Namybje

Ut Wikipedy
Republic of Namibia
Flagge fan Namybje Wapen fan Namybje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Namybje
Offisjele taal Ingelsk (offisjele taal), Afrikaansk (lingua franca), Dútsk, Oshivambo en oare lânseigen talen
Haadstêd Windhoek
Steatsfoarm republyk
Gebiet
% wetter
824.292 km² km²
-­%
Ynwenners 2.055.080 (2007)
Munt Namibyske dollar (NADKwanza)
Tiidsône UTC +1 (simmers +2)
Nasjonale feestdei 21 maart
Lânkoade NAM
Ynternet .na
Tillefoan 264

Namybje of Namibië is in lân yn it suden fan Afrika. Der wenje om-ende-by 2.055.080 minsken. De haadstêd is Windhoek.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namybje wurdt beginzge troch:

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kalaharywoastyn.

It oerflak fan Namybje bestiet út mear as 825 000 kante kilometer, sawat fjouwer kear sa grut as it Feriene Keninkryk. It lânskip is tige ôfwikseljend, mei bosken en savannen, bergen, woastinen en woastyneftige gebieten. De wichtichste rivier is de Oranjerivier dy't ek de grins foarmet mei Súd-Afrika.

Yn it easten fan Namybje leit de grutte Kalahary woastyn. De Kaprivistripe is in lânstripe fan 450 by 50 kilometer yn it noard-easten, dat tusken Angoala, Sambia en Botswana leit en yn it easten ek oan Simbabwe grinzet.

Bestjoerlike divyzjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Namybje hat fjirtjin regio's:

Regio Haadstêd Kaart
1 Erongo Swakopmund
2 Hardap Mariental
3 Kavango East Rundu
4 Kavango West Nkurenkuru
5 Khomas Windhoek
6 Kunene Opuwo
7 Ohangwena Eenhana
8 Omaheke Gobabis
9 Omusati Outapi
10 Oshana Oshakati
11 Oshikoto Omuthiya
12 Otjozondjupa Otjiwarongo
13 Zambezi Katima Mulilo
14 ǁKaras Keetmanshoop

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al sûnt iere tiden wurdt Namybje befolke troch San-folken. Net dúdlik is wannear't de Damara harren yn it binnenlân festigen, mar nei alle gedachten wie dat noch foardat de earste Bantoe- yn Namybje kamen. Yn de 16e iuw lutsen Herero- en Owambostammen fanút it noarden it gebiet yn. Yn de twadde helte fan de 18e iuw festigen Namastammen har yn it suden en Kavango yn it noarden.

Yn 1793 waard it gebiet fan de Walfiskbaai troch De Nederlanners yn besit nommen en op de ein fan de 19e iuw in Dútske koloanje. Súd-Afrika krige sizzenskip oer it gebiet nei de Earste Wrâldkriich. Yn 1966 begjint de SWAPO mei in ûnôfhinklikheidsoarloch, mar it soe oant 1988 duorje foardat Súd-Afrika dêr tastimming joech foar mear selsstannigens. Sûnt 1990 is Namybje ûnôfhinklik en yn 1994 die Súd-Afrika ek ôfstân fan de Walfiskbaai.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ynwenners: groei 1,57% (skatting 2000)
  • Befolkingskloften: Owambo 50%, Kavango 9%, Herero 7%, Damara 7%, mingdbloed 6½%, blanken 6%, Nama 5%, Kaprivi 4%, San 3%, Baster 2%, Tswana 0,5%
  • Trochsneed libbensferwachting: 42,8 jier (2003)
  • Befolkingstichtens: 2 personen de kante kilometer
In Jonge Himba-frou

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2001 binne de talen dy't it meast sprutsen wurde:

  • 48% Oshiwambotalen
  • 11% Nama en Damara
  • 11% Afrikaansk
  • 10% Kavangotalen
  • 10% Herero

De offisjele taal, it Ingelsk, wurdt amperoan troch de befolking as memmetaal sprutsen. It is foaral bedoeld as neutrale taal tusken de ferskate befolkingsgroepen

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]