Sint-Kits en Nevis
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk | ||||
Haadstêd | Basseterre | ||||
Steatsfoarm | Parlemintêre demokrasy | ||||
Gebiet % wetter |
261 km² -% | ||||
Ynwenners (2020) | 53.000 (rûsd) | ||||
Munt | Eastkaribyske dollar (XCD) | ||||
Tiidsône | UTC -4 | ||||
Nasjonale feestdei | 19 septimber | ||||
Lânkoade | KNA | ||||
Ynternet | .kn | ||||
Tillefoan | 869 |
Sint-Kits en Nevis is in federale steat yn de Karibyske See, en bestiet út de eilannen Sint-Kits, Nevis en noch inkele lytsere eilannen. De haadstêd is Basseterre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Kits en Nevis binne twa eilântsjes hearre by de Lytse Antillen. Se waarden troch Kolumbus besocht yn 1493, mar it wiene de Britten dy't harren dêr it earste fêstigen yn 1623. Twa jier letter setten ek Frânske kolonisten harren dêr ta wenjen. Al gau ûntstiene problemen tusken de twa kolonisaters, en it skeel waard oplost mei de Frede fan Parys fan 1783, dy't Sint-Kits en Nevis as besit fan de Britten oanjoech.
Sint-Kits en Nevis krigen yn 1967 folsleine ynterne autonomy, mar bleaune in part fan it Britske ryk, tegearre mei Anguilla ûnder de namme Sint-Kristoffel, Nevis en Anguilla. Dat eilân kaam hjir tsjin yn opstân yn 1967, en woe himsels ûnôfhinklik ferklearje, mar waard úteinlik yn 1980 apart fan Sint Kitts en Nevis in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk. Sint-Kits en Nevis waarden ûnôfhinklik op 19 septimber 1983.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Kits en Nevis hawwe in tropysk klimaat, mar de trochdat it dêr in protte waait falt it mei de temperatuer wol mei. De temperatuer feroaret ek net bot oer it jier. De reintiid duorret dan maaie oant novimber, en dan wurdt it lân wol gauris oandien troch orkanen.
Lânbou en ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân is fulkanysk en bercheftich. It grutste part fan it lân wurdt net bewurke. Mar 16% fan it lân wurdt bewurke. Sûkerreid is it wichtichste gewaaks, dat wie hielendal it gefal yn de Britske tiid. Fan de jierren 70 ôf naam it belang fan dit gewaaks ôf, en wurdt it toerisme belangriker. Sint-Kits en Nevis steane ek bekend as belêstingparadys. De banksektor bringt in protte jild binnen. Ek katoen, sâlt, kopra drage by oan de nasjonale ekonomy.
It BNP wie yn 2002 339 miljoen US$. De wurkleazens falt ta: mar 4,5% fan de beropsbefolking sit sûnder wurk.
Polityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sint-Kits en Nevis is lid fan it Britske Mienebest (sadwaande dat de justysje op de Britske Common Law basearre is). Keningin Elizabeth II is noch hieltiten keninginne, ek nei de ûnôfhinklikens yn 1983. Sint-Kits en Nevis is dêrtroch in konstitúsjonele monargy.
It lân hat mar ien keamer, mei fjirtjin leden: alve wurde streekrjocht keazen en trije koöpteard.
Fân de ûnôfhinklikens ôf oant 1995 regeare de People's Action Movement, it ekwifalint fan de Britkse Konservativen troch premier Kennedy Simmonds. Hjirnei wûn Labour de ferkiezings yn 1995 en 2000, en no regearet Denzil Douglas.
Yn 1998 stimde de befolking fan Nevis yn in referendum om harren los te meitsjen fan Sint-Kits. De nedige twa/tredde mearderheid waard lykwols net helle. Der binne lykwols noch hieltiten groepen aktyf dy't Nevis apart hawwe wolle.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It lân is in federaasje besteande út twa dielsteaten: Sint-Kits en Nevis. Dizze wurde fierder ferdield yn fjirtjin parishes, njoggen yn Sint-Kits en fiif yn Nevis.
Godstsjinst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste godstsjinst op Sint-Kits en Nevis is it kristendom (sa. 85%):
- Anglikaanske tsjerke: 25,2%
- Metodisme: 25,2%
- Pinkstergemeente: 8,4%
- Moravyske broederschap: 7,6%
- Roomsk-katolike tsjerke: 6,7%
Dêrneist is der in Hindoe mienskip (1,5%).
¹Sifers 1995, Bron:worldstatesmen.org
Keppeling(s) om utens: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Saint Kitts and Nevis fan Wikimedia Commons. |