Sint-Marten (eilân)
Dizze side giet oer it eilân Sint-Marten. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sint-Marten.
Sint-Marten (Nederlânsk: Sint-Maarten, Frânsk: Saint-Martin) is in eilân yn de Karibyske See, ien fan de Lytse Antillen, neamd nei Martinus fan Toers. It súdlike part fan it eilân is it lân Sint-Marten, it noardlike part is de Frânske oerseeske mienskip Frânsk Sint-Marten.
It eilân leit sa'n 300 kilometer beëasten Porto Riko en 240 km benoarden Gûadelûp. Krekt noardlik fan Sint-Marten leit Anguilla, oare kant it Sint-Martenskanaal. Fan de twa eilannen wurdt oannaam dat hja tegearre de Anguillabank foarmje, mei dêrby ek noch Sint-Bartelemy.
Skieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lokaal wurdt sein dat it eilân opdield is troch in Frânske en in Hollânske matroas de kust fan it eilân beide kanten út ofrinne te litten, mei de oare ein fan de skieding op it stee dêr't hja elkoar wer moeten. Dat moat ferklearje wêrtroch it sa alles oan de noardkant is en alles oan de súdkant. Dat de twa parten net likegrut binne, soe dan te krijen hawwe mei hoe hurd as elts fan beiden rûn hat. Lykwols, as dat wier sa wie, dan hie de grins tusken de twa punten streekrjoch wêze moatten.
Dat dat dy skieding net wier streekrjocht is, jout oan dat yn stee derfan de grins by ferdrach foarme is, mei parten by it noarden en súden parte nei oanlieding fan wa't krekt oanspraak hie. Feitlik is Sint-Marten yn 1648 ferdield yn it Ferdrach fan Concordia om strategysk, ekonomysk en geografyske grûn[1]. De grins waard letter nochris hifke yn 1816 en yn 2023. [2]
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skipfeart
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Marten hat de grutste cruisehaven fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen, mei jierliks 1,5 miljoen besikers[3]. Dêrneist hat it ien fan de grutste jachtsektoren fan de regio. De Nederlânske kant hat 3568 hotelkeamers en 2339 filla’s en apparteminten te hieren ("ûnôfhinklike fakânsjeferhier")[4]. Oan de Frânske kant binne dat wat mear yn de lêste kategory mar minder hotelkeamers (1100).
De oerslachhaven fan Sint-Marten is in nauwe (hub) foar frachtferfier oer see. De Nederlânske kant hat in ekonomyske funksje nei de oare eilannen yn ’e regio.
Fleanferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fleanfjild Princess Juliana International Airport (PJIA, IATA:SXM) [5]is op deselde wize in wichtige nauwe foar de noardeastlike Karibyen. It betsjinnet sawol de Nederlânske as de Frânske kant wat ynterkontinentale flechten oanbelanget; itselde jildt foar Saba, Sint-Eustasius, Sint-Bartelemy en foar in wichtich part foar Anguilla en Sint-Kits en Nevis.
Orkaan Irma skeinde it fleanfjild yn 2017. Weropbou duorret in protte jierren. Uteinlik waard it Nederlânske Ballast Nedam ynskeakele om it gebou wer folslein aktyf te meitsjen. Op 14 novimber 2024 iepene prinses Beatrix it nije fleanfjild, neamd nei har mem[6].
Frânske kant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Frânske kant hat in lyts cruise- en oerslachhaventsje, mar ûndjipten beheine de tagong fan de hjoeddeiske grutte skippen foar cruise en fracht. Hoewol’t Grand Case airport[7] yn teory gruttere fleantugen ûnderbringe koe, is dêr nea wurk fan makke, om’t twa ynterkontinentale fleanfjilden op in lyts eilân ûnnedige konkurrinsje wêze soene. It Frânske fleanfjild betsjinnet no Guadeloupe, Martinique en Sint Barths mei lytse fleantugen.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint Maarten, Dutch Caribbean fan Wikimedia Commons. |
