Tegusigalpa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tegusigalpa
Sint Michelkatedraal Tegusigalpa
Sint Michelkatedraal Tegusigalpa
Sifers
Ynwennertal 1.086.641 (2009)
Oerflak 751.1 km²
Befolkingstichtens ± 930/km²
Stêdekloft 1.324.000
Hichte 980 m
Polityk
Lân Hondueras
Departemint Francisco Morazán
Boargemaster Ricardo Álvarez (PNH)
Oar
Stifting 29 septimber 1578
Haadstêd sûnt 1880
Tiidsône Centra America (UTC-6)
Koördinaten
Webside (sp) De offisjeel webstee Tegusigalpa
Lizzing yn Hondueras

Tegusigalpa is de haadstêd fan it Midden-Amearikaanske lân Hondueras en fan it departemint Francisco Morazán. Mei benei 1.500.000 ynwenners (2006) is it de grutste stêd fan it lân. De stêd leit yn in middelberchtme en wurdt omjûn troch nullebosken. De stêd hat in heal-fochtich tropysk klimaat mei in droege tiid fan novimber/desimber oant april.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Tegusigalpa waard stifte troch de Spanjerts as Real Villa de San Miguel de Heredia de Tegucigalpa op 29 septimber 1578 op it plak dêr't al delsetting wie. Under de Republyk Hondueras wiene Tegusigalpa en Comayagua (de haadstêd yn de koloniale tiid) om de beurten haadstêd, earst yn 1880 waard regele dat Tegusigalpa foar altyd haadstêd wêze soe.


Tegusigalpa bleau oant yn de jierren 70 fan de 20e ieu in relatyf lytse provinsjestêd; dêrnei migrearren in protte minsken fan it plattelân nei de stêd. Yn de jierren 80 waarden in soad wegen en ferkearskeunstwurken oanlein en grutte gebouwen set, in nijichheid foar de stêd dy't nea oars as gebouwen fan twa ferdjippings hân hie. Tegusigalpa is fier bûten syn koloniale kearn útwreide, nei east, súd en west, sadat der in metropoal ûnstien is, mar ien dy't in frijwat rommelich, ûnorganisearre oansjen krigen hat.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

De stêd hat in tal gebouwen fan belang dy't it besjen wurdich binne; sa as it eardere Presidinsjeel Paleis, no in nasjonaal museum, it haadkertier fan de Sintraal Amerikaanske Bank foar Ekonomyske Yntegraasje, de kampus fan de Nasjonale Universiteit fan Hondueras (1847), in 18e ieuske katedraal en de Basilyk fan de Faam fan Suyapa.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

De measte stedsbewenners binne Spaansksprekkende Mestizen mei in minderheid fan Latynsk-Amerikanen. Fierders hâldt dêr in minderheid fan Sinezen en Arabieren ta, de lêsten binne meast Palestinen. Ek wenje der noch Midden-Amerikaanske Yndianen en Afro-Hondueranen.

Yndustry[bewurkje seksje | edit source]

Yn de 16e ieu wie Tegusigalpa in wichtich plak foar de goud- en sulverwinning; ek nei de ûnôfhinklikens fan Hondueras wie dat noch in skoft fan belang. No binne de tekstyl-, sûker- en sigarette-yndustry it wichtichst, mar teffens wurdt der hout, multypleks, papier, keramyk, sement, glês en gemikaliën produsearre.

Ynfrastruktuer[bewurkje seksje | edit source]

In Boeing 757 makket skerpe draai foar lâning op Tokontin

Tegusigalpa is ien fan mar in pear haadsteden yn de wrâld dy't net oan it spoar leit.

De lofthaven fan de stêd, Tonkontín, jildt as ien fan de gefaarlikste yn de wrâld út reden fan syn koarte banen en syn lizzing deun op de stedsbebouwing. Benammen gruttere tastellen binne om te lânjen twong om op lege hichte risikofolle maneuvels út te heljen. Piloaten fan ferskate Amerikaanske fleanmaatskippijen wurde út soarte treend yn it fleanen op Tonkontin.