Sint-Pitersfloed

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sint Pitersfloed)

De Sint-Pitersfloed (Dútsk: Petriflut) is de namme fan twa ferskillende stoarmfloeden dy't yn 1651 de kusten fan Nederlân en Dútslân teheisteren en foar grutte oerstreamings soarge. By de earste (22 febrewaris) waard it Waadeilân Júst yn twaen spjalte; by de twadde (4-5 maart) strûpte Amsterdam ûnder.

Kaart fan it brutsen eilân Iuist (troch Karl Ludwig von Le Coq út 1805)

De twa rampen waarden eartiids troch elkoar helle omdat Noard-Dútslân en guon Nederlânske goaen de Juliaanske kalinder noch brûkten, wylst Hollân, Seelân en oare Nederlânske goaen al yn 1582 op de gregoriaanske kalinder oergien wienen.

Wat oerstreaming oanbelanget wie 1651 grif in rampjier. Yn de nacht fan 25 op 26 jannewaris brieken yn Nederlân op ferkate plakken de diken ek altroch. Fral East-Nederland waard doe rekke.

De stoarmfloed op 22 febrewaris 1651[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stoarmfloed dy't op 22 febrewaris 1651 de kust fan de East-Fryske Waadsee rekke feroarsake tûzenen deadlike slachtoffers; guon boarnen sizze fan 15.000.

De dunen fan de Waadeilannen Júst en Langereach brieken troch en Juist waard midstroch slein; pas yn 1932 soene de dielen wer by inoar brocht wurde.[1] It westlike diel fan it eilân Buise (tusken Júst en Baltrum), dat al by de Sint-Marsellusfloed (1362) healtroch spield wie, ferdwûn ûnder wetter (neffens guon boarnen barde dat lykwols earst yn 1690). De fûneminten fan de tsjerke fan Júst waarden oerspield en oantaast, sadat de tsjerke yn 1662 ynstoarte.[2]

De kustplakken Dornumersyl, Akkumersyl en Altensyl waarden ferwoastge troch de stoarmfloed. It wetter berikte de tsjerketerp fan Fulkum, dêr't in protte deaden bedobbe waarden.[3] It wetter kaam safier it lân yn dat ek it Altes Land, it efterlân fan Hamburch, dêrûnder spielde. It marke Gutsbrack yn it Altes Land is der in oerbliuwsel fan.[4]

De stoarmfloed op 4-5 maart 1651[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stoarmfloed fan 4-5 maart rekke de Nederlânske Suderseekust en gou as de swierste yn 80 jier.

Amsterdam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It trochbrekken fan de St. Antonisdyk by Houtewael ûnder Amsterdam
(Willem Schellinks (1627?–1678)

Oan de eastkant fan Amsterdam brieken de Sint Antoniesdyk, Zeeburgerdyk en Diemerseedyk. Dêrtroch spielde de Watergraafsmeer-polder en in grut part fan Amsterdam derûnder. It wetter streamde sels troch de Nieuwendijk en Warmoesstrjitte, middenyn Amsterdam.[5]

Yn de Watergraafsmeer kamen fiif minsken om. Nei de ramp waard útein set mei it opén nij drûchmealen fan de Watergraafsmeer. In ûnbekende dichter skreau:

Oude Meer, gij zult herrezen
Uit de wilde watervloed
'k Wil van U bewoner wezen
Want Uw landstreek is zo goed.

In jier letter wie de Watergraafsmeer wer drûch; op 15 july 1652 gie der in feestlike optocht troch de Watergraafsmeer om dat te fieren.

Op oare plakken yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek op oare plakken yn Nederlân waard de Sint-Pitersfloed in ramp. Yn Skeveningen, Katwyk en De Helder waarden huzen fuortslein en de nije dyk tusken Amsterdam en Haarlim koe it wetter net tsjinhâlde, sadat de omkriten fan Haarlim blank kaam te stean. By Edam beswike ek in dyk.

Net allinne Hollân mar ek noardeast-Fryslân en Grinslân hienen swier te lijen. De diken fan it Dokkumer Grutdjip joegen belies, sadat in wiel ûntstie, it Mâlegreefsgat, ek wol Sint Pitersgat neamd). Dêrnei waarden der plannen makke om it Dokkumer Grutdjip mei in slûs te tichtsjen. Ek it gebiet om de Doalert yn east-Grinslân hinne, hat it swier te ferduorjen hân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (dú) Nordsee-net - Nordseeinsel Juist
  2. (dú) Baedeker Allianz Reiseführer: Deutsche Nordseeküste. Karl Baedeker Verlag, Ostfildern 2007, ISBN 3-8297-1150-6
  3. (dú) Holtgaster Geschichtsbuch − 1600 bis 1700; Utj. Heimat- u. Verkehrsvereins Holtgast e. V.
  4. (dú) Gutsbrack - Stadt Hamburgl
  5. Marijke Carasso-Kok, W. Frijhoff, Nienke Huizinga, M. Prak, Ester Wouthuysen en Wiard Krook, Geschiedenis van Amsterdam. Utjouwerij Boom, 2005