Sintraal-Amearika

Ut Wikipedy
Sintraal-Amearika.

Sintraal-Amearika is it sintrale part fan de beide Amearika’s. It is in lâningte en kulturele regio fan it Noard-Amerikaanske wrâlddiel. Sintraal-Amearika makket yntegraal ûnderdiel út fan Midden-Amearika, dat ek Meksiko en it Karibysk Gebiet omfiemet.

Definysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sintraal-Amearika omfiemet de lannen Belize, Gûatemala, El Salvador, Hondûras, Nikaragûa, Kosta Rika en Panama. Ek wurdt Meksiko of inkeld harren steaten Chiapas, Tabasko, Campeche, Yucatán en Quintana Roo om geografyske redenen wol derby meirekkene. Geopolityk sjoen meitsje dizze steaten gjin diel út fan Sintraal-Amearika. Yn Sintraal-Amearika sels wurde faak ek Belize en Panama, om histoaryske redenen, net by it gebiet rekkene.

Fysike geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tektoanyske platen fan de wrâld, mei de Karibyske Plaat yn de midden.

Sintraal-Amearika is in lâningte yn it úterste suden fan Noard-Amearika. Yn geologysk mêd begjint it gebiet by de Lâningte fan Tehuantepec yn it suden fan Meksiko súdeastlik de kant fan Panama op, oant de Lâningte fan Panama. Hjir foarmet it gebiet de ferbining mei Kolombia yn Súd-Amearika. Geologysk sjoen rint it gebiet eins noch troch in stik fan Kolombia yn, oant de delte fan de Atrato Rivier.

It Trâns-Meksikaanske fulkanysk gebiet begrinzget it gebiet yn it noarden. Sintraal-Amearika is likernôch 592.000 kante kilometer grut. De Stille Oseaan leit oan de súdwestkante fan it gebiet, yn it easten leit de Karibyske See en yn it noarden de Golf fan Meksiko. It meastepart fan Sintraal-Amearika leit op it Karibyske Plaat.

It gebiet is geologysk aktyf, mei fulkaanútbarstings en ierdskoddings út en troch. Sa waard Managûa, de haadstêd fan Nikaragûa, yn 1931 en 1972 ferwoaste troch ierdskoddings. By de ierdskodding fan 1972 kamen der likernôch 10.000 minsken om it libben. Yn 1986 en twa kear yn 2001 krige El Salvador] te krijen mei ierdskoddings, en yn 2009 hawwe der ierdskoddings west yn Hondûras en Kosta Rika.

Fulkaanútbarstings komme út en troch foar. Yn 1968 barste de Arenal Fulkaan yn Kosta Rika út, 87 minsken kamen dêrby om it libben. Troch de fruchtbere grûn dy’t ûntstien is troch de útbarstings waard it mooglik goed te buorkjen. Hjirtroch kinne der grutte mannichten minsken yn it gebiet wenje.

Sintraal-Amearika hat in grut ferskaat oan berchrigen, de langsten binne de Sierra Madre de Chiapas, de Cordillera Isabelia en de Cordillera de Talamanca. Tusken de rigen yn lizze delten mei fruchtbere grûn dy't goed bewenber binne foar minsken. De measte minsken fan Hondûras, Kosta Rika en Gûatemala libje dan ek yn de delten. De grûn hjir is goed te brûken foar de produksje fan kofje, beannen en oare gewaaksen.

De fulkaan Tajumulco yn Gûatemala is mei 4.220 meter it heechste punt fan it gebiet.

Minsklike geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte definysje rekkenje Belize en Panama ek ta de Midden-Amerikaanske lannen. Mar dizze lannen wienen yn it ferline net part fan de Feriene Steaten fan Midden-Amearika, in federaasje fan lannen tusken 1823 en 1838. It gebiet dat no Belize is, wie earder yn besit fan it Feriene Keninkryk en it Spaanske Ryk en letter noch fan Gûatemala. Yn 1871 waard it in Britske koloanje, Britsk Hondûras en yn 1981 krige it harren ûnôfhinklikens.

Panama wurdt ek wol in trâns-kontinintaal gebiet neamd, in gebiet dat op meardere wrâlddielen leit. Om it Panamakanaal wurdt ik wol beskôge as part fan Noard-Amearika en Súd-Amearika. Yn harren foar-Kolombiaanske tiid wie Panama kultureel ferbûn mei Súd-Amearika. Panama wie yn besit fan it Underkeninkryk fan Nij Grenada, letter waard it in ûnderdiel fan Grut Kolombia. Pas nei de ûnôfhinklikens fan Kolombia yn 1903 waard Panama stadichoan as Noard- of Sintraal-Amerikaansk lân oantsjutten.

Yn Sintraal-Amearika wenje likernôch 41 miljoen minsken (2009).

