Springe nei ynhâld

Barbados

Ut Wikipedy
Barbados
Flagge fan Barbados Wapen fan Barbados
Flagge Wapen
Lokaasje fan Barbados
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Bridgetown
Steatsfoarm republyk
Gebiet
% wetter
431 km²
-­%
Ynwenners (2008) 281.968
Munt Babardiaanske dollar (BBD)
Tiidsône UTC -4
Nasjonale feestdei 30 novimber
Lânkoade BRB
Ynternet .bb
Tillefoan 1-246
It parlemintsgebou yn Bridgetown

Barbados is in lân yn it Karibysk gebiet. It bestiet út ien inkeld eilân dat by de Boppewynske Eilannen heart fan de Lytse Antillen.

Barbados waard eartiids befolke troch de Yndiaanske Arowakken. Nei de ûntdekking fan Amearika troch Kolumbus arrivearren de Portegezen healwei de 16e iuw op it eilân. De oarspronklike befolking waard as slaven te wurk steld en soe troch de swiere omstannichheden dêr't sy yn libje moasten en troch Jeropeeske sykten yn koarte tiid útstjerre. Krekt as op oare Karybyske eilannen waarden ek hjir slaven út Afrika ymportearre. Yn 1627 kaam it eilân yn besit fan de Ingelsken dy't der in koloanje fan makken.

Op 16 april 1816 hie it eilân te krijen mei in grutte slavenopstân ûnder oanfiering fan de negerlieder Bussa. Yn 1838 waard de slavernij foarfêst ôfskaft. Barbados hat efkes lid west fan de West-Yndyske Federaasje (1958 - 1962) en krige úteinlik selsbestjoer yn 1961. Yn 1966 nei 339 jier Britsk bewâld waard it eilân folslein selsstannich.

Barbados is in frij flak, fruchtber eilân mei wat heuvels yn it noarden. It eilân leit mids koraalriffen.

Op Barbadis hearsket in evenredich tropysk klimaat.

Wat de grutte oanbelanget is Barbados frij tichtbefolke mei 281.968 ynwenners. De befolkingstichtens bedraagt 655,7 de km² en dêrmei kin sein wurde dat it eilân oerbefolke is. De befolking nimt noch hieltyd ta mei in groei fan in heal persint yn 't jier. De libbensferwachting is 76,5 jier.

De befolking bestiet benammen út ôfstammelingen fan Afrikaanske slaven en mulatten.

Sawat 49,4% fan de befolking is Kristen, wêrfan de Anglikanen de grutste tsjerke foarmje. Utsein it kristendom komt men ek wol oare godstsjinsten tsjin op Barbados, lykas it hindoeïsme en de islam.