Nederlânske Antillen

Ut Wikipedy
Nederlandse Antillen
Flagge fan Nederlânske Antillen Wapen fan Nederlânske Antillen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Nederlânske Antillen
Offisjele taal Nederlânsk, Ingelsk, Papiamintsk
Haadstêd Willemstad
Steatsfoarm lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen
Gebiet
% wetter
980 km²
-­%
Ynwenners (2009) 283.935
Munt Antiljaanske gûne (ANG)
Tiidsône UTC -4
Lânkoade AN
Ynternet .an
Tillefoan 599

De Nederlânske Antillen (Papiamintsk: Antias Hulandes) wienen oant 9 oktober 2010 in lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen, besteande út fiif eilannen yn de Karibyske See dy't by twa eilannegroepen fan de Lytse Antillen hearre. De totale lânoerflakte wie 800 km², mei in ynwennertal fan 225.369 (2008). De befolkingstichtens lei dêrmei op 281,7/km² (2008). De haadstêd en tagelyk fierwei de grutste stêd fan de Nederlânske Antillen wiei Willemstêd op it eilân Kurasau.

De Nederlânske Antillen, as oantsjutting fan alle Westyndyske eilannen fan it Keninkryk wurde al noch beskôge as ien fan de sibskipslannen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eilannen waarden oan de ein fan de 15e iuw troch Alonso de Ojeda ûntdekt en yn 1634 troch de West-Yndyske Kompanjy op de Spanjerts ferovere. Yn de rin fan de tiid wienen de eilannen in pear kear yn hannen fan oare Europeeske mogendheden en hienen se –yn wikseljende gearstallings– ferskate bestjoersfoarmen. Oan dizze koloniale status kaam in ein doe't op 15 desimber 1954 nei acht jier ûnderhanneljen it Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen troch Nederlân, Suriname en de Nederlânske Antillen ûndertekene waard. Op dat stuit bestienen de Nederlânske Antillen ut Arûba, Bonêre, Kurasau, Saba, Sint-Eustasius en in part fan it eilân Sint-Marten.

Op 1 jannewaris 1986 krige Arûba in status apart. Dat hold yn dat Arûba de status fan lân binnen it Keninkryk krige. Tagelyk waard ôfpraat dat Arûba op 1 jannewaris 1996 ûnôfhinklik wurde soe. Yn 1994 waard op fersyk fan Arûba it foarútsjoch op ûnôfhinklikheid foar Arûba skrast.

Op 2 novimber 2006 waard tusken Nederlân, Kurasau en Sint-Marten in akkoard sluten, op grûn wêrfan dizze beide eilannen in status apart binnen it Keninkryk krigen soenen, lykas dy fan Arûba. Earder wienen al ôfspraken makke dêr't Saba, Sint-Eustasius en Bonêre de status fan iepenbier lichem by krigen, en dan ferlykber mei dy fan in Nederlânske gemeente. Nederlânske wetjouwing sil dêr ûnder kondysjes yn it plak komme fan de Antiljaanske. De ynwenners meie stimme foar de Twadde Keamer en it Jeropeesk Parlemint. Kurasau en Sint-Marten hâlde har eigen wetjouwing. Der kaam in Mienskiplik Hof fan Justysje foar Nederlân, Kurasau en Sint-Marten. Nederlân naam de skulden fan de Antillen (4 miljard gûne) oer. Yn ruil dêrfoar meie de eilannen gjin lienings mear ôfslute. De Nederlânske Antillen soenen as lân binnen it Keninkryk op 15 desimber 2008 ûntbûn wurde. Dat is lykwols net slagge. De beslissing waard nommen op it polityk oerlis fan 30 septimber 2009, dat op Kurasau fiere waard tusken steatssekretaris Ank Bijleveld fan Kenkrykrelaasjes en de ferantwurdlike politisy fan de Nederlânske Antillen en de ôfsûnderlike eilannen. Doe waard besletten dat de Nederlânske Antillen as lân op 10 oktober 2010 opheft wurde soenen. Op dy datum waarden Kurasau en Sint-Marten selsstannige lannen binnen it Keninkryk. Bonêre, Sint-Eustasius en Saba waarden bysûndere gemeenten fan Nederlân.

Gebieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânske Antillen

De Nederlânske Antillen bestienen út fiif eilângebieten:

Arûba, Bonêre en Kurasau hearre ta de Underwynske Eilannen en lizze foar de kust fan Fenezuela (Súd-Amearika). De oare trije eilannen hearre ta Boppewynske Eilannen en lizze east fan Porto Riko.

It gebiet fan it Keninkryk op Sint-Marten is allinnich de súdlike helte fan it eilân Sint-Marten. De noardlike helte heart ta it Frânske oerseeske departemint Gwadelûp.

Ta de Nederlânske Antillen hearden ek in stikmannich lytsere eilannen, wêrûnder:

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kurasau wie it grutste en befolkingsrykste eilân fan de Nederlânske Antillen. Bonêre wie it twad-grutste en tinst befolke eilân. Karakteristyk foar Sint-Marten is it hege oantal bûtenlanners (ynwenners mei in oare as de Nederlânske nasjonaliteit): 49% fan de befolking komt earne oars wei. Op alle eilannen wurkje in soad arbeiders út de regio: op de Boppewynske eilannen komme se meastentiids fan Haïty, de Dominikaanske Republyk en Porto Riko, op de Underwynske eilannen komme se benammen út Fenezuela.

Algemiene statistiken per eilân (CBS Ned. Antillen, 2004)
Gebiet Oerflakte Ynwennertal Bef.tichtheid
Arûba 180 103.065 573
Bonêre 288 10.185 35
Kurasau 444 133.644 301
Saba 13 1.424 88
Sint-Eustasius 21 2.498 119
Sint-Marten 34 33.119 974
Totaal 800 180.870 303

Talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele talen fan de Nederlânske Antillen wienen sûnt 2007 Nederlânsk, Ingelsk en Papiamintsk. Papiamintsk is de folkstaal op de Underwynske eilannen. It is in kreoaltaal basearre op Portegeesk of Spaansk, mei in soad Nederlânske en ek Ingelske en Frânske ynfloeden. Op de Boppewynske eilanden is Ingelsk de folkstaal. De skoallen wienen altyd Nederlânsktalich, mar yn de lêste jierren fan it lân wie besluten om op de basisskoallen it Papiamintsk en Ingelsk as ûnderwiistaal yn te fieren. De middelbere skoallen bleaunen Nederlânsktalich, omdat men gebrûk makket fan itselde Sintraal Skriftlik Eineksamen as yn Nederlân en omdat in soad skoalbern nei de middelbere skoalle heger ûnderwiis yn Nederlân folgje.

De Antiljaanske literatuer is benammen skreaun yn it Nederlânsk en Papiamintsk, foar in lyts part ek yn it Ingelsk en Spaansk.

Meast sprutsen thústaal yn persinten fan de befolking, Folkstelling 2001
Gebiet Papiamintsk Ingelsk Nederlânsk Spaansk Oars
Arûba 69 8 6 13 3
Bonêre 75 3 9 12 2
Kurasau 81 3 8 6 2
Saba 1 88 2 5 4
Sint-Eustasius 2 83 4 6 6
Sint-Marten 2 68 4 13 13
Trochstrings 65 16 7 6 5

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske Antillen binne fierwei meast roomsk-katolyk. Dêrneist binne der op de Boppewynske eilannen grutte protestantske mienskippen (pinkstergemeenten, metoadisten, baptisten, sândedeisadvintisten en anglikanen). Op Kurasau en Sint-Marten bestiet dêrneist fan âlds in frij grutte Joadske mienskip. Ek bestiet der op Kurasau en Sint-Marten in moslimmienskip.

Steatsynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske Antillen hienen twa bestjoerslagen, it lânsregear en de (fiif) eilânbestjoeren. It lânsregear fan de Antillen siet yn Willemstêd op Kurasau.

Gûverneur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gûverneur hat in dûbele funksje: haad fan it regear as fertsjintwurdiger fan in keningshûs yn de Keninkryksgebieten. Hy is net ferantwurdlik foar de besluten en dieden fan it regear.

De gûverneur stie noed foar it algemien belang fan it Keninkryk en seach der op ta dat troch wetjouwings- en bestjoersorganen yn de Nederlânske Antillen gjin beslissings nomd waarden dy't de ienheid fan it Keninkryk skea dwaan koenen of dy't stridich binne mei de bepalingen fan it Keninkryksstatút of mei in ynternasjonale regeling. De útfierende macht lei by de gûverneur yn gearwurking mei de Ried fan Ministers.

