Willemstêd (Kurasau)

Ut Wikipedy
Willemstêd
Basis ynformaasje
Lân Nederlânske Antillen
Eilân Kurasau
Boargemaster -
Stifting 1634
Tal ynwenners 140.000 (2008)
Webside -
De Keninginne Emmabrêge yn Willemstêd.
De Kenginne Julianabrêge oer de Sint Annabaai.

Willemstêd (Nederlânsk en offisjeel: Willemstad) is de haadstêd fan Kurasau en de Nederlânske Antillen. Yn de stêd wenje sa'n 125.000 minsken, wêrmei it de grutste stêd is fan de Lytse Antillen. Willemstêd is ferneamd om syn kleurde gebouwen yn it sintrum fan de stêd. It sintrum stiet sûnt 1997 dan ek op de UNESCO-list fan Wrâlderfgoed.

De stêd leit oan de súdwestkante fan it eilân yn de natuerlike haven it Skottegat, dy’t ferbûn is mei de Karibyske See troch de Sint Annabaai. Dizze baai splitst Willemstêd yn twaen, se wurde ferbûn troch de Keninginne Emmabrêge en de Keninginne Julianabrêge, wêr’t tsjintwurdich it grutste part fan it ferkear oer hinne giet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neidat de Hollanners yn 1634 Kurasau op de Spanjoalen feroveren bouden sy op De Punt, it gebiet eastlik fan de Sint Annabaai in grut fort, om de havenyngong te ferdigenjen. Njonken it fort ûntstie Willemstêd. Yn 1707 waard der foar it earst oan de westlike side fan de Sint Annabaai boud. Dy nije wyk waard Otrabanda neamd. Wat Papiamints is foar ‘de oare kant’.

Yn de 17e iuw wie Willemstêd it plak fan ien fan de wichtichste slavemerken yn dy tiid. De slaven waarden oanfierd út West-Afrika en waarden fierder oerladen nei oare gebieten yn Noard- en Súd-Amearika.

Om 1920 hinne boude Shell in grutte oaljeraffinaderij dêr’t oalje út Fenezuela ferwurke wurdt. De raffinaderij wie fan grut belang foar de Amerikaanske fleantugen yn de Twadde Wrâldkriich. Hjir hellen de Amerikanen harren kerosine foar de fleantugen wei.

Op 30 maaie 1969 bruts yn Willemstêd in tsjin-koloniale arbeidersopstân út. By dizze opstân waard fakbûnslieder Wilson Godett del sketten, hy soe de oanfal wol oerlibje. De arbeiders stutsen gebouwen in de wiken Punda en Otrabanda yn brân. Nederlân liet trijehûndert mariniers nei Willemstêd fleane om de rust te werstellen.

Toerisme foarmet tsjintwurdich de wichtichste ynkomstenboarne foar de ynwenners fan Willemstêd.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 17e iuw waard Willemstêd in frijhaven. Al gau ûntstie hjir de wichtichste regionale slavenmerke. De út Afrika oanfierde slaven waarden yn Willemstêd oan lân brocht. Dêrnei waarden se ferdield oer ferskate bestimmings yn Midden-Amearika en Súd-Amearika. Yn de 20'er jierren fan de 20e iuw boude Shell by Willemstêd ien fan de grutste oaljeraffinaderijen fan de wrâld. Hjir wurdt rûge oalje ferwurke út Fenezuëla. Foar de lokaasje waard keazen omdat it fêstelân polityk sjoen net stabyl genôch wie. Yn de Twadde Wrâldkriich draaide de raffinaderij op topkapasiteit om kerosine te produsearjen foar de Amerikaanskeanske bommegoaiers.

Sûnt de jierren sechtich libbet Willemstêd hieltyd mear fan it toerisme. Der binne in protte hotels en kasino's hinne setten.

Wichtige plakken en gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It histoarysk sintrum.
  • Keninginne Emmabrêge
  • Keninginne Julianabrêge
  • Fort Amsterdam
  • Sint Annabaai
  • Merke oan de Sha Caprileskaai