Lân Haadstêd Ynwenners Oerflak (km²) Taal
Belize Belmopan 307.000 22.966 Ingelsk
El Salvador San Salvador 6.163.000 21.040 Spaansk
Gûatemala Gûatemala-Stêd 14.027.000 108.890 Spaansk
Hondûras Tegusigalpa 7.466.000 112.090 Spaansk
Kosta Rika San José 4.579.000 51.100 Spaansk
Nikaragûa Managûa 5.743.000 129.494 Spaansk
Panama Panama-Stêd 3.454.000 78.200 Spaansk
Totaal 41.739.000 523.780

Natuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It reinwâld yn Kosta Rika.

Sintraal-Amearika leit om de evener hinne en hat sadwaande in tropysk klimaat. Der binne tichte reinwâlden yn it gebiet en der is in grutte bioferskaat oan bisten en planten. Likernôch 7% fan it wrâldske bioferskaat libbet yn it gebiet.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste bewizen fan bewenning yn Sintraal-Amearika wurde rûze op likernôch 12.000 foar Kristus. Yndianen hawwe de oarspronklike bewenners west fan it gebiet. Yn it suden fan Meksiko en Gûatemala setten harren oan de begjin fan de jiertelling de Mayabeskaving del, dat yn it ferfal rekke yn de 7e iuw. It suden fan Sintraal-Amearika hat ûnder de ynfloed stien fan de Andesbeskaving.

Koloniale tiidrek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De politike sitewaasje yn it gebiet sûnt 1700.

It gebiet waard yn de 16e iuw troch de Spanjerts ferovere. Omdat op it stuit dat de Spanjerts der kamen gjin sintraal gesach wie yn it gebiet, krekt as yn de tiid fan de Asteken en de Inka’s, hat it tige lang duorre foardat Spanje it gebiet alhiel ûnder kontrôle krige. De konkwistadores moasten it gebiet stedsteat foar stedsteat oermasterje. It duorre oant 1697 foardat de lêste stêd fan Gûatemala, Tayasal, yn Spaanske hannen kaam. De Spanjerts fermongen harren sels mei de ynlânske befolking en letter ek mei slaven, dy’t yn grutte mannichten út Afrika nei it gebiet helle waarden. It gebiet waard troch de Spanjerts yndield by de Kapiteinsgeneraliteit Gûatemala, dat ûnderdiel wie fan it Nij-Spanje. Panama foel ûnder Nij-Grenada, wylst it grutste part fan Belize yn de 17e iuw ynnaam waard troch de Ingelsken.

Unôfhinklikens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1822 slute it gebiet harren oan by it krekt ûnôfhinklik wurden Meksiko, mar in jier letter waard it gebiet sels ûnôfhinklik ûnder de Feriene Steaten fan Sintraal-Amearika. Chiapas, dat yn de koloniale tiid ûnder Gûatemala foel makke de kar foar oansluting by Meksiko, wylst Panama in departemint waard fan Grut-Kolombia. Yn 1840 foel de Sintraal-Amearikaanske federaasje útinoar, de lannen fan de federaasje gienen no troch as selsstannige republiken. Yn de neikommende desenniums bedarren de lannen yn ûnderlinge oarloggen, diktatueren en boargeroarloggen. Der waard besocht de federaasje werom te bringen, mar dat slagge net. It Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten hawwe ferskate kearen harren der meidwaande hâlden.

De flaggen fan de Feriene Steaten fan Sintraal-Amearika.

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Amerikaanske yntervinsje makke yn 1903 de ûnôfhinklikens fan Panama mooglik, wêrnei der begûn waard mei it bouwen fan it Panamakanaal. It lân waard doe al in Amerikaanske fazalsteat en ek Nikaragûa hat in tiidlang fan de Amerikanen west, oant it stuit dat de revolúsjonêr César Sandino de Amerikanen fuortjeie. Amerikaanske bedriuwen, benammen de United Fruit Company, hawwe it gebiet ek ekonomysk in harren macht hân en de ekonomyen fan de lannen rekken ôfhinklik fan de eksport fan harren guod, lykas kofje en bananen, nei de Feriene Steaten.

Fan de jierren ’20 en ’30 ôf ûntwikkelen de measte lannen yn it gebiet ta diktatueren dy’t harren ynspirearje lieten troch it faksisme yn Jeropa, mei de diktator fan El Salvador, Maximiliano Hernández Martínez, as meast ferneamde dêrfan. Hy kaam oan de macht nei in boerenopstân yn 1932 en liet 32.000 minsken dea meitsje. Yn earste ynstânsje waarden de diktators troch Amearika steunt, se hienen hope op in stabilere sitewaasje yn it gebiet. Mar nei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie de stipe fan de Amerikanen der net mear en healwei de jierren ‘40 slaggen tsjinstanners fan de rezjyms deryn de macht oer te nimmen. Net lang hawwe de demokrasyen doe stânhâlden yn it gebiet, al gau kamen de boargeroarloggen werom. Allinnich yn Kosta Rika is de demokrasy oerein bleaun. Under lieding fan de presidint José Figueres Ferrer koe it lân harren ûntwikkelje ta in foarbyld fan demokrasy en stabiliteit yn in gebiet dat in soad te krijen hoe mei oarloggen. Ek ekonomysk hat Kosta Rika it doe goed dien.

Dat de diktatueren werom kamen hie alles te krijen mei de stipe fan de Feriene Steaten yn 1954 oan Operaasje PBSUCCESS, wêrby rjochtse generaals de sosjalistyske presidint Jacobo Arbens Guzmán fan Gûatemala fan it regear hellen. Amearika joech harren stipe oan de opstân omdat se bang wienen dat it kommunisme en de Sovjet-Uny in te grutte ynfloed krije soenen. Nei de operaasje krige Gûatemala wer te krijen mei steatsgrepen en boargeroarloggen. Sûnt de jierren ’70 bestriden kommunistyske guerilja’s de ferskate militêre regearingen dy’t hieltyd autoritêrder wurden wienen. De situaasje einige yn in genoside fan de Mayabefolking yn de jierren ’80. De genoside en de boargeroarloch, dy’t oant yn de jierren ’90 duorre, hat 200.000 minsken it libben koste.

Ek yn El Salvador hat oarloch west. Hjir stienen it kommunistyske Nasjonaal Befrijingsfront Farabundo Martí (FLFM) en it regear, mei de stipe fan ekstreemrjochtse deadsskwadrons, tsjin oerelkoar. Yn Nikaragua regearen desenniums lang de korrupte Famylje Sornoza, dy’t yn 1979 ferdreaun waarden troch de revolúsjonêren fan it Sandinistysk Nasjonaal Befrijingsfront (FSLN), dy’t in begjin makken mei de ynfier fan sosjalistyske herfoarmings. Hjirnie ûntstie in nije boargeroarloch, wêrby de troch de Feriene Steaten stipe kontra’s de Sandinisten bestrieden. De ferkiezings yn 1990 waarden wûn troch Violeta Barrios de Chamorro, wêrnei de Sandinistyske presidint Daniel Ortega fuort moast. Panama waard yn dizze tiid bestjoerd troch de militêre mannen Omar Torijos (oant 1982) en Manuel Noriega (nei 1982), se regearden mei de help fan marionettenpresidinten. Nei in militêre ynfaazje fan de Feriene Steaten waard Noriega yn 1989 ôfsetten en arresteare.

Mei de ein fan de Kâlde Oarloch waard it ek rêstiger yn Sintraal-Amearika, stadichoan kaam der in ein oan de boargeroarloggen en diktatueren. Begjin jierren ’90 kaam yn de measte lannen de demokrasy en de frede werom, wol bleaun it mei de minskerjochten noch hieltyd min steld. De republiken fan Sintraal-Amearika hawwe ek no noch te krijen mei grutte problemen. De sosjale en ekonomyske ûnôfhinklikens binne gigantysk en ek de kriminaliteit is tige grut yn it gebiet. In bykommend probleem is de korrupsje en de straffeleasheid; noch hieltyd is der net ien feroardield foar de oarlochsmisdieden en minskerjochtenskeinings dy’t yn it ferline bard binne.

Sintraal-Amerikaanske gearwurking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lannen fan de SICA.

Sintraal-Amearika hat al in lange skiednis fan gearwurking op it mêd fan polityk, ekonomy en kultuer. Al sûnt 1907 wurdt der yn it Sintraal-Amerikaanske Hof fan Justysje gearwurke. Yn 1951 waard der in stap fierder gien mei it San Salvador Ferdrach. Mei dit ferdrach waard de ODECA stifte, de Organisaasje fan Sintraal-Amerikaanske Lannen (Organización de Estados Centroamericanos). Mar de ODECA waard net hielendal in súkses, troch konflikten tusken ferskate lidsteaten fan de regio.

Pas yn 1991 waard de yntegraasje klearmakke mei de ynfier fan de SICA, it Systeem foar de Sintraal-Amerikaanske Yntegraasje (Sistema para la Integración Centroamericana). De SICA soarge foar in kleare legale basis om ôfwikings tusken de lidsteaten. Fan de SICA binne alle lannen fan Sintraal-Amearika lid, ek de Dominikaanske Republyk yn de Karibyske See is lid.

Op 6 desimber 2008 makke de SICA bekend oerienstimming berikt te hawwe oer de ynfier fan ien muntienheid yn de dielnimmende lannen. Ek moat der in standert paspoart komme foar de lannen fan de SICA. Der is gjin eindatum foar de ynfier besprutsen.

Sintraal-Amearika hat al in ferskaat oan supranasjonale organisaasjes, bygelyks it Sintraal-Amerikaanske Parlemint en de Sintraal-Amerikaanske Bank foar de Ekonomyske Yntegraasje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]