2001
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 1996 | 1997 | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2001 MMI |
Ab urbe condita | 2754 |
Armeenske kalinder | 1450 ԹՎ ՌՆԾ |
Etiopyske kalinder | 1993 – 1994 |
Hebriuwske kalinder | 5761 – 5762 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2056 – 2057 |
- Shaka Samvat | 1923 – 1924 |
- Kali Yuga | 5102 – 5103 |
Iraanske kalinder | 1379 – 1380 |
Islamityske kalinder | 1422 – 1422 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4697 – 4698 丁辰 – 戊巳 |
2001 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 2001.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - By de saneamde Kafeebrân yn Foalendam komme by in hommels útbrekkende brân yn Café De Hemel yn Foalendam 14 minsken om en reitsje nochris 350 oaren ferwûne.
- 5 - It Wikipedia-projekt begjint, mei de Ingelsktalige Wikipedy.
- 13 - By in swiere ierdbeving yn El Salvador komme 944 minsken om.
- 16 - Laurent Kabila, de diktator fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, wurdt fermoarde troch ien fan syn eigen liifwachten.
- 20 - George W. Bush wurdt plechtich ynwijd as de 43e presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 20 - Yn 'e Filipinen einiget de ôfsettingsproseduere tsjin presidint Joseph Estrada yn 'e Twadde People Power-revolúsje, dy't syn fise-presidinte Gloria Macapagal Arroyo oan 'e macht bringt.
- 26 - By in swiere ierdbeving yn 'e Yndiaaske dielsteat Gûdjarat komme mear as 12.000 minsken om.
- 27 - Yn 'e autonome republyk Sansibar iepenje Tanzaniaanske feilichheidstroepen it fjoer op demonstranten dy't protestearje tsjin 'e grutskalige stimbusfraude en wiidfersprate yntimidaasje ûnder de ferkiezings fan desimber 2000. Hjirby komme 35 minsken om it libben en reitsje 600 oaren ferwûne. Neitiid ûntflechtsje in protte Sansibarezen op fiskersboaten Tanzania en sykje beskûl yn 'e buorlannen.
- febrewaris
- 9 - De Amerikaanske dûkboat de USS Greeneville bringt yn 'e neite fan 'e Hawaï-eilannen by fersin it Japanske fiskersskip de Ehime-Maru ta sinken.
- 10 - Rintje Ritsma wurdt yn Boedapest foar de fjirde kear wrâldkampioen reedriden Oer-alles.
- 12 - De romtesonde NEAR Shoemaker lânet op 433 Eros en wurdt dêrmei it earste romteskip dat op in asteroïde lânet.
- 13 - By in swiere ierdbeving yn El Salvador komme teminsten 400 minsken om.
- 16 - Yn it ramt fan 'e Iraakske ûntwapeningskrisis fiere Amerikaanske en Britske bommesmiters bombardeminten út op Irak om 'e loftdoelferdigening fan dat lân út te skeakeljen.
- 22 - Yn Ingelân wurdt yn in slachthûs by bargen tongblier fêststeld: dat is it begjin fan 'e Tongblierkrisis, dy't it Feriene Keninkryk, Nederlân en dielen fan Frankryk oant ein juny yn syn greep hâlde sil.
- 29 - By de treinramp fan Great Heck, yn noardlik Ingelân, komme 10 minsken om en reitsje 82 oaren ferwûne.
- maart
- 2 - Yn Afganistan begjinne de Taliban mei de ferneatiging fan 'e monumintale Boeda's fan Bamiyan.
- 23 - It âlde Russyske romtestasjon Mir wurdt út syn baan om 'e Ierde helle en stoart del yn 'e Stille Súdsee by Fidzjy.
- april
- 1 - By it Hainan-ynsidint komt in Sineeske Shenyang J-8-strieljager yn 'e loft sa deunby in Amerikaansk radarfleantúch, dat se inoar reitsje. It radarfleantúch is twongen en meitsje in needlâning op it Sineeske eilân Hainan. De bemanning wurdt dêrnei troch de Sineeske autoriteiten fêstholden.
- 1 - Nederlân fiert as earste lân yn 'e wrâld it homohoulik yn.
- 1 - De eardere Joegoslavyske presidint Slobodan Milošević jout him oer oan 'e plysje om troch it ynternasjonale Joegoslaavjetribunaal yn De Haach berjochte te wurden foar oarlochsmisdieden.
- 11 - De bemanning fan it Amerikaanske radarfleantúch dat in needlâning makke hat op it Sineeske eilân Hainan, wurdt nei hûs ta stjoerd. Dêrmei komt in ein oan it Hainan-ynsidint.
