foltôge middenskip fan de Dom fan Utert slim skeind en rekken de toer en de tsjerke faninoar skaat.

Yn 1713 waard de Frede fan Utert, oangeande de Spaanske Súksesjekriich, tekene. Sûnt 1723 waard Utert it sit fan de Aldkatolike Tsjerke fan de wrâld. Utert waard foar in koart skoftke de haadstêd fan it Keninkryk Hollân.

Ynwenners fiere op 7 maaie 1945 de befrijing fan Utert troch Kanadezen

Yn de iere njoggentjinde iuw wie de rôl fan Utert as fêstingstêd útspile. De fersterkings fan de Nije Hollânske Wetterliny waarden eastlik fan de stêd ferpleatst. De muorren en de wâlen om de stêd hinne waarden ôfbrutsen. Yn 1843 waard it spoar tusken Amsterdam en Utert iepene. Utert waard dêrnei stadichoan it mulpunt fan de Nederlânske spoarwegen. Doe't de Yndustrialisaasje yn Nederlân lang om let goed op gong kaam, woeks Utert al hiel fluch in ein bûten de âlde stedswâlen. Yn 1853 waard it Aartsbisdom Utert troch goedkarren fan de Nederlânske oerheid fannijs troch it Fatikaan oprjochte. Utert waard fannijs it sintrum fan de Roomsk-Katolike Tsjerke yn Nederlân. Fan de 1880-er jierren ôf waarden de wiken Oudwijk, Wittevrouwen en Vogelenbuurt yn it easten, wylst Lombok yn it westen fan de stêd ûntwikkele. Nije middenklassewiken, lykas Tuindorp en Oog in Al waarden yn de 1920-er en 1930-er jierren boud. Yn dy snuorje waarden ferskate hûzen en kantoarpannen yn Jugendstil-styl boud.

Yn maaie 1940 waard der eastlik fan Utert slim fochten by de Dútske ynfal yn Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich. Op 7 maaie 1945 lutsen Britske en Kanadeeske troepen de stêd yn nei de Dútske kapitulaasje op 5 maaie.

Nei de Twadde Wrâldkriich woeks de stêd fannijs fluch mei de bou fan de wiken Overvecht, Kanaleneiland, Hoograven en Lunetten. Om 2000 hinne waard westlik fan de stêd oan oare kant de Rykswei 2 de wyk Leidsche Rijn boud.

It gebiet om it Stasjon Utert-Sintraal hinne, en it stasjon sels, waarden, nei modernistyske ideeën yn de 1960-er jierren, yngeand feroare en boud yn brutalistyske styl. By dy ferbouwing waarden it winkelsintrum Hoog Catharijne en muzyksintrum Vredenburg boud en waard in part fan de stedsbûtengrêft omboud ta in ferdjippe stedsautowei de Catharijnebaan. Der ûntstie ferset en rebûlje tsjin de fernijing fan it sintrum foar't de lêste gebouwen foltôge waarden. Yn de iere 21e iuw waard it gebiet fannijs yngeand feroare. It nije muzyksintrum TivoliVredenburg waard iepene yn 2014, dêr't de oarspronklike Vredenburg en poppoadium Tivoli yn ien gebou ûnderbocht wurde. De Catharijnebaan waard fannijs ûnder wetter set.

Topografyske gemeentekaart fan Utert (2016)

Utert leit sintraal yn Nederlân en yn 'e provinsje Utert.

Ut it easten wei streamt de Krûme Ryn de stedsgrêften yn. Ut dy stedsgrêften streamt it wetter fierder nei it westen ta troch de Utertske Fecht en de Leienske Ryn. It grutste wetter dat hjoed-de-dei troch de stêd rint is it Amsterdam-Rynkanaal fan súdeast nei noardwest. In âlder kanaal is de Vaartse Rijn, dy't de stêd mei de rivier de Lek by Vreeswijk yn it suden ferbynt.

Westlik fan de stêd, oan oare kant it Amsterdam-Rynkanaal en de A2 leit de foarstêdlike útwreidingswyk Leidsche Rijn. Dy wyk is de grutste Vinex-lokaasje en nijbouprojekt fan Nederlân.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere gemeente Vleuten-De Meern is sûnt 1 jannewaris 2001 part fan de gemeente Utert. Ek waard doe in part fan de gemeente Nieuwegein, it poldergebiet Rijnenburg, oan de gemeente Utert taheakke. Nei de anneksaasje besleat de nij keazen gemeenterie de besteande yndieling fan de wenkearnen net te feroarjen. Sa bleaune De Meern, Vleuten, Haarzuilens en de kearn Utert gewoan as ûnderskate kearnen bestean. De grins tusken Utert en Vleuten en Utert en de Meern waard justjes ferlein oangeande de winske wykyndieling fan guon nijboubuerten.

De Utertske wiken mei harren nûmering

De gemeente Utert bestiet út tsien ûnderskate wiken. Foar de anneksaasje fan Vleuten-De Meern hie de stêd acht wiken. De wiken fan de gemeente Utert binne te ferlykjen mei stedsdielen yn oare stêden. De Utertske wiken binne ûnderferparte yn ûnderwiken en dy wer yn buerten. Eltse wyk hat in wykburo of in wyktsjinstsintrum.

Eltse wyk hat in riedskommisje foar de wyk, gearstald út gemeenteriedsleden as harren plakferfangers en eltse wyk hat ek in eigen wethâlder. Dêrnjonken bestiet der sûnt 2002 in wykrie dy't in advisearjende rôl hat en dy't bestiet út bewenners fan de oanbelangjende wyk. De Utertske wiken binne:

Kearn Ynwenners
1 jannewaris 2021[4]
Utert 308.965
Vleuten 27.810
De Meern 21.815
Haarzuilens 555

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Utert yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).[5]

Befolkingspiramide fan Utert yn 2022

De gemeente Utert hat in befolking fan likernôch 360.000 ynwenners (2022). Utert hat in reedlike jonge befolking, benammen yn de âldensgroep fan 20 oant 30 jier. Dat komt troch de oanwêzigens fan de Universiteit fan Utert. Der wenje likernôch 64.000 studinten yn de stêd. Likernôch 52% fan de befolking bestiet út froulju, wylst 48% fan de befolking út manlju bestiet. 52% fan de hûshâldings bestiet út ienpersoanshûshâldings. Sa'n 29% fan de befolking fan Utert binne boaske as wenje meiïnoar. Likernôch 3% fan de befolking is skaat.[6]

Fan 63% fan de Utertsken binne beide âlden fan Nederlânsk komôf. Likernôch 12% fan de befolking bestiet út minsken mei in bûtenlânsk komôf út Westerske lannen, wylst 24% fan de befolking op syn minst ien âlden dy't net fan westersk komôf is. Dêrfan komt 9% út Marokko, 4% út Turkije, 3% út Suriname en de Nederlânske Antillen en goed 8% út oare lannen. De wiken Kanaleneiland (83%) en Overvecht (60%) hawwe in heech persintaazje minsken mei in migraasje-eftergrûn. Lykas yn oare grutte stêden hat Utert te krijen mei sosiaal-ekonomyske problemen. Sa'n 38% fan de befolking hat in minimumlean of is ôfhinklik fan de sosjale bystân (17% fan alle hûshâldings). Wiken lykas Kanaleneiland, Overvecht en Hoograven besteane benammen út heechbou en binne bekend as wiken mei in hegere earmoede en kriminaliteit.[7]

Utert is sûnt de achtste iuw it religieuze sintrum fan it gebiet fan it hjoeddeistige Nederlân. Hjoed-de-dei it is it sit fan de aartsbiskop fan it Aartsbisdom Utert. De tsjerkeprovinsje beslacht it gânse Keninkryk fan de Nederlannen.

Utert is ek it sit fan de aartsbiskop fan de Ald-Katolike Tskerke en de lokaasje fan de kantoaren fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

De befolking fan Utert bestiet út: 61% net tsjerklik, 28% kristenen, 9,9% moslims en 0,8% hindoes.[8]

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de neikommende tabel stiet de befolkingsûntjouwing fan Utert te lêzen. De befolkingsifers fan foar de njoggentjinde iuw binne rûsd, en de sifers wurde fierder werom yn 'e tiid minder krekt. De sifers fan de njoggentjinde iuw komme fan folkstellingen, de nijere ynformaasje komt út it befolkingsregister.[9]

Jier Ynwenners
1200 3000
1300 5500
1400 13 000
1481 20 000
1525 30 000
1577 27 500
Jier Ynwenners
1600 30 000
1623 30 000
1650 31 000
1670 33 500
1700 30 000
1730 33 000
1748 25 000
1775 29 000
Jier Ynwenners
1800 33 000
1809 35 000
1815 33 663[10]
1822 35 000
1832 43 000
1850 47 000
1860 52 000
1870 57 000
1880 68 000
1890 81 000
Datum Ynwenners
1 jan 1900 102 086
1 jan 1910 119 006
1 jan 1920 138 334
1 jan 1930 153 208
1 jan 1940 165 029
1 jan. 1950 193 190
1 jan 1960 254 186
1970 279 000
1 jan 1980 236 208
1 jan 1990 230 676
Datum Ynwenners
1 jannewaris 2000 233 667
1 jan 2001 256 420
1 jan 2002 260 625
1 jan 2003 265 151
1 jan 2004 270 244
1 jan 2005 275 258
1 jan 2006 280 949
1 jan 2007 288 401
1 jan 2008 294 737
1 jan 2009 299 891
Datum Ynwenners
1 jannewaris 2010 307.124
1 jan 2011 311.405
1 jan 2012 316.277
1 jan 2013 321.989
1 jan 2014 328.577
1 jan 2015 334.139
1 jan 2016 338.949
1 jan 2017 343.134
1 jan 2018 348.065
1 jan 2019 352.795

De Agglomeraasje Utert foarmet mei Amersfoart it eastlike part fan de Noardwjuk fan de Rânestêd. Der bestiet net folle dúdlikens oer de krekte oantsjutting fan wat by de Agglomeraasje Utert heart. De lytsere agglomeraasje bestiet út oan ienwei troch bebouwing, dus plakken dy't tsjin de stêd Utert fêst woeksen binne. Dat binne Nieuwegein, Iselstein en Maarssen. Meiïnoar telle dy likernôch 420.000 ynwenners.
De agglomeraasje as stedsgewest yn rommere sin bestiet njonken dy plakken ek út de gemeenten De Bilt (allinnich de plakken De Bilt, Bilthoven en Groenekan), Seist, Bunnik, Houten, it plak Driebergen-Rijsenburg yn de gemeente Utertske Heuvelrêch en de stêd Fianen yn de gemeente Fiifhearelannen. Dy plakken foarmje de eardere plusregio Bestjoer Regio Utert (BRU). Meiïnoar telle dy goed 640.000 ynwenners.
Yn de grutste sin fan de agglomeraasje, kinne de fierder ôf lizzende plakke lykas Woerden, Breukelen, Doarn en Culemborg dêrby belutsen wurde, en dan telt de regio wol 730.000 ynwenners.

De Aldegrêft fan de Domtoer ôf sjoen

It stedsbyld fan Utert wurdt dominearre troch de Domtoer, mei 112 meter hichte de heechste tsjerketoer fan Nederlân. Der wurdt al foar in skoft oppenearre oft nij te bouwen wolkekliuwers yn en om it sintrum hinne heger boud wurde meie as de Domtoer. Der is lykwols al heechbou yn de stêd dy't al part fan de skyline fan Utert is. It twadde heechste gebou yn de stêd is de Rabobank-toer, dy't yn 2010 ree kaam en 105 meter heech is. Mei de twa antennes dêr op is de totale hichte 120 meter. Twa oare gebouwen waarden om it Stadion Galgenwaard hinne boud. Dy binne de kantoartuorren Galghenwert en Apollo Residence en dy binne respektyflik 85,5 en 64,5 meter heech.

It besjen wurdich is it âlde sintrum en de grêften dy't troch it sintrum rinne. De Oudegracht (Aldegrêft) is in bochtige grêft dy't de âlde rin fan de Alde Ryn folget. Om de grêft hinne steane pakhûzen mei kelders derûnder op wetterhichte. It âlde sintrum hat syn midsiuwske struktuer noch yntakt en de bûtengrêft om it sintrum hinne bestiet ek noch hieltyd. In part dêrfan waard yn de 1970-er jierren omboud ta in stedsautowei yn it ramt fan de fernijing om it stasjonsgebiet hinne. It waard yn 2020 fannijs wer ûnder wetter set doe't it stasjonsgebiet fannijs opkaltefatere waard.

Om't Utert in fêstingstêd wie, waard der oant de njoggentjinde iuw net bûten de stedsgrêften boud. Doe't de Yndustrialisaasje op gong kaam, waarden der manmachtich nije wiken as in ring om it âlde sintrum hinne boud. Yn 'e ein 19e, de 20e en 21e iuw waard der omraak boud yn de stêd.

Om't Utert it religieus sintrum yn de wide omfieming wie, waarden der ferskate tsjerken boud, dêr't in soad noch fan besteane. De wichtichste is de Dom en oare tsjerken binne de romaanske Pitertsjerke en Janstsjerke, de goatyske Jacobitsjerke en Nikolaitsjerke en de Buertsjerke, dêr't hjoed-dedei in museum foar automatysk spyljende ynstruminten yn hûsmannet. Ek binne der in stikmannich kleasters yn de stêd sa as bygelyks it Dútske Hûs, boud om 1350 hinne troch de Dútske Oarder.

Nijsgjirrich is it Rietveld-Schröder-hûs, fan 1924 dy't troch Gerrit Rietveld ûntwurpen waard nei foarbyld fan De Stijl-arsjitektuer.

Skyline fan Utert mei foaroan de Buertsjerke en dêr efter de Dom
Wegenet om Utert hinne

Utert leit sintraal yn Nederlân en foarmet it knooppunt fan auto- en spoarwegen.

Der rinne ferskate autosneldiken fan en nei Utert. De wichtichste binne:

Stikken fan de A2, A12, A27 en de N230 foarmje de Ring Utert, de ringwei om de stêd hinne.

Stasjon Utert-Sintraal nei de yngeande ferbouwing
Utertske flugge tramtsjinsten

It Stasjon Utert-Sintraal hat streekrjocht intercity-ferbinings mei alle (mid)grutte stêden yn Nederlân, wêrûnder Ljouwert. It stasjon is it grutste en drokste fan hiel Nederlân. It stasjon ûnderhâldt dei- en nachttsjinsten mei Amsterdam, Skiphol en Rotterdam. Ek de Intercity-Express docht Utert Sintraal oan.
Yn Utert binne de haadkantoaren fan de Nederlânske Spoarwegen en ProRail fêstige.

Stasjons yn Utert binne:

Oant 1939 wie der it Stasjon Utert-Maliebaan, mar dêr is it Nederlânsk Spoarweimuseum yn fêstige.

Lightrail en bus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utert beskikt oer in flugge tram, in lightrail-tsjinst sûnt 1983 Fan Utert-Sintraal nei Kanaleneiland, Lombok, Nieuwegein en Iselstein en wurdt fersoarge troch Qbuzz. Sûnt 2019 rydt der ek in flugge tram fan Utert-Sintraal nei de Uithof, dêr't it universiteitsdistrikt is.

It busstasjon by Utert-Sintraal is it grutste busstasjon fan Nederlân en is it mulpunt fan de bustsjinsten yn de stêd. De bustsjinst wurdt fersoarge troch Qbuzz. De stêd hat in wiidweidich bussenetwurk dêr't bussen om de tsien minuten ride. Der ride ek bussen om utens lykas nei Maarssen, Vleuten, De Meern en Kockengen.

De "Inktpot", it haadkantoar fan Qbuzz

De ekonomy fan Utert bestiet út in grut part út grutte ynstellings dy't harren haadkantoar of in fêstiging yn de stêd hawwe. Utert is it mulpunt fan it Nederlânsk spoar en dêrom hat de Nederlânske Spoarwegen, it bedriuw dy't de treintsjinsten fersoarget, syn haadkantoar dêre. ProRail, it bedriuw dy't ferantwurdlik is foar it bouwen en de ûnderhâld fan it spoar, hat syn haadkantoar yn de Inktpot, it grutste stiennen gebou fan Nederlân.

Fierder hawwe de Jierbeurs, de Rabobank, De Folksbank, DHL, Capgemini, ASR Nederlân, Aalberts en it Fakbûn FNV syn haadfêstigings dêr. Ek hawwe in tal ynstânsjes harren kantoar dêr lykas de Nederlânske Arbeidsynspeksje, de Ynspeksje foar it Underwiis, de Ynspeksje Sûnenssoarch en Jongerein, it Kolleezje foar it beoardieljen fan Genêsmiddels en de Nederlânske Soarchautoriteit. Fierders hawwe it Kolleezje foar de Rjochten fan de Minske, de Sintrale Rie fan Berop en it Iepenbier Ministearje harren sit yn de stêd.

Westlik fan it âlde sintrum is it Stasjon Utert-Sintraal mei it oanboude winkel- en kantoarekompleks Hoog Catharijne, dêr't sûnt syn bestean in soad rebûlje om wie. Der wie in soad ferset tsjin de arsjitektuer fan it kompleks. Dat late letter ta fertutearzjen en itjinge dêrnei in soad drugsbrûkers oanluts. Sûnt jier 2000 waard der in soad tiid en jild ynstutsen en ferbetterje it stee. Yn 2008 waard mei it opkaltefaterjen fan it gânse stasjonsgebiet úteinset. Sa waard de singel om de binnenstêd hinne folslein opholpen en waard it Vredenburg yngeand ferboud. In lytse nije haven waard op it Smakkelaarsveld oanlein dy't de singel mei de Leienske Ryn ferbynt.

Fierders binne der ferskate winkels yn it gânse sintrumgebiet en wurde der ferskate merken yn it sintrum holden.

It kampus fan de Universiteit fan Utert op de "Utrecht Science Centre"

Utert is in universtiteitstêd. De wichtichste is wol de Universiteit fan Utert, stifte yn 1636, mei wol goed 30.000 studinten, en is de grutste universiteit fan Nederlân. Part fan de universiteit is noch yn de âlde binnenstêd fêstige, wylst in grut part fêstige is op de Uithof, yn it easten fan de stêd.

De Hegeskoalle Utert, mei lokaasjes yn de stêd en de Uithof, hat likernôch 37.000 studinten.[11] De Hegeskoalle foar de Keunsten Utert hat sa'n 3.000 studinten. De lytsere Universiteit foar Humanistyk telt 400 studinten.

De TIAS School for Business and Society hat ek in fêstiging yn Utert. Fierders binne der ferskate skoallen foar basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis yn de stêd.

TivoliVredenburg
Le Guess Who by in optreden yn TivoliVredenburg
Restaurants yn de kelders oan de Aldegrêft
Rietveld-Schröderhûs

Utert hat in warber kultureel libben. De stêd is nei Amsterdam op kultureel mêd de warbersteyn Nederlân. Der binne in grut tal oan museums, teäters en muzykeveneminten.

Museums en iepenbiere keunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Museum foar it Winkelers-bedriuw
  • Sintraal Museum
  • BAK, basis foar aktuele keunst
  • Sintrum Byldzjende Keunst Utert
  • Museum Catharijneconvent
  • Museum Speelklok
  • It Nederlânsk Spoarweimuseum
  • Sterrenwacht Sonnenborgh
  • Universiteitsmuseum
  • Nijntje-museum
  • Nederlânsk Folksbuertmuseum
  • Museum Hoge Woerd
  • Museum van Zuilen

Muzyk en teäter

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • TivoliVredenburg is in muzykgebou oan de Vredenburgkade. It gebou befettet in soad sealen en is boud op it plak fan it eardere Muzyksintrum Vredenburg (1978); fan dat gebou is de Symfonysaal bewarre bleaun.
  • Polityk kultureel sintrum ACU
  • Poppoadium EKKO oan de Bemuurde Weerd
  • Poppodium Tivoli oan de Helling
  • Stedskouwburch
  • Theater De Paardenkathedraal yn de stâlen fan de eardere Ryks Bistedokterskoalle.
  • Theater Kikker
  • Mirliton Theater yn Hoog Catharijne

Utert is in studintestêd en hat dêrom in warber útgeanslibben. Der is in soad hoareka fêstige oan de Neude. De ferneamde Winkel van Sinkel hat in grand-kafee, in nachtrestaurant en Stairway to Heaven dy't troch sjonger Henk Westbroek omboud waard ta rockkafee.

Der binne ferskate typyske studintekafees, benammen oan de Oudegracht en Janskerkhof, dêr't ek diskoteek Woolloomooloo fêstige is. Oare dûnsklubs yn de stêd binne BASIS, Poema en TivoliVredenburg.

In soad restaurants binne fêstige oan de Oudegracht yn de dêr skaaimerkjende kelders.

Guon homokafees steane oan de Oudegracht.

De prostitúsje yn Utert bestiet út raamprostitúsje yn de Hardebollenstraat en op wenboaten by it Zandpad del, dochs waard yn 2013 troch de gemeente sletten.

Sûnt 1981 fynt elts jier yn septimber en/of oktober yn Utert it Nederlânsk Filmfestival plak, foarhinne bekend as de Nederlanske Filmdagen.

Oare festivals en eveneminten binne ûnder oaren: Springdance yn april, Festival aan de Werf yn maaie, Midzomergracht yn juny, Festival Oude Muziek yn augustus, Le Guess Who muzykfestival yn ein novimber, Fekânsjebeurs yn de Jierbeurs en noch folle mear.

Fuotbalklub FC Utert spilet yn de Earedifyzje en hat syn thús yn Stadion Galgenwaard dy't in kapasiteit fan 23.750 taskôgers hat. Fierders binne der mear sportferienings yn de stêd, lykas Kampong dy't in softbalklup is.

Yn 2013 waard it Jeropeesk Olymysk Jongerefestival holden, dêr't 2.000 jonge atleten yn njoggen beskate olympyske sporten oan meidiene. Yn july 2015 wie Utert it startplak foar de Omgong fan Frankryk.

Yn Utert wurdt it Stêd-Utertsk, in fariant fan it Utertsk-Alblasserwaardsk dat in Nederlânsk dialekt is.

De Utertske gemeenterie hat 45 sitten. Boargemaster is sûnt 2020 Sharon Dijksma.

Gemeenteriedsitten
Partij 1962 1966 1970 1974 1978 1982 1986 1990 1994 1998 2000 [12] 2006 2010 2014 2018 2022
GrienLinks 3 3 2 5 5 6 5 8 9 9 8 8 10 9 12 9
D66 - - 4 1 3 2 2 8 9 3 1 3 9 13 10 8
VVD 4 5 6 9 6 10 7 5 6 6 5 5 7 5 6 5
PvdA 18 13 16 17 16 15 19 12 9 9 7 14 9 5 3 4
CDA 20 20 17 13 15 12 10 10 6 4 4 4 4 3 2 3
Partij foar de Dieren - - - - - - - - - - - - - 1 2 3
Volt - - - - - - - - - - - - - - - 3
Student & Starter - - - - - - - - - - - - - 1 2 2
KristenUny - - - - - - - - - 1 1 2 1 2 2 2
DENK - - - - - - - - - - - - - - 2 1
BIJ1 - - - - - - - - - - - - - - - 1
EenUtrecht - - - - - - - - - - - - - - - 1
SP - - - - - - 1 1 2 3 3 5 3 4 2 1
PVV - - - - - - - - - - - - - - 1 1
Stedsbelang Utert - - - - - - - - - - - - - 2 1 1
Stadspartij Leefbaar Utrecht - - - - - - - - - 9 14 3 1 - - -
Trots op Nederland - - - - - - - - - - - - 1 - - -
Burger en Gemeenschap - - - - - - - - - - 2 1 - - - -
CP(86)/CD/Nederlânsk Blok - - - - - - - 1 4 1 - - - - - -
Oaren - 4 - - - - 2 - - - - - - - - -
Totaal 45 45 45 45 45 45 45 45 45 45 45 45 45 45 45 45

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 2212.
  2. Nicoline van der Sijs (2001), Chronologisch woordenboek. De ouderdom en herkomst van onze woorden en betekenissen, side 100, Uitjouwerij L.J. Veen, Amsterdam/Antwerpen, ISBN 90-204-2045-3
  3. John Hines, Nelleke IJssennagger-van der Pluijm Frisians of the Early Middle Ages Boydell & Brewer Ltd Woodbridge, Feriene Keninkryk
  4. Sintraal Buro foar de Statistyk 2021
  5. Aktuele wrâldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen, sjoen op 14 jannewaris 2013.
  6. Gemeente Utert:Utrechts onderzoek en cijfers Wayback Machine oproppen op 15 oktober 2010
  7. Gemeente Utert:Utrechts onderzoek en cijfers Wayback Machine oproppen op 15 oktober 2010
  8. CBS: Kerkelijkheid en kerkbezoek
  9. De sifers foar 1623, útsein 1525 en 1600, komme út it Jaarboek Oud-Utrecht, 1995, siden 53-85; de sifers fan 1525, 1600, 1650 oant 1890 en 1970 komme út Een paradijs vol weelde, geschiedenis van de stad Utrecht, 2000, siden 249; de sifers fan 1900 oant 1960 komme út 2000 jaar Utrecht, Utrecht/Antwerpen, 1969, side 215; it befolkingstal fan 1980 komt út it Jaarboek Oud-Utrecht, 1981; de sifers nei 1980 komme fan it CBS
  10. Werkgroep kadastrale atlas provincie Utrecht (2000) Kadastrale Atlas provincie Utrecht 6. Utrecht in 1832. Grondgebruik en eigendom. Laren: Printerij Van Wijland B.V.
  11. Jaarverslag HU: Kengetallen Argyf Wayback Machine oproppen 7 augustus 2012
  12. Ferkiezingsútslaggen, It Utertsk Argyf. Omreden gemeentlike weryndieling wiene der eardere ferkiezings
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje
Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Flagge fan de provinsje Utert
Aldewetter - Amersfoart - Baarn - De Bilt - Bunnik - Bunschoten - Eemnes - Fiifhearelannen - Houten - Iselstein - Leusden - Lopik - Montfoort - Nieuwegein - Renswoude - Rhenen - De Rûne Feanen - Seist - Soest - Stichtske Fecht - Utert (haadstêd) - Utertske Heuvelrêch - Veenendaal - Wyk by Duerstede - Woudenberg - Woerden
· · Berjocht bewurkje