Springe nei ynhâld

Stienbokskearkring

Ut Wikipedy
In kaart fan de wrâld mei dêrop werjûn de Stienbokskearkring.

De Stienbokskearkring is in breedtegraad of parallel, dy't op 23°26′22″ suderbreedte in sirkel om it súdlik healrûn fan 'e Ierde hinne foarmet. De namme fan 'e kearkring is ôflaat fan it stjerrebyld Stienbok (Capricornus), en is basearre op 'e sitewaasje fan 'e lêste beide milennia foar it begjin fan 'e Westerske jiertelling, doe't de sinne op midwinter (sjoen fanôf it noardlik healrûn; op it súdlik healrûn wie it doe fansels midsimmer) op 'e Stienbokskearkring yn it stjerrebyld Stienbok stie. As gefolch fan presesje is dat al lang net mear sa: tsjintwurdich stiet de sinne by de noardlike midwinter yn it stjerrebyld Bôgesjitter.

De Stienbokskearkring wurdt ek wol de Suderkearkring neamd, om't er de súdlike grins fan 'e tropen oanjout. De noardlike begrinzing fan dat gebiet wurdt foarme troch de Kreeftskearkring. De Stienbokskearkring markearret de heechste breedtegraad op it súdlik healrûn, dêr't de sinne noch yn it senit stean kin, d.w.s. rjocht boppe it ierdoerflak. Dat bart dêr elts jier op of omtrint 21 desimber, en jout it begjin fan 'e súdlike astronomyske simmer oan. As gefolch fan fariaasjes yn 'e oblikiteit (skeanstân) fan 'e Ierde wifket de Stienbokskearkring troch de iuwen hinne yn in syklus fan likernôch 41.000 jier in bytsje fan it noarden nei it suden en werom.

De Stienbokskearkring rint troch de folgjende lannen (begjinnend oan 'e westkust fan Súd-Amearika en dan nei it easten ta bewegend efterinoar):

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.