Karibysk Gebiet

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Karibysk gebiet")
Gean nei: navigaasje, sykje
It Karibysk Gebiet, Midden-Amearika en dielen fan Súd-Amearika
De Karibyske eilannen

It Karibysk Gebiet, of ek wol West-Ynje, is in regio yn it westlike, tropyske diel fan de Atlantyske Oseaan benoarden de Evener. Part fan it Karibysk Gebiet binne de Karibyske See en de eilannen en eilannegroepen dy't dêr lizze.

It Karibysk Gebiet is neamd nei it folk de Kariben, dy't de Spaanske kolonisten op de Lytse Antillen temjitte kamen by harren reizen.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Karibysk Gebietlibbet in mjuks fan folken fan meiïnoar likernôch 35 miljoen minsken. Njonken de âldste ynwenners, dy't no in minderheid binne, libje der minsken mei in Afrikaansk of Jeropeesk foarteam, Kreoalen, lykas de Yndiërs (benammen op Trinidad en Tobago en Guyana) en Sinezen op ferskate eilannen yn it Karibysk Gebiet.

Spaansk en Ingelsk binne de grutste talen fan it Karibysk Gebiet (Ingelsk foar 94 % fan de befolking, Spaansk troch 70 %), dêrneist noch Frânsk, Nederlânsk en ferskate Kreoaltalen.

Geology[bewurkje seksje | edit source]

It grutste part fan de Karibyske See, dat yn de Kaimangrêven oant 7.680 m djip is, leit op de Karibyske plaat, útsein it noardwestlike diel oarekant de Djipsee, leit op de Noardamearikaanske plaat.

Skiednis fan it Karibysk Gebiet[bewurkje seksje | edit source]

It Karibysk Gebiet oan 'e ein fan de 19e ieu

De Arawak-Yndianen teagen yn 'e 1e ieu f. Kr. út Fenezuëla nei de Karibyske eilannen. Nei de Arawakken kamen de agressive Kariben, dy't de Arawakken fan de Lytse Antillen reagen. Op it stuit dat Kristoffel Kolumbus mei syn ekspedysjes útein sette wennen de Arawak op Kuba, Hispanjola en de Bahama's, wylst de Kariben op de Lytse Antillen wennen.

Kolonisaasje[bewurkje seksje | edit source]

Doe't Columbus stipe troch de Spaanske Kroan yn 1492 op San Salvador kaam, wied er foaral op syk nei goud en oar weardefol guod. Mar foar de Arawaken wienen de saken dêr't de Jeropeanen foar kamen, net weardefol. Sa kaam der stadichoan Jeropeeske bewenning op de eilannen. Njonkelytsen dienen de Ingelanners, Nederlanners en Frânsen itselde; sels Denemark en Kûrlân hienen dêr it bewâld oer lytse koloanjes.

It Karibysk Gebiet wie benammen yn 'e 16e ieu in boarterstún foar piraten. De lytse eilannen beaën de seerôvers, dy't ek faak foar in kening ûnderweis wienen, goede skûlplakken en de Spaanske boaten wienen in goed oanfalsdoel. Port Royal op Jamaika en de Frânske mienskip op Tortuga wienen piratemienskippen.

It grutste part fan de eilannen waard yn 'e 20e ieu ûnôfhinklik.

Eilannen en eilannegroepen yn it Karibysk Gebiet[bewurkje seksje | edit source]

By de Karabyk rekkene eilannegroepen en steaten[bewurkje seksje | edit source]

Neikommende eilannegroepen lizze yn 'e Atlantyske Oseaan, mar wurde yn 'e regel dochs ta it Karibysk Gebiet rekkene:

Neikommende steaten hearre geografysk by de fêstewâl fan Súd-Amearika, mar fanwegen harren koloniale skiednis en har ekonomy wurde hja ek ta it Karibysk gebiet rekkene:

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]