Botswana

Ut Wikipedy
Republic of Botswana
Lefatshe la Botswana
Flagge fan Botswana Wapen fan Botswana
Flagge Wapen
Lokaasje fan Botswana
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Gaborone
Steatsfoarm Parlemintêre republyk
Gebiet
% wetter
600.370 km²
2,5­%
Ynwenners (2004) 1,57 miljoen
Munt Pula (BWP)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 30 septimber
Lânkoade BWN
Ynternet .bw
Tillefoan 276

Botswana, is in lân yn it súdlike part fan Afrika. Foarhinne ûnderdiel fan it Britske protektoraat fan Bechuanalân, Botswana krige syn namme nei de ûnôfhinklikens binnen it Britske Commonwealth op 30 septimber 1966. Botswana grinzet oan:

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it begjin fan de 19e iuw nimme Afrikaanske boeren út Súd-Afrika it gebiet fan it tsjintwurdige Botswana yn besit en stifte dêr Boererepubliken. Nei in tal krigen tsjin de Boeren meitsje de Britten der yn 1885 in Britsk protektoraat fan.

Op 30 septimber 1966 waard Botswana selsstannich mei Seretse Khama as earste presidint. It lân krige har tsjintwurdige namme ynstee fan it eardere Bechuanalân. Sûnt de ûnôfhinkikheid beskikt Botswana oer in parlimentêre demokrasy. Lykwols is BDP (sintrum/sintrum-rjochts) fan it begjin ôf oan de macht. De opposysje wurdt foarme troch de BIP (sintrum), BPP (sintrum) en de BNF (sintrum-links).

Nei de dea fan Khama yn 1980 wurdt Botswane regeard troch Ketumile Masire as presidint. Yn de tachtiger jierren fierde Súd-Afrika wol gauris lytse militêre aksjes út op Botswaansk grûngebiet om leden fan it ANC te pakken te krijen. Sûnt 1998 is Festus Gontebanye Mogae presidint fan Botswana.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Botswana bestiet foar in grut part út in net begroeide heechflakte (likernôch 1000 meter heech); yn it easten binne der heuvels. Yn it súd-easten is de Kalahary-woastyn. Troch it noard-easten streamt de rivier Okavango, dêr't je ek grutte sompen fine. De stêd Gaborone leit yn it súd-easten fan Botswana.

De wichtigste plakken yn Botswana:

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan Botswana bestiet benammen út Tswana (79%), in etnyske groep dy't in Bantûtaal sprekke en ferdield binne yn acht wichtige groepen. Der binne ek lytske minderheden fan Kalanga (11%), Basarwa (3%), Kgalagadi en blanken. Sawat de helte fan de befolking is kristlik en de oare helte hinget tradisjonele religys oan.

Talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ingelsk is de offisjele taal, maar de meast sprutsen taal is it Tswanaask. Oare talen dy't sprutsen wurde binne Mbukushu, Naro, Subiya, Kalanga (150.000 sprekkers) Herero (20.000 sprekkers), Birwa (15.000) sprekkers) en het Afrikaansk (20.000 sprekkers).

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Botswana hat in grutte goei belibbe sûnt de ûnôfhinklikens yn 1966. De ynwenners fan Botswana hawwe doetiids ek de hurdste groei fan de libbensstandert meimakke.

In wichtige sektor fan Botswana's ekonomy is de diamantwinning, ek metalen lykas koper en mineralen as sâlt. In protte minsken reizgje nei Botswana foar it wyldlibben en sadwaande is toerisme wichtich foar it lân.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]