Springe nei ynhâld

Nederfrankyske talen

Ut Wikipedy
Nederfrankyske talen
algemien
lokaasje Noardwest-Jeropa, Súdlik Afrika,
Suriname, de Nederlânske Antillen
tal talen 3 (offisjeel erkend)
tal sprekkers ±32 miljoen (2006)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
subgroepen Afrikaansk
Limburchsk
Nederlânsk

De Nederfrankyske talen foarmje in tûke fan 'e lytse taalkloft fan 'e Nederfrankysk-Nedersaksyske talen, dy't wer ûnderdiel útmakket fan 'e gruttere Westgermaanske taalgroep. De Nederfrankyske talen binne ûntstien út it Aldnederfrankysk, dat him yn 'e sânde iuw sels ûntjûn hie út 'e noardlike dialekten fan it Aldfrankysk, de taal fan 'e Franken. Dizze talen binne frij nau besibbe oan 'e Nedersaksyske talen en yn mindere mjitte ek oan 'e Heechdútske talen.

It Nederfrankyske taalgebiet yn Noardwest-Jeropa.

Ta de Nederfrankyske talen hearre trije (erkende) talen: it Nederlânsk, it Afrikaansk en it Limboarchsk. Ta it Nederlânske taalgebiet hearre westlik, sintraal en súdwestlik Nederlân; it Belgyske gewest Flaanderen, útsein Belgysk Limboarch en in diel fan Flaamsk-Brabân; de krite Frânsk-Flaanderen, yn it uterste noarden fan Frankryk; en de ûnderrin fan 'e rivier de Ryn, yn westlik Dútslân (mei de dialekten Súdnederfrankysk, Kleverlânsk en Eastbergysk. Ek yn Suriname en op 'e Nederlânske Antillen, yn it Karibysk Gebiet, wurdt wol Nederlânsk sprutsen. Yn Fryslân hearre de gebieten dêr't Hollânsk-Fryske mingdialekten sprutsen wurde, ta it Nederlânsk taalgebiet: it Bilt, it Amelân, Midslân en de Stedfryske plakken. Hoewol't yn Nederlân it Nederlânsk terrein wint yn it neidiel fan minderheidstalen as it Frysk en it Nedersaksysk, ferliest it tagelyk terrein yn Dútslân en Frankryk, dêr't it sels de minderheidstaal is.

It Afrikaansk, dat út it Nederlânsk fuortkommen is, wurdt sprutsen troch in minderheid fan 'e befolking yn Súd-Afrika en Namybje, en yn mindere mjitte yn oangrinzgjende lannen as Botswana, Simbabwe en Sambia. It Limboarchsk, genietet allinnich yn Nederlân erkenning as taal; yn Belgje, dêr't it ek sprutsen wurdt, beskôget it regear it as in Nederlânsk dialekt. Ek it Súdnederfrankysk, yn Dútslân, kin ta it Limboarchsk rekkene wurde. Ferskate oare taalfoarmen út 'e Nederfrankyske groep krewearje om as taal erkend te wurden, mei dêrûnder it Siuwsk-Westflaamsk en it Biltsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.