- 11 - De tongblier brekt ek út yn Fryslân, op in buorkerij yn Ie en in dei letter yn Eanjum.
- 28 - De Amerikaanske miljonêr Dennis Tito set mei de Russyske Sojûz TM-32 út it Kosmodroom fan Bajkonoer, yn Kazachstan, ôf nei it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS). Hy is de earste romtetoerist.
- maaie
- 6 - De Amerikaanske miljonêr Dennis Tito keart mei de Sojûz TM-31 fan it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) werom nei de Ierde en beëiniget dêrmei de alderearste romtefakânsje.
- 7 - Yn 'e Bosnyske stêd Banja Luka wurdt besocht en meitsje in begjin mei de weropbou fan 'e ferwuostge Ferhadija-moskee. De seremoanje, dêr't 300 Bosnyske Moslims op jierren foar útnûge binne, rint lykwols út op in fiasko as der in opskuor ûntstiet fan nasjonalistyske Bosnyske Serven dy't de Moslims mei stiennen bekûgelje en op harren yn slane.
- 24 - De Sjerpa Temba Tsheri wurdt mei 16 jier de jongste persoan ea dy't de top fan 'e Mount Everest berikt hat.
- 24 - By de ramp yn de Versailles-trouseal komme yn Jeruzalim 23 minsken om en reitsje 380 lju ferwûne as de trêde ferdjipping fan in gebou fan fjouwer ferdjippings ynstoart.
- juny
- 1 - De moard op de Nepaleeske keninklike famylje wurdt útfierd troch kroanprins Dipendra, dy't mei in mitrailleur it fjoer iepenet op syn eigen famyljeleden en dêrby 10 minsken deadet, ynkl. syn heit, kening Birendra fan Nepal. Dipendra, dy't neitiid de hân oan himsels slacht, stjert trije dagen letter yn it sikehûs oan syn selstabrochte ferwûnings.
- 1 - In selsmoardoanslachdogger fan 'e militante Palestynske Hamasbeweging bringt 21 minsken om by in bomoanslach op de Dolphinarium-diskoteek yn 'e Israelyske stêd Tel Aviv.
- 5-9 - De tropyske stoarm Allison smyt 900 mm rein út oer de Amerikaanske stêd Houston, wêrby't 22 minsken omkomme en foar mear as $5 miljard oan skea oanrjochte wurdt.
- 7 - De Amerikaanske presidint George W. Bush ûndertekenet de Economic Growth and Tax Relief Reconciliation Act of 2001, de earste yn in rige belestingferlegings dêr't inkeld de riken fan profitearje, de saneamde belestingferlegings fan Bush.
- 23 - By in swiere ierdbeving yn súdlik Perû, fan 8,4 op 'e skaal fan Richter, folge troch in ferwuostgjende tsûnamy, komme teminsten 75 minsken om en reitsje 2.687 lju ferwûne.
- july
- 2 - It earste kompakte keunsthert wurdt ymplantearre by de Amerikaan Robert Tools.
- 3 - It ferkearsfleantúch Vladivostok Air-flecht 352 stoart koart foar de lâning op 'e lofthaven fan 'e Sibearyske stêd Irkûtsk del, wêrby't 145 minsken omkomme.
- 7 - It rasse-opskuor fan Bradford brekt út yn 'e Ingelske stêd Bradford nei't leden fan it rasistyske Nasjonaal Front in man fan Súdaziatysk komôf delstekke by in bar.
- 16 - De Russyske Federaasje en de Folksrepublyk Sina slute it Sineesk-Russysk Freonskipsferdrach.
- 20-22 - Yn it Italjaanske Genua fynt de 27e G8-top plak. De anty-globalisearringsbeweging organisearret massale demonstraasjes dy't útrinne op in konfrontaasje mei de plysje. De demonstrant Carlo Giuliani wurdt dêrby deade troch in plysjeman. Ferskate oaren reitsje slim ferwûne by in plysje-oanfal op in skoallegebou dat troch de demonstranten as haadkertier brûkt wurdt.
- 24 - De Tamyl Tigers fiere de oanfal op de Ynternasjonale Lofthaven Bandaranaike út yn 'e Srylankaanske stêd Kolombo. Dêrby wurdt foar $500 miljoen oan skea oanrjochte.
- 24 - Yn Bulgarije wurdt Simeon II fan Saksen-Coburg-Gotha, dy't as bern de lêste kening fan Bulgarije wie, ynsward as de demