Dominika
Dit artikel is in stobbe oer lân.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk | ||||
Haadstêd | Roseau | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
754 km² -% | ||||
Ynwenners (2006) | 68.910 | ||||
Munt | East-Karibyske dollar (XCD) | ||||
Tiidsône | UTC -4 | ||||
Nasjonale feestdei | 3 novimber | ||||
Lânkoade | DMA | ||||
Ynternet | .dm | ||||
Tillefoan | 767 |
Dominika offisjeel Mienebest fan Dominika is in eilân en steat yn de Karibyske See (net betiizje mei de Dominikaanske Republyk). De haadstêd is Roseau.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It leit besuden Guadelûp en benoarden Martinyk, en heart by de Boppewynske Eilannen fan de Lytse Antillen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân Dominika waard op 3 novimber 1493 ûntdekt troch Christoffel Columbus op syn twadde reis nei Amearika. Hy joech it eilân de namme fan de dei wêrop hy it ûntduts; in snein, yn it Latyn dies domenica. Dominika wie it lêste Karaïbyske eilân dat troch Jeropeanen kolonisearre waard, omdat de oarspronklike bewenners, de Kariben fûleindich tsjinstân joegen.
Frankryk droech it besit yn 1763 oer oan it Feriene Keninkryk, dat der yn 1805 in koloanje fan makke. Yn de jierren santich fan de 20e iuw ûntstie grutte sosjale ûnrêst op it eilân. It waard op 3 novimber 1978 ûnôfhinklik. Yn 1980 kaam in ein oan it doetiids korrupte bewâld, en waard Mary Eugenia Charles premier. Hja wie earste froulike premier fan de Karaïben en bestjoerde Dominika oant 1995. Dominika is lid fan it Britske Mienebest.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dominica fan Wikimedia Commons. |