Springe nei ynhâld

Karibysk Nederlân

Ut Wikipedy
Caribisch Nederland
Flagge fan Karibysk Nederlân Wapen fan Karibysk Nederlân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Karibysk Nederlân
Offisjele taal Nederlânsk, Ingelsk, Papiamintsk
Haadstêd -
Steatsfoarm 3 bysûndere gemeenten binnen it lân Nederlân
Gebiet
% wetter
328 km²
-­%
Ynwenners (2012) 23.296
Munt Amerikaanske dollar (USD)
Tiidsône UTC -4
Lânkoade BQ
Ynternet .nl .an
Tillefoan 599

De BES-eilannen ek: Karibysk Nederlân is de beneaming fan de Nederlânske eilannen Bonêre, Sint Eustaasjes en Saba in de Karibyske See. De ôfkoarting BES ferwiist nei de earste letters fan de nammen fan de eilannen. Sûnt 10 oktober 2010 binne dizze eilannen bestjoerlik besjoen iepenbiere lichems dy't as bysûndere gemeenten wurkje binnen it lân Nederlân. Oant dy datum wienen de eilannen eilângebieten fan de Nederlânske Antillen, in earder lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen.

Bonaire leit ten easten fan Arûba en Kurasau, foar de kust fan Fenezuela. Sint Eustaasjes en Saba lizze ten suden fan Sint Maarten en ten noardwesten fan Sint Kits en Nevis. Karibysk Nederlân telt ± 18.000 ynwenners en in oerflakte fan 328 kante kilometer, respektivelik rom 1/1000 en wat minder as 1/100 fan Europees Nederlân. De tiidsône is UTC-4; it lânnûmer 599, dat foarearst noch dield wurdt mei Kurasau en Sint Maarten.