Untdekkingsreizger

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûntdekkingsreizger)
Kazimierz Nowak, in stereotipe ûntdekkingsreizger

Mei de term ûntdekkingsreizger wurdt ornaris in persoan oantsjutten dy't him dwaande hâldt mei it ûndersykjen fan ûnbekende gebieten of plakken op de wrâld. It is fral in term dy't mei de skiednis gearhinget omdat de grutte ûntdekkingen ûnderwilens al plak hawwe fûn. Meastentiids fungearre dizze persoan as lieder of ferantwurdlike fan in kloft minsken dy't opdracht krige hie nei gebieten of plakken op de wrâld te gean dy't oant dan net bekend wienen foar de maatskippij dêr't sy by hearden. In protte fan dizze ûntdekkingsreizgers krigen eartiids opdracht om de nij ûntdutsen gebieten yn kaart te bringen, in koloanje te fêstigen of te feroveren.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]