Springe nei ynhâld

Tropen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tropen (geografy))
In kaart fan de wrâld, mei de tropen yn de reade baan.

De tropen is it gebiet tusken 23,27° noarderbreedte, de kreeftskearkring, en 23,27° suderbreedte, de stienbokskearkring.

Yndoneezje, it noardlik part fan Austraalje en de measte parten fan de wrâlddielen Afrika en Súd-Amearika lizze yn de tropen. It gebiet om de evener hinne wurdt skaaimerke troch in soad delslach en hege temperatueren. Fierders hawwe de tropen in lyts ferskil tusken de lingte fan dei en nacht.

Oer it algemien wurdt oan tropysk in oare betsjutting jûn, nammentlik waarm en dampich. Planten dogge it goed yn in tropysk klimaat, dêrom ek de tropyske reinwâlden. In klimaat mei tropysk neamd wurde as de moannetemperatuer fan de kâldste moanne net ûnder de 18 °C leit.

Dat it is net sa dat de tropen altyd in tropysk klimaat hawwe, faak hielendal net.