Noard-Amearika

Noard-Amearika is in wrâlddiel. Ta Noard-Amearika wurdt it gebiet rekkene tusken:
- yn it noarden de Arktyske Oseaan
- yn it easten de Atlantyske Oseaan
- yn it westen de Grutte Oseaan
- yn it suden de grins mei Súd-Amearika by Panama.
De Kariben, de eilannen en it gebiet fan de Karibyske See oan de súdkant fan de Noardamerikaanske lânmassa, wurde ek ta Noard-Amearika rekkene.
Binnen Noard-Amearika wurdt wol ûnderskie makke tusken Noardlik Amearika, yn it noarden, en Midden-Amearika, dat dan sels wer opdield wurdt yn Sintraal Amearika, de lannen besuden de lâningte fan Meksiko, en de Kariben.

Lannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Noardlik Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn dit part fan it wrâlddiel lizze 3 lannen:
Fierders is der ien eilân mei beheinde selsstannigens:
Sintraal Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op it fêstelân fan Midden-Amearika lizze 7 lannen:
De Kariben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Under de Karibyske eilannen falle 13 lannen:
- Antigua en Barbûda
- de Bahama's
- Barbados
- Dominika
- Dominikaanske Republyk
- Grenada
- Haïty
- Jamaika
- Kuba
- Sint-Finsint en de Grenadinen
- Sint Kits en Nevis
- Sint Lusia
Fierders binne der noch tolve eilannen en eilannegroepen dy't by in lân bûten de Kariben hearre:
- Amerikaanske Famme-eilannen (Feriene Steaten)
- Anguilla (Grut-Brittanje)
- Arûba (Nederlân)
- Britske Famme-eilannen (Grut-Brittanje)
- Kaaimaneilannen (Grut-Brittanje)
- Guadeloupe (Frankryk)
- Martinyk (Frankryk)
- Montserrat (Grut-Brittanje)
- Nederlânske Antillen (Nederlân)
- Puerto Riko (Feriene Steaten)
- Turks- en Kaikoseilannen (Grut-Brittanje)