Springe nei ynhâld

Antiljaanske gûne

Ut Wikipedy
Antiljaanske gûne
In bryfke fan 10 Antiljaanske gûne.
In bryfke fan 10 Antiljaanske gûne.
identifikaasje
ISO 4217
● koade ANG
● nûmer 532
lânseigen
   namme
Antilliaanse gulden (Nederlânsk)
florin Antiano (Papiamintsk)
Antillean guilder (Ingelsk)
symboal NAƒ of NAf (ôfk. ta ƒ)
gebrûk
sintrale bank Sintrale Bank fan Kurasau
   en Sint-Marten
off. brûkers Ned. Antillen (1892-2010)
Arûba (1892-1986)
Karibysk Nederlân (2010-2011)
Kurasau (2010-2025)
Sint-Marten (2010-2025)
skiednis
ynfierd 1892
opheft 2025
ferfong Nederlânske gûne
ferfongen tr. Arûba: Arûbaanske floryn
Karibysk Ned.: Am. dollar
Kurasau: Karibyske gûne
Sint-Marten: Karibyske gûne
● yn  €1,— = NAƒ1,99
ynflaasje 3,6% (2024)
denominaasjes
1/100 sint
muntjild 1, 5, 10, 25, 50 sint, ƒ1, ƒ21/2, ƒ5
papierjild ƒ10, ƒ25, ƒ50, ƒ100, ƒ250

De Antiljaanske gûne of Nederlânsk-Antiljaanske gûne (ANG) is de eardere muntienheid fan de Nederlânske Antillen, dy't fan 1892 oant en ein maart 2025 yn gebrûk wie. De muntienheid waard ek op Arûba brûkt, oant dat eilân yn 1986 selsbestjoer krige en de Arûbaanske floryn ynfierde. Nei de opheffing fan 'e Nederlânske Antillen yn 2010 wie de Antiljaanske gûne noch in skoftke de muntienheid fan Karibysk Nederlân (Bonêre, Saba en Sint-Eustasius), oant dêr per 1 jannewaris 2011 de Amerikaanske dollar ynfierd waard. Kurasau en Sint-Marten holden de Antiljaanske gûne oant 2025, doe't de âlde muntienheid ferfongen waard troch de nije Karibyske gûne.

Yn de 18e iuw sirkulearre de Nederlânske gûne yn de Nederlânske Antillen. Yn 1794 waard dit oanfold mei in tal munten dy’t spesjaal foar de Nederlânske delsettings yn West-Ynje wienen. Yn dizze tiid wie de gûne yn 20 stuorren ferdield.

Tusken 1799 en 1828 sirkulearre de reaal op dizze eilannen. De Nederlânske gûne waard wer yntrodusearre yn 1828, no ferdield yn 100 sinten. De Antiljaanske gûne waard yn 1892 ynfierd as muntjild en yn 1900 ek as papierjild. Yn 1940 waard, as gefolch fan de Twadde Wrâldkriich, de Antiljaanske gûne ûntkeppele fan de Nederlânske gûne. Ynstee dêrfan waard de munt keppele oan de Amerikaanske dollar. De wikselkoers waard fêstlein op 1 USD = 1,79 ANG. De wearde fan de Antiljaanske gûne wie dus net hielendal lyk oan dy fan de Arûbaanske floryn.

Understeande munten wurde brûkt:

  • 1 sint
  • 5 sint
  • 10 sint
  • 25 sint
  • 50 sint
  • 1 gûne
  • 2½ gûne
  • 5 gûne

Ek wie der in munt fan 2½ sint. Dy munt waard foar 2025 al lang net mear útjûn.

Understeande bankbiljetten wurde brûkt:

  • 5 gûne
  • 10 gûne
  • 25 gûne
  • 50 gûne
  • 100 gûne
  • 250 gûne

De biljetten fan 5 gûne waarden foar 2025 net mear útjûn. De biljetten fan 250 gûne waarden oer it algemien amper brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]