Aldfrysk
Aldfrysk | ||
algemien | ||
taalgebiet | Noardseekust fan Noardwest- Jeropa | |
skrift | runen, Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Aldfrysk | |
skaaimerken | ||
tiidrek | ±7e iuw – 1550 (oerlevere 1150-1550) | |
ûntstien út | Noardwestgermaansk (Proto-Frysk) | |
ûntjûn ta | ● Midfrysk ● Mideastfrysk ● Midnoardfrysk | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | ofs |
It Aldfrysk wie de Westgermaanske taal dy't yn 'e Midsiuwen oan 'e Noardseekust fan Noardwest-Jeropa sprutsen waard troch de Friezen. It wie dêrmei de foarrinder fan 'e moderne Fryske talen. It Aldfrysk ûntjoech him rûchwei om 'e sânde iuw hinne út it Proto-Fryske dialekt fan it Noardwestgermaansk. It wie in behâldende taal, dy't pas tsjin 1550 sadanich feroare wie, dat fan Midfrysk sprutsen wurde kin. Om't de ierste Aldfryske tekst út 'e tolfde iuw datearret, wurdt it Aldfryske tiidrek ek wol omskreaun as duorjend fan 1150 oant 1550. Dizze taal is benammen oerlevere yn 'e foarm fan oarkunden en wetsteksten. Wol besteane der âldere ynskripsjes dy't skreaun binne yn Anglofryske runen, mar dy binne mar minmachtich, en boppedat faak foar mearderlei útlis fetber.
Taalgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Frysk waard yn 'e Midsiuwen yn in folle grutter gebiet sprutsen as dat hjoed de dei it gefal is. Doedestiden koe ta it Fryske taalgebiet hast it hiele kustgebiet fan Siuwsk-Flaanderen oant it lân Woersten oare kant de Wezermûning rekkene wurde, mei dêropta de Waadeilannen fan West-Fryslân oant en mei Wangereach, it isolearre eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, de kust fan Noard-Fryslân, it skiereilân Eiderstedt ynbegrepen, en alle Noardfryske Eilannen.[1] Oan 'e begjin fan 'e Aldfryske perioade sil it Frysk nei alle gedachten ek bûten dat gebiet yn gebrûk west hawwe as in hannelstaal en mooglik as lingua franca.
Geandewei it Aldfryske tiidrek waard it Fryske taalgebiet lykwols stadichoan lytser. Tsjin 'e ein fan dy perioade waard it Frysk bewesten it Fly inkeld noch sprutsen op Teksel, yn Noard-Hollân boppe it IJ (mar net yn Kennemerlân), yn Súd-Hollân yn 'e omkriten fan De Kaach, en yn Seelân yn Sieriksee en omkriten. Fierders hearden doe ek Fryslân en Noard-Fryslân noch altyd ta it Fryske taalgebiet, mar wie dat yn 'e Grinzer Ommelannen en East-Fryslân al flink begûn ôf te broazeljen. Tsjin 1600 wie de tsjintwurdige provinsje Grinslân alhiel ûntfryske rekke, wylst yn East-Fryslân inkeld noch it noardlike Harlingerlân, de measte Waadeilannen, it lân Woersten en it Sealterlân oan it Frysk fêstholden. Underwilens hiene har doe ek it Eastfrysk en it Noardfrysk losmakke fan it Westerlauwersk Frysk en wiene dy beide talen begûn oan in eigen ûntwikkeling.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryske psalmoersetting út 'e ein fan 'e tolfde iuw, mar yn 2015 waard yn in fierders Latynsktalich manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurden Lesa mi, helpe mi ("Ferlos my, help my"), dy't datearret út 'e perioade 1100-1125.[2] Alle oare oerlevere teksten, benammentlik rjochtshânskriften, binne fan 'e trettjinde iuw of letter. De measten datearje út 'e fjirtjinde en fyftjinde iuw, want tusken 1300 en 1500 belibbe it Frysk as skriuwtaal in grutte bloeitiid. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn Fryslân, en wie sa wichtich dat al om 1485 hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de saneamde Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de boekdrukkeunst amper 35 jier earder útfûn wie.
Om 1500 hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e ferovering fan Westerlauwersk Fryslân troch Albrecht fan Saksen, dy't de rjochten oer dat gebiet yn 1498 yn 'e hannen krigen hie. Dy loek neitiid in grut tal útlânske amtners oan en ferfong it Frysk as bestjoerstaal troch it Hollânsk. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan sawat de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om 1550 hinne lein wurdt, falt gear mei dy tebekfal fan skriuw- ta sprektaal. Dêrnei sprekt men fan Midfrysk, in taalfoarm dy't pas om 1820 hinne stadichoan yn it moderne Nijfrysk oergean soe. Taalkundich sjoen is it grutste ferskil tusken it Aldfrysk en it Midfrysk it feit dat it Aldfrysk noch in namfallesysteem hie, wylst dat by de oergong nei it Midfrysk weiwurden of alteast yn ûnbrûk rekke wie.
