Tropysk reinwâld

Ut Wikipedy
Tropyske reinwâlden ferspraat oer de wrâld.
Reinwâld yn Kosta Rika

In tropysk reinwâld is in type wâld dat yn de tropen groeit, op plakken dêr't it relatyf waarm en fochtich is en dêr't in protte plante- en bistesoarten libje. It tropysk reinwâld hat it grutste en rykste ekosysteem fan de wrâld. Guon Aziatyke tropyske reinwâlden besteane al mear as 100 miljoen jaar en stamje dêrmei út de tiid fan de dinosauriërs. De lêste hûndert jier wurdt it tropysk reinwâld bedrige mei houtkap en oare minsklike aktiviteiten. Tropysk reinwâld is net de iennichste soarte tropysk wâld, noch is it de iennichste soarte reinwâld.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tropyske reinwâlden lizze yn de Tropen, om de evener hinne op plakken dêr't in soad rein falt. De tropen lizze tusken de kreeftskearkring en stienbokskearkring. Ungefear 7% fan it totale ierdoerflak is yn distiid mei reinwâld bedutsen.

Súd-Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste reinwâld fan de wrâld leit yn it Amazônebekken yn Súd-Amearika. It Amazônereinwâld, dat ferspraat oer tsien ferskillende lannen leit, hat in oerflak heal sa grut as Jeropa (mear as 5 miljoen km2). It grutste part dêrfan leit yn Brazylje (60%), mar ek yn Kolombia en Perû lizze grutte gebieten dy't mei tropysk reinwâld bergoeid binne.

Súdeast-Aazje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn lannen as Laos, Maleizje en Yndoneezje lizze grutte tropyske reinwâlden. Dêr foarmje houtkap en oaljepalmplantages de grutste bedriegingen. Om sokke projekten realiseare te kinnen wurde grutte parten fan it wâld kealkapt en platbaarnd.

West-Afrika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste tropyske reinwâld fan Afrika leit yn it gebiet dêr't de rivier de Kongo troch hinne streamt. Dat is it op ien nei grutste reinwâld fan de wrâld. Yn it noarden giet it wâld stadich oer yn grutte greiden (savannen) en einiget yn de Sahara.

Klimaat en boaiemtastân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tropysk reinwâld beynfloed yn grutte mjitte it klimaat, ek yn evenredige streken. Sûnder de oanwêzigens fan reinwâlden sou it op ierde folle drûger wêze.

Temperatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De temperatuer yn in tropysk reinwâld sakket nea ûnder de 18 °C, en oerdeis is it trochstrings 28-30 °C, it hiele jier troch. De tichte begroeiïng en de sawat konstante bewolking soarje derfoar dat de temperatuer net safolle ekstremen ken as bygelyks de woastyn. De beammen en wolken hâlde oerdei de felle sinne tsjin en nachts soarge sy derfoar dat de waarmte fan de dei net ûntsnapt.

Delslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rein dy't alle jierren yn in tropysk reinwâld falt mear as 160 sm yn it jier, dêrby meie gjin perioaden fan moannen efteryn wêze sûnder dat er gjin rein falt. As soks wol it gefal is, makket it reinwâld plak foar in moessonwâld, mei beammen dy't yn de drûge tiid har bledderen ferlieze. Sawat alle dagen reint it fûl yn it wâld. In soad reinwetter ferdampt gau troch it waarme klimaat, en reine ferfolgens wer op it reinwâld del. Betiids herhellet dizze omrin har wol 5 oant 7 kear op in dei. Dêrneist soarget it wâld ek sels foar rein. Yn it Amazônegebiet bygelyks wurdt de helte fan alle rein dy't der falt, produsearre troch beammen yn it reinwâld. In totale delsalch fan mear as 2000 mm yn it jier is net ûngewoan. Yn Kolombia en op Nij-Guinea falt sels mear as tsien meter delslach yn it jier. De reinwâlden yn dizze gebieten binne dêrmei de wietste fan de wrâld.

Boaiems[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tropyske boaiems binne meastentiids net bot fruchtber. Yn tsjinstelling ta bosken yn evenredige gebieten, is yn it reinwâld de fruchtbere laach nochal tin. Dat komt omdat ynsekten, baktearjes en skimmels al it organysk ôffal hiel gau omsetten yn fiedingsstoffen dy't fuort wer troch de beammen en planten opnommen wurde. Yn tsjinstelling ta evenredige streken mei in dúdlike ôfwikseling fan kâlde en waarme seizoenen, is der gjin opnamestop fan fiedingsstoffen yn de winter. Der wurdt dus gjin foarried opboud dy't ta in tsjokke fruchtbere boaiem laat. Bepaalde skimmels, de Mykorriza, binne de wichtichste resyklers yn it reinwâld. Sy kreëarje dongstoffen út de deade fegetaasjeresten, jouwe dat fuort troch oan de beammen, en distribuearjen it sels, troch in ûndergrûns netwurk te foarmjen. Troch dizze effisjinte resykling yn it reinwâld, befine de measte fiedingsstoffen har net yn de grûn, yn de fegetaasje en yn de stroaisellaach. As de begroeiïng kapt wurdt spielt de tinne humuslaach gau fuort en bliuwt der in net fruchtbere en degradearre boaiem oer. Ikkers dy't op tropyske boskboaiems oanlein wurde binne sûnder in goed (nutrienten)managemint al nei in pear jier útputten, wêrtroch op oare plakke op 'e nij reinwâld kapt wurde moat om plak te meitsjen foar ikkers.

Yndieling reinwâlden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tropysk reinwâld ferskilt it soart reinwâld dat op in bepaald stee groeit, hinget ôf fan de hichte en de hoeveelheid delslach. It tropysk reinwâld wurdt ûnderferdield yn 3 ferskillende klassen, dy't hjirûnder apart beskreaun wurde.

In wâld dat eigentlik net diel útmakket fan de tropyske reinwâlden is it Mangrove-bosk. De woartels fan de beammen stean yn brak of sâlt wetter, en dêrtroch binne sy minder ôfhinklik fan delslach. Mangrove-bosken binne dêrom ek yn drûgere gebieten te finen, mits it gebiet oan de kust leit.

Tropysk leechlân reinwâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hichte: 0-1200 m
  • Trochsneed temperatuer: 25-30 °C
  • Trochsneed delslach: 2000-4000 mm

Yn it leechlânreinwâld groeien de heechste tropyske beammen; oant sawat 90 meter heech yn sommige reinwâlden. Tropysk leechlânreinwâld wurdt beskôge as it 'wiere' reinwâld. De ûndergroei is net bot ticht troch gebrek oan sinneljocht. De boaiem is meastentiids net fruchtber, mar it ferskaat oan plante- en bistesoarten is wol grut. Leechlânreinwâld is de meast bedrige soarte fan tropysk reinwâld, troch houtkap en lânbou.

Tropysk berchreinwâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hichte: 1200-2500 m
  • Trochsneed temperatuer: 15-25 °C
  • Trochsneed delslach: 2000-4000 mm

De beammen dy't hjir groeien binne minder heech as yn it leechlânreinwâld; trochstrings wurde sy 30 oant 40 meter heech. De ûndergroei is wol folle tichter. De plantensoarten binne faak endemysk en groeien op in frij ûnfruchtbere en rotseftige boaiem.

Tropysk dizewâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In paradijsfûgel
Lianen zijn houtige klimplanten die bomen als steun nodig hebben
  • Hichte: 2500-4000 m
  • Trochsneed temperatuer: 0-15 °C
  • Trochsneed delslach: 1500-3000 mm

De beammen yn it dizewâld wurde mar 2 oant 10 meter heech. De ûndergroei is hjir tige ticht en net trochkringber en bestiet foar it grutste part út mossen en farens. De boaiem is hjir -oars as yn leger leine wâlden- meastentiids fruchtber.

Planten en dieren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wittenskippers tinke dat der yn totaal in protte miljoenen plant- en diersoarten yn de tropyske reinwâlden libje: mear as 50% fan it totaal oantal bekende soarten. Dêrmei binne it de rykste natuergebieten op ierde. En lang net alle dieren en planten út de tropyske reinwâlden binne al ûntdekt of yndield. Fan dizze (noch net ûntdekke) soarten binne der faak guons by dy't stoffen befetsje hokke de ûntwikkeling fan medisinen tsjin AIDS, kanker of oare sykten fersnelle kinne. In oantal fan dizze soarten stean op e rân fan útstjerren, omdat har habitat bedrige wurdt troch houtkap. Ek oare minsklike faktoaren spylje in rol, lykas fersmoarging en de yntroduksje fan frjemde soarten, sa hawwe troch de minsk meibrochte dieren as katten, hûnen, rotten, geiten en bargen al in oantal reptilen helpe útstjerren.

De Endemy yn it reinwâld is ek bot heech. Soks hâldt yn dat in soart mar op ien spesifyk stee yn it reinwâld foarkomt, en earne oars net. Dat kin bygelyks feroarsake wurde troch de protte rivieren dy't troch tropysk reinwâld rinne.

Rafflesia

In grut tal plant- en diersoarten yn it reinwâld binne unyk: lykas de basilisken, hagedissen dy't op de efterpoaten oer wetter rinne kinne, swevende slangen en 'fleanende' agamen mei wjuk-eftige hûdflappen.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad miljoenen minske binne ôfhinklik fan it tropysk reinwâld, sy libje en jeie der. Mar ek in soad fan har wurde mei útstjerre bedrige.

Oarspronklike bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn distiid libje der noch tûzenen folken yn it wâld. Yn Brazylje allinnich al wenje 200.000 yndianen. In hûndert jier lyn wienen dat der noch wol mear as in miljoen: 87 stammen hawwe sûnttiid útstoarn. Yn Laos wurdt in grut part fan de befolking ta de boskfolken rekkene. Bekende lânseigen folken dy't yn it reinwâld libje binne;

Ynhiemske folken hawwe in grutte kennis fan it reinwâld dêr't sy yn libje. Dizze ynformaasje wurdt fan generaasje op generaasje oerlevere en is ûnmisber foar it oerlibjen fan de stam.

Nije bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich lûke hieltyd mear nije bewenners de reinwâlden binnen. Der wurde mear wegen oanlein en yn tanimmende mjitte fynt houtkap plak, mynbou en oaljewinning. It tropysk reinwâld is nammentlik ryk oan grûnstoffen: hurdhout, aluminium-erts, koper-erts, goud, bauksiet, rubber en oalje. Ek earme boeren meitsje gebrûk fan it wâld troch stikken fuort te kappen foar de lânbou, mar de grûn dy't sy dêrmei winnen is meastentiids nei in pear jier al wer útputte.

De ynhiemske befolking besit op papier lykwols gjin stik grûn en dêrtroch kinne sy troch de nije bewenners fuort jage wurde. Dat foarmet in serieuze bedriging foar de folken en har kultueren. Yn inkele lannen hat de ynhiemske befolking wol oer bepaalde rjochten, bygelyks yn Kolombia.

Gebrûk en ynfloeden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tropysk oerwâld is fan grut ekonomysk belang. Der wurde in soad grûnstoffen oan ûntlutsen, dy't dêrnei ferwurke wurde yn produkten dy't wy ek brûke. Hurdhout is tige yn trek omdat it hecht is en net rottet. Aluminium (in metaal dat dylge wurdt yn gebieten mei reinwâlden) wurdt yn hast alles ferwurke, fan bestek oant fleantugen. Mar ek fiedsel en (stoffen foar) medisinen wurde út it reinwâld helle.

Mar de ynfloed fan ity tropyske reinwâld fiet folle fierder. It is fan grut belang foar de klimaatregeling. In soad reinfal wurdt produsearre troch reinwâlden. Dêrneist komt 20 % fan de totale útstjit fan broeikasgassen troch ûntbosking en degradaasje yn tropyske reinwâlden. De koalstof dy't yn de wâlden opslein is, komt hjirtroch frij. Sommige reinwâlden, lykas de feanbosken yn Yndoneezje slane de koalstof út de loft yn de grûn op, wêrtroch't broeikasgassen yn de grûn opslein wurde. Yn it reinwâld sitte fierders "Genetyske oer-formules". Kweekte planten lykas jirpels kinne net tsjin guon sykten bestand blike. Se wurde dan krúst mei in wylde fariant dy't wól tsjin de sykte bestand is. Yn it tropyske reinwâld groeie ein soad "orizjinele ferzjes" fan planten dy't wichtich binne foar de minskheid. Reinwâlden binne ek wichtich foar farmaseutyske medisinen. 25% fan de hjoeddeiske medisinen komt út it tropysk reinwâld. Fan in diel hjirfan kinne de effektive molekulen net neimakke wurde. 70% fan de plantesoarten dy't potinsjele anti-kanker eigenskippen hawwe, groeie allinnich yn reinwâlden. Houtkap en útwreiding fan lânbougrûn yn reinwâlden kin dizze plantesoarten - en yn mindere mate bistesoarten - yn gefaar bringe. Sa wie in plant mei AIDS remjende eigenskippen krekt ûntdekt foardat dizze el hast ferdwûn wie út it reinwâld fan Maleizje.

Bedrigings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mear as de helte fan alle reinwâlden op ierde is yn de ôfrûne 50 jier ferdwûn troch de minsk. Neist de houtkap hawwe mynbou en oare minsklike aktiviteiten in tige nefatyf effekt op de wâlden. Hjirtroch stjerre alle dagen in soad plante- en bistesoarten út, en ferdwine der in protte hektares natoer. In oare bedriging foar it ekosysteem binne bistehannelers, dy't eksoatyske bisten út it reinwâld fange en deameitsje en dêrtroch it lykwicht fersteure. Kapt reinwâld groeit net hurd werom omdat de grûn ûnfruchtber is. Ek as de bosk úteinlik al weromgroeit, sil it nea wer sa't soarterykdom hawwe as eartiids, sels al wurde der ynhiemske beammen plante, en ynhiemske soarten werombrocht wurde.

It ferdwinen fan it tropyske wâld is yndirekt ek in bedriging foar de minsheid. De grutte oerflakten bosk beynfloedzje it klimaat en foarmje in boarne fan medisinen.

Behâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskillende organisaasjes (bygelyks it WNF en it IUCN) sette har yn foar it behâld fan de reinwâlden en de dieren dy't der libje. Ek de Nederlânske regearing jout jild út foar de beskerming fan dizze oerbosken. Nettsjinsteande dat bliuwt it slim om it ôftakeljen te stopjen, omdat ekonomyske belangen sa'n grutte rol spile. Reinwâlden groeien gruttendiels yn treddewrâldslannen, en de regearings dêr kinne al it jild dat sy krije toar de ûntginning fan it wâld, goed brûke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.