De gûverneur waard dêryn bystien troch in Ried fan Advys, dy't út minstens fiif troch de gûverneur sels beneamde leden bestie, dy't oer alle ûntwerpen fan lânsferoarderingen, rykswetten, lânsbesluten oer algemiene maatregels en soksoartige, advys útbringt. De gûverneur is foarsitter fan dy ried, mar oefent dizze funksje allinnich út by bysûndere gelegenheden. In ûnderfoarsitter, beneamd út de leden fan de ried, hat de lieding fan de gewoane gearkomsten.

Regear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kening wie haad fan it regear fan de Nederlânske Antillen; de kening waard as sadanich fertsjintwurdige troch de gûverneur. De Ministers wienenb ferantwurdlik oan de Staten.

It regear fan de Nederlânske Antillen waard foarme troch de gûverneur (yn fertsjintwurdiging fan de kening) en de Ried fan Ministers. De Kening beneamde de gûverneur by Keninklik Beslút en dy beneamde op syn beurt de ministers.

Tradisjoneel levere elk eilân fan de Nederlânske Antillen ministers foar it sintrale regear. De ministerried wie ferantwurding skuldich oan de folksfertsjintwurdiging, de Steaten fan de Nederlânske Antillen (te fergelykjen mei de Twadde Keamer yn Nederlân).

De Steaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Nederlânske Antillen gou dat de Steaten de befolking fertsjintwurdigen. Se waarden by algemiene ferkiezings foar fjouwer jier keazen. De folksfertsjintwurdiging fan de Nederlânske Antillen bestie út 22 leden (Kurasau 14, Bonêre 3, Sint-Marten 3 en Saba en Sint-Eustasius elk 1). Tegearre mei de gûverneur foarmen hja de wetjaande macht. De folksfertsjintwurdiging hie it rjocht fan amendemint, fan enkête en fan ynterpellaasje. Hja hienen ek it rjocht fan inisjatyf. De lânsbegrutting moast troch harren goedkard wurde.

Eilângebieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elk eilângebiet hie in eigen bestjoer dat bestiet út de eilânsried, it bestjoerskolleezje en de bewâldhawwer. De eilânsrieden fan Kurasau (21 leden), Bonêre (9 leden), Sint-Marten (11 leden), Saba (5 leden) en Sint-Eustasius (5 leden) fertsjintwurdigen de befolking fan it eilângebiet. De leden waarden foar fjouwer jier keazen. It bestjoerskolleezje en de bewâldhawwer wienen ferlykber mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn in Nederlânske gemeente. It bestjoerskolleezje foarme it deistich bestjoer fan it eilângebiet en fierde de besluten fan de Eilânsried út.

Status binnen de Europeeske Uny[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnen de Jeropeeske Uny hienen de Nederlânske Antillen de status fan lannen en gebieten oersee (LGO).

Yn 2010 binne Bonêre, Saba en Sint-Eustasius Nederlânske gemeenten gelyk wurden. Kurasau en Sint-Marten binne krekt as Arûba autonome lannen binnen it Keninkryk fan de Nederlannen wurden. De Nederlânske Antillen binne dêrmei ophâlden te bestean.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan de Nederlânske Antillen stipe op trije pylders: it toerisme, de ierdoalje en de (finansjele) tsjinstferliening. De ynfloed en de groei fan eltse sektor ferskilt sterk fan eilân ta eilân. De oalje-yndustry, ferfierssektor, havenaktiviteiten en finansjele tsjinstferliening binne essinsjeel foar de ekonomy fan Kurasau. Willemstêd hat ien fan de grutste havens yn de regio. De oare grutte eilannen hawwe har spesjalisearre yn de toeristyske sektor. De Antiljaanske ekonomy wie dêrtroch hiel bot op it bûtenlân oriïntearre en foar in grut part ôfhinklik fan ymport. De Nederlânske Antillen wienen gjin lid fan de Jeropeeske Uny, mar se wurde der wol mei assosjearre. Dat biedt in tal hannelsfoardielen. De Antilliaanske munt wie de Antiljaanske gûne, dy't keppele wie oan de Amerikaanske dollar.

Alle jierren joech Nederlân help oan de Nederlânske Antillen. Dy help waard benammen ynsetten foar rjochtshanthavening, ûnderwiis, bestjoerlike ûntwikkeling en duorsume ekonomyske ûntwikkeling.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]