Konkwistadore

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Francisco Pizarro
Konkwistadors bidde foar in slach
Pedro de Valdivia stichtet Santagio de Chile. Skilderij fan Pedro Lira, 1889

Konkwistadores (Spaansk: Conquistadores) is de namme dy't de Spanjerts joegen oan de oermasterers fan de Nije Wrâld. Sy wienen soldaten, ûntdekkingsreizgers en avonturiers dy't in grut part fan Latynsk-Amearika en de Filipinen fan de 15e oant de 17e ieu ûnder Spaansk bewâld brocht hawwe.

Neidat Kolumbus Amearika ûntdekt hie, stjoerde Spanje der al gau ekspedysjes hinne, om de "Nije Wrâld" te 'kerstenjen'. Dizze ekspedysjes waarden foar it meastepart laat troch hidalgo's dy't ta de ferearmde eallju hearden. Sy hopen yn Latynsk-Amearika harren fortuin meitsje te kinnen dat yn Jeropa net mooglik wie. In soad konkwistadores kamen út Ekstremadûra.

Ynearsten waard troch de konkwistadores de ynlânske befolking tige min behannele. In protte yndianen waarden troch harren dea makke, mishannele en ta slavernij brocht. De Yndiaanske stêden waarden ferneatige en dêrtroch is soad wichtige kultuere sintra fan ûnder oaren de Inka en de Maya ferdwûn.

List fan conquistadores en Spaanske ûntdekkingsreizgers[bewurkje seksje | edit source]

Namme (regio fan ferovering of ûntdekking, tiidrek fan ferovering of ûntdekking)