Nij-Kaledoanje
| Nij-Kaledoanje Nouvelle-Calédonie | |
|---|---|
| flagge | wapen |
| geografyske lokaasje | |
| algemien | |
| gebietsdiel fan | |
| pol. status | oerseeske kollektiviteit |
| haadstêd | Nouméa |
| offisjele taal | Frânsk |
| sifers | |
| ynwennertal | 256.000 (2012) |
| befolkingstichtens | 13,6 / km² |
| oerflak | 18.576 km² (ynkl. wetter) |
| bykommende ynformaasje | |
| muntienheid | Euro (€) (EUR) |
| tiidsône | UTC+11 |
| tillefoan | +687 |
| ynternetekstinsje | .nc |
| webside | www.gouv.nc |

Nij-Kaledoanje (Frânsk: Nouvelle-Calédonie) is in Frânsk oerseesk gebietsdiel mei in bysûndere status. It oerseesk gebiet bestiet út in kloft eilannen dy't meiïnoar in oerflak hawwe fan 18.576 km2. It grutste eilân wurdt ek Nij-Kaledoanje neamd. Oare wichtige eilannen binne Maré, Lifou en Ouvéa, dy't de Loyaliteitseilannen foarmje.
De eilannekloft leit yn de Grutte Oseaan beëasten Austraajië, besuden Fanûatû, bewesten Fidzjy en benoarden Nij-Seelân.
It tal ynwenners bedraacht 256.000 (2012). De befolking bestiet benammen út Melaneezjers en Jeropeanen. Der binne 25 fleanfjilden yn it gebiet. Aircalin en Air Calédonie binne de twa loftfeartmaatschappijen.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nij-Kaledoanje hat in tropysk klimaat, wêrtroch it der it hiele jaar waarm is mei in hege fochtichheidsgraad.
