Basseterre
Basseterre | ||
Polityk | ||
Lân | Sint Kits en Nevis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 14.000 (2018) | |
Oerflak | 6,2 km² | |
Befolkingsticht. | 2,54 / km² | |
Hichte | 15 m | |
Oar | ||
Stifting | 1627 | |
Tiidsône | (UTC-4) | |
Koördinaten |
Basseterre is de haadstêd fan de Karibyske eilânsteat Sint Kits en Nevis. It stedsje leit oan de súdkust fan it eilân Sint Kits en hat goed 15.000 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard stifte yn 1627 troch de Frânsen ûnder gûverneur Pierre Belain d'Esnambuc. It middenpart fan Sint Kits foel doe lykwols ûnder Britsk bewâld. Under gûverneur Phillippe de Longvilliers de Poincy waard de stêd in keapfardijhaven fan belang. De Poincy wie der doe hurd by en meitsje Basseterre haadstêd fan de hiele Frânsk-Westyndyske koloanje, dêr't ek de eilannen Guadeloupe en Martinique ta hearden; dit bleau sa oant syn dea yn 1660. Yn 1727 waard Basseterre haadstêd fan hiel Sint Kits, doe't dat folslein oan de Britten kaam wie.
Basseterre hat in frijwat tragyske skiednis en te fergeliken mei oare haadstêden yn it Karibysk gebiet; it plak is faak ferwoastge troch koloniale oarloggen, brân, ierdskoddingen, rebûlje, oerstreamings en orkanen. Dochs binne dêr noch aardich wat goed restaurearre âlde gebouwen yn Basseterre oerbleaun.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Köppen klimaatklassifikaasje hat Basseterre in tropysk reinwâldklimaat. Dat de stêd hat frijwat konstante temperatueren, trochstrings sa'n 27 °C, it hiele jier troch. Basseterre hat gjin drûch seizoen; alle 12 moannen falt dêr sa'n 60 mm rein; trochsneed 1700 mm it jier.
Ekonomy en ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Basseterre hat har ûntjûn ta in finansjeel sintrum fan belang yn it eastlik Karibysk gebiet. Teffens is it in yndustriëel sintrum fan belang. De wichtichste eksportprodukten binne: de bass (muzykynstrumint), elektronika, frisdranken, klean, en sâlt. Yn it ferline wie de sûkeryndustry fan it grutste belang, mar dat wie dien yn 2005. De oarsaak dêrfan wiene enoarme skulden en it foarseine sakjen fan de sûkerprizen fanwege EU-maatregels. De stêd hat yndustryparken, yndustriën dy't dwaande binne mei sub-sonyske technology, fiedselferwurking, lichte masinebou, bass (ynstrumint)makkerij en rum-distillaasje.
De Robert L. Bradshaw Ynternasjonale Lofthaven leit oan de noard-east râne fan de stêd. Der binne direkte flechten op Londen, New York en Miami en yn it toeristeseizoen flechten nei Charlotte, Noard Karolina, Atlanta, Georgia en Filadelfia, Pennsylvania en oare grutte stêden yn de Feriene Steaten en Kanada.
De haven fan Basseterre is tarist foar de grutste cruiseskippen en de ferwurking fan fracht. De haven leit yn it fierste easten fan de Baai fan Basseterre. Port Zante, mids de baai, is út soarte foar cruiseskippen mei allerhanne fasiliteiten, ek foar ûnderhâld.
De feartsjinst tusken nei Basseterre en Charlestown jout in drokte fan belang. Seis fearboaten meitsje deis tal fan tochten hinne en wer. Der binne ek feartsjinsten tusken Basseterre en Oranjestêd, Statia en St. Marten, mar dy geane ûnregelmjittich.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Basseterre fan Wikimedia Commons. |