Springe nei ynhâld

Ierdbeving

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ierdskodding)
Yamba bridge, Chuetsu, nei ierdbeving yn 2004
Ferdieling fan ierdbevings (boarne: USGS)

In ierdbeving, ierdskodding of grûnskodding is in trilling of skokkende beweging fan de ierdkoarste. Ierdbevings fine plak as der yn de ierdkoarste ynienen in soad enerzjy frijkomt. De enerzjy plantet him dan yn in weachbeweging fanút it sintrum fuort nei de omjouwing. It sabeare punt wêr't de beving ûntstiet, it swiertepunt fan de enerzjytichtens, hiet it hyposintrum. It punt oan it ierdoerflak dêr leadrjocht boppe wurdt it episintrum neamd. In line fan likense bevingsyntensiteit om in episintrum hjit in isoseist. Seismology is de wittenskip fan ierdbevings.

It meastpart fan de ierdbevings komt foar yn de ierdkoarste oant in djipte fan ûngefear 30 kilometer. Der komme lykwols ek bevings foar op djipten oant om-ende-by 700 kilometer. De measte ierdbevings komme foar rûnom de Grutte Oseaan, yn it Middellânske Seegebiet, yn de Himalaya en Yndoneezje. Ek midden yn oseanen komme geregeld bevings foar. Ierdbevings dy't ûnder de seespegel ûntstean wurde, minder korrekt, ek wol seebevings neamd. Dy kinne in floedweach of tsûnamy as gefolch krije.

Swiere ierdbevings mei of sûnder tsûnamys feroarsaken faken in protte slachtoffers en grutte skea.

Oarsaken fan ierdskoddingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad ierdbevingen hingje gear mei ynterne stadige bewegingen fan de ierdkoarste. Op grutte skaal giet dat om ierdskollen dy't stadichoan oangeande inoar bewege (platetektonyk). Op lytsere skaal fynt der ek binnen de platen deformaasje plak.

Troch dy relative beweging wurdt spanning opboud yn de koarste. As de spanning sadanich heech wurden is kin der skokkenderwiis oan it materiaal oan wjersiden fan in brek yn de koarste optrede: de ierdbeving. Dêrby wurdt (in part fan) de opboude spanning ûntladen.

Faak komme nei de ierdbeving lytske neibevings, dy't noch inkele oeren nei de earste beving fielber binne. Dy neibevings binne it gefolch fan spanningsûntladings op oare tichteby lizzende parten fan deselde brek of op oare tichtbye brekken.

Lytse ierdbevings binne it gefolch fan fulkanyske aktiviteit (fulkanyske ierdbevings) of ûntstean troch ynstoarting fan holtes yn kalkstienformaasjes of minen (ynstoartingsbevings).

Minsklik yngripen kin bevings feroarsaakje. De boaiemdaling troch de winning fan ierdgas bringt ierdskodden tewei. Dat fenomeen docht him ûnder mear foar yn de provinsje Grinslân by it doarp Loppersum.