Farianten fan it Aldfrysk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Aldfrysk kin in ferskil makke wurde tusken iere en lette foarmen. Om 1400 hinne is der datoangeande in stadige feroaring te fernimmen yn 'e skriftlike boarnen. Dat ferskil is sa grut dat de taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot fan betinken binne dat al it skreaune Frysk fan nei it jier 1450 eins ta it Midfrysk rekkene wurde moatte soe.[3]
Ferlykje yn 'e tabel hjirûnder de iere en lette Aldfryske foarmen mei-inoar:
wurd | ier Aldfrysk (1300) | let Aldfrysk (1450) |
---|---|---|
wêze | wesa | wessa |
dat | thet | dat |
hja | hia | hyae |
wurd | word | wird |
wat | hwat | haet |
foar | for | for |
wie | was | wies |
Ferliking mei oare Westgermaanske talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it algemien komt it Aldfrysk sterk oerien mei it Aldingelsk (of Angelsaksysk). Sa dielt it bygelyks yn 'e palatalisaasje fan felêre konsonanten, dy't krektlyk yn it Aldingelsk foarkomt. Dus wylst de Súdwestgermaanske talen Aldsaksysk en Aldnederlânsk it felêre bylûd oan 'e ein fan dag beholden, krige it Aldfrysk dêrfoar dei, en it Aldingelsk dæġ (útspr.: [dæj]). Assibilaasje is in oar ingveonisme, in taalkundige fernijing dy't wol yn 'e Noardwestgermaanske talen foarkamen, mar net yn 'e Heechdútske talen, en mar sporadysk yn 'e Nederfrankyske talen. Dêrtroch waard de begjinklank fan "tsjerke" yn it Aldfrysk tziurke en yn it Aldingelsk ċiriċe (útspr. [ʧiriʧe]), wylst it yn it Aldsaksysk en it Aldnederlânsk (dat beide Nederfrankyske talen binne) kirika bleau. Fierders behold it Aldfrysk fan alle kontinintale Westgermaanske talen it langst de stimhawwende th (fan it Ingelske this) en stimleaze th (fan it Ingelske thin), oant de trettjinde of mooglik de fjirtjinde iuw ta, wylst dy klank doe yn it Aldsaksysk en it Aldnederlânsk al lang ferskood wie ta in [d], in feroaring dy't al yn 'e njoggende iuw yn it Aldheechdútsk úteinset wie.
Yn 'e tabel hjirûnder wurde ferskillende Aldfryske wurden mei oersettings fan oare Westgermaanske talen ferlike:[4]
wurd | Aldfrysk | Aldingelsk | Aldsaksysk | Aldheechdútsk |
---|---|---|---|---|
fet | fet | fæt | fat | faz |
man | mon | mann | mon man |
man |
moanne | monath | monaþ | monath manuth |
manod |
rêd | red | ræd | red rad |
rat |
oar | othar | oðer | oðar | andar |
fiif | fif | fif | fif | fimf |
ús | us | ús | us | uns |
tsjerke | tziurke | ċiriċe | kirika | kirihha |
lizze | ledza | leċġan | leggian | legen |
hynder hoars |
hors | hors | hors hros |
hros |
Oerlevere teksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutste part fan 'e geskriften dy't yn it Aldfrysk bewarre bleaun binne, binne rjochtsteksten. Dy binne benammen oerlevere yn sechtsjin kodeksen en ien printe boek.[5] De teksten wurde almeast yndield op grûn fan geografysk komôf:
- tusken Lauwers en Wezer:
- tusken Lauwers en Fly:
- Kodeks Unia (U)
- Jus Municipale Frisonum (J)
- Kodeks Aysma (A)
- Kodeks Roarda (Ro)
- Kodeks Parisiensis (P)
- Kodeks Furmerius (Fs)
- Freeska Landriucht (Alde Druk) (D)
Priuwke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut it Fivelgoaër Rjocht: | |
---|---|
Aldfrysk | moderne oersetting |
1. Hueth is riucht? List ende kenst riuchtis ande godis. 'Riuchtes', thet queth rethelika thinga ande riuchtelika thinga, alsa bithiut hit thi paws. 2. Hwet queth thet wird 'godis'? Nethelikera thinga and erlikera thinga, sprecht thi kaiser. 3. Hv monich riucht ister? Twa, en godelic ende en manslic; thet erste is thi onbern, thet other scoltu lernia; thet en hath naturalis, thet other ciuilis. |
1. Wat is rjocht? Wittenskip en kennis fan it rjocht en it goede. 'Fan it rjocht', dat betsjut ferstannige dingen en rjochterlike dingen, alsa tsjut de paus it. 2. Wat betsjut it wurd 'fan it goede'? Nuttige dingen en earlike dingen, sprekt de keizer. 3. Hoemannich rjocht is der? Twa, in godlik en in minsklik; dat earste is dy oanberne, it oar silsto leare; it ien hjit naturalis, it oar civilis. |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - Aldfrysk
- It Aldfrysk rjocht yn de kanon fan de Fryske skiednis
- In tal Aldfryske teksten op Wikiboarne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
referinsjes:
boarnen: Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |