Oerstreaming

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Sint-Elisabethsfloed, 18-19 novimber 1421.
De Krystfloed fan 1717.
Oerstreamings yn Midden- en Súd Nederlân
Loftfoto fan Oude-Tonge op Goeree-Overflakkee nei de wettersneed fan 1953. Seediken brutsen doe troch om de Noardsee, wêrtroch't der allinnich yn Nederlân al 1836 slachtoffers foelen.
Oerstreaming van 1997 yn Alicante (Spanje)

In oerstreaming is in barren wêrby't in soad wetter út in see of mar plakken berikt dy't gewoanwei net ûnder wetter steane. As soks slimme foarmen oannimt wurdt sprutsen fan wettersneed of ramp. Lân dat troch in oerstreaming definityf ferlern giet, wurdt wol ferdronken lân neamd.

Oarsaken[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân en omlizzende lannen komme oerstreamingserstromingen benammen troch de Noardsee, dy't troch stoarm opdreaun wurdt, wêrtroch't diken trochbrekke kinne. Kombinaasje mei in springtij en/of hege wetterstannen yn de ûnderrin fan de grutte rivieren kan dit effekt noch fersterkje. By de lêste grutte stoarmfloed, de Wettersneed fan 1953, hie de kombinaasje fan in lang oanhâldende swiere noarwesterstoarm en in springfloed rampsillige gefolgen. It oerstreamingsrisiko kin fêststeld wurde middels modellen.

Mar ek lâns de rivieren binne faker diken trochbrutsen. Ekstreme reinfal yn de boppestroomske gebieten of in soad teiwetter út de Alpen kin lide ta wetteroerlêst. Neist heechwetter kinne ek oare oarsaken ta oerstreamings liede, lykas dykfersakkingen troch lang oanhâldende droechte. Oars as by in oerstreaming troch seewetter rint it rivierwetter yn heger lizende gebieten nei ferrin fan tiid fansels wer wei, mar kin wyls foar in soad skea en oerlêst soargje. Yn leger lizzende gebieten moat wetter út leechlizzende polders weipompt wurde.

Ek troch in soad reinfal yn berchefrige gebieten kinne slimme oerstreamings barre yn leger lizzende deltes. Under bepaalde omstannichheden kin ek it hurd teien fan snie op bergen leide ta oerstreamings.

Yn tropyske lannen kinne oerstreamings ûntstean troch de enoarme reinfal yn de Moesson. Yn begelyks Banglades hawwe hjirtroch meardere rampen west (ûnder oare yn 1989 en yn 2004). Seebevings kinne liede ta Tsunamy's, floedgolven dy't grutte skea oanrjochtsje as se de kust reitsje. En yn 2006 krige East-Java te krijen mei in modderstream fan ekstreme grutte. Hjirby begûn de modder út de grond te streamen nei boarwurk.

Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Fan see ôf[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân hawwe sûnt de Midsieuwen in soad oerstreamings fanút de see west. In soad krigen de namme fan de hillige waans dei it dy dei wie. Fandêr dat meardere floeden deselde namme krigen hawwe. In karút fan fan slimme stoarmfloeden:

Fanút de grutte rivieren[bewurkje seksje | edit source]

Oerstreaming fan 1855 yn Gelderlân

Lâns de grutte rivieren brutsen ek faak diken troch. Tusken 1750 en 1800 allinnich al 152 kear. Nei de oprjochting fan it 'Bureau voor den waterstaat' (it hjoeddeiske Rykswettersteat) yn 1798 nom dy frekwinsje ôf. Sûnt ein achttjinde ieu hienen de grutte rivieren acht kear te krijen mei ege wetterstannen. SEis kear late dat ta grutte dyktrochbrekken en oerstreamings. Dyktrochbrekken yn it rivieregebiet nei 1780:

Weteroerlêst yn resinte tiden[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1993 soarge heechwetter op meardere plakken lâns de grutte rivieren - hoewol't der gjin diken trochbrutsen - foar in soad oerlêst. Yn 1995 folge wer in heechwetterweach. Dit was de heechste sûnt 1926. Omdat twifele waard oan de stabiliteit fan de diken, waarden yn jannewaris 1995 binnen in wike tiid sirka 250.000 minsken evakuearre, en ek de komplete feebeslaggen fan de boeren yn it gebiet. Doe't nei in pear dagen it wetter sakke en der gjin diken beswykten koenen de evakuees werom. Neist brânwar en leger waarden yn 1993 (17) en 1995 (60) spesjalisearre ienheden mei rêdingsflet en treende bemanning fan Rêdingsbrigade Nederlân (KNBRD) oproppen en ynsetten foar evakuaasje en helpferliening yn de oerstreamde gebieten.

Kaaibrekken[bewurkje seksje | edit source]

Wetteroerlêst troch rein[bewurkje seksje | edit source]

Ek fûleinige reinfal hat sûnt ein 20e ieu meardere kearen foar wetteroerlêst soarge.

Eksperimintearjen mei diken[bewurkje seksje | edit source]

Om dykrtrochbrekken better te begripen wurde no mei opsetsin diken trochbrutsen. Dit bart op de Itichdyk, in laboratoarium wêryn't diken boud wurde en fernield. Sensorsystemen lizze it heule proses fêst. It ûndersyk nei de sensorsystemen sels foarmet de basis foar de ûntwikkeling fan in warskôgingssysteem foar dykfalen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: