Loppersum (Grinslân)

Ut Wikipedy
Loppersum (Grinslân)
Petrus- en Paulustsjerke
Petrus- en Paulustsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 2.330 (2023) [1]
Oerflak 11,48 km²
wêrfan lân: 11,37 km²
wêrfan wetter: 0,12 km²
Befolkingsticht. 204 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 44' E
Kaart
Loppersum (Grinslân)
Loppersum

Loppersum (Grinslânsk: Loppersom) is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân.

It doarp, dat oan de Lopster Wijmers leit, hat noch in grut tal foarsjennings, mar troch de ierdgaswinning in soad lêst fan ierdskoddings.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loppersum ûntstie yn de iere midsiuwen op in wierde oan de Fivelboezem. Om it doarp hinne lizze noch trije lytsere wierden foar pleatsen. De oantsjutting 'Loppesheim' wurdt foar it earst yn 945 brûkt yn in list fan besittings fan de abdij fan Fulda. De namme stamt fan de hear Loppes (of Luppes) dy't der wenne (um = hiem).

Boarch Duirsum

Om 800 hinne waard nei alle gedachten foar it earst in tsjerke op de wierde boud. De hjoeddeiske tsjerke is begjin 13e-iuwsk. By Loppersum stie eartiids de boarch Duirsum, ôfbrutsen om 1727 hinne. Dêr wenne yn de 16e iuw de wrede Johan de Mepsche, dy't Spaansksinnich wie en neffens sizzen begroeven is yn 'e tsjerke fan Loppersum (it grêf is lykwols oant de dei fan hjoed net te finen).

Yn 1811 waard Loppersum it haadplak fan in gemeente mei deselde namme, mar oant 1925 hie de gemeente gjin eigen gemeentehûs. Fan 1824 oant de bou fan it nije gemeentehûs yn 1925 hierde de gemeente in boppekeamer oan de Lagestraat. De gemeente Loppersum waard yn 2021 opheven doe't de gemeente ûnderdiel waard fan de gemeente Iemsdelta.

By it doarp waard yn 1849 de nôtmûne 'De Stormvogel' boud. Yn de rin fan de tiid is de âlde wierdestruktuer fan it doarp ferlern gien. It doarp krie in langwerpige foarm mei fral bebouwing om de sintrale haadwei hinne. Loppersum is noch ryk oan monuminten út de 19e en 20e iuw en in part fan it doarp is oanwiisd as beskerme doarpssicht.

Ierdskoddings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 24 oktober 2003 en 10 november 2003 waard Loppersum troffen troch in ierdskodding mei in krêft fan 3.0 op de Skaal fan Richter. Op 16 augustus 2012 waard by it tichtebylizzende Huizinge in ierdskodding fielt mei in krêft fan 3,6, de grutste ierdskodding dy't ea metten waard yn Noard-Nederlân. De befolking moast lang wachtsje op erkenning dat de skea troch de gaswinning feroarsake waard en in soad minsken wachtsje noch jimmeroan op in fergoeding fan de skea en de weardedaling fan de hûzen. De grûn trillet faker, mar net sa dat it altiten field wurdt.

Petrus- en Paulustsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Petrus en Paulustsjerke (Loppersum).

De Petrus- en Paulustsjerke is in foarse midsiuwske tsjerke dy't oan de apostels Petrus en Paulus wijd waard. De tsjerke is de grutste doarpstsjerke fan de provinsje en mei syn dûbele dwersskip en foarse toer draacht de tsjerke de bynamme boerekatedraal.

Befolkingsûntjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1840 1995 2005 2013 2023
2.059 2.490 2.590 2.671 2.330

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loppersum leit oan it spoar fan Grins nei Delfsyl en wurdt betsjinne troch it stasjon Loppersum. De trein rydt op wurkdagen en sneons oerdeis alle 30 minuten nei Grins en allyksa nei Delfsyl. Jûns en sneins wurdt der mei in oerefrekwinsje riden. De eksploitaasje fan it spoar fan Grins nei Delfsyl wurdt dien troch Arriva.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Haijo Apotheker, (waarnimmend) boargemaster fan û.o. Ljouwert, Snits, Súdwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

 
Gemeente Iemsdelta
Flagge fan Iemsdelta
Stêden: AppingedamDelfsyl
Doarpen: BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part) • StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part) • WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen en útbuorrens: AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part) • RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken: HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd