Fryske Akademy
De Fryske Akademy is in ynstitút dat wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij. De Fryske Akademy waard oprjochte yn it jier 1938 en fêstige him yn it Coulonhûs yn Ljouwert. De Fryske Akademy is ien fan de ûndersyksynstituten fan de Keninklike Nederlânske Akademy foar Wittenskippen en hat tige bydroegen oan de Fryske stavering en it meitsjen fan Fryske wurdboeken.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske Akademy is in stifting en hat op grûn fan it karbrief fan 20 juny 2005 in Rie fan Tafersjoch. De Rie bestiet út fiif minsken en hâldt tafersjoch op it fierde belied. De deistige lieding fan de Fryske Akademy is yn hannen fan de direkteur-bestjoerder. Op it stuit (2021) is dat dr. Nelleke IJssennagger-van der Pluijm. De direkteur-bestjoerder wurdt stipe troch in managementteam. Underdiel fan de Fryske Akademy is it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen. By de Fryske Akademy en Mercator wurkje meiïnoar sa'n 60 minsken. Yn de wurkferbannen fan de Fryske Akademy binne yn totaal sa'n 300 minsken aktyf.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 pleite Geert Aeilco Wumkes yn in rede foar it Frysk Genoatskip foar in Akademy fan Wittenskip. It idee waard letter oppakt troch de ûnderwiisrie, dêr't Titus Brandsma yn in gearkomste fan 27 april 1931 de kontouren fan de Akademy tekene. Twa jier letter spriek de ûnderwiisrie him formeel út foar in Akademy, mei de ferklearring der by dat de tiid der noch net ryp foar wie. Nei in lang proses waard de Akademy yn 1938 mei stipe fan it provinsjaal bestjoer oprjochte.[1] Johannes Kapteyn (heechlearaar Aldfrysk) wie in oare driuwende krêft en mei-oprjochter fan de Akademy. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (foarhinne Mercator Education) is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en waard yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Europeeske Kommisje.[2]
De Fryske taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de oprjochting fan de Fryske Akademy yn 1938 is it ynstitút beheel yn it fêstlizzen fan de Fryske stavering. Yn 1945 makke de Fryske Akademy de Akademystavering en yn 1980 kaam dêr de hjoeddeistige Steatestavering foar yn 't plak. It foech om in offisjele Fryske stavering fêst te stellen leit lykwols net by de Fryske Akademy, mar sûnt 1969 by Provinsjale Steaten.[3] Deputearre Steaten hat it foech oer it fêststellen fan de skriuwwize fan frjemde wurden. Foar sawol de stavering as foar de regels foar it skriuwen fan frjemde wurden is de Fryske Akademy it fêste ynstitút dat troch de provinsje frege wurdt.
De Fryske Akademy skriuwt ek Fryske wurdboeken en jout dy sels út. Bekende útjeften binne it Wurdboek fan de Fryske Taal en it Frysk Hânwurdboek.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johan Frieswijk (2000) “De oprjochting fan ‘e Fryske Akademy (1938)” in It Beaken 62, 245-265.
- H.H. Munske et al. (red.), Handbuch des Friesischen. Handbook of Frisian Studies. Max Niemeyer Verlag, Tübingen 2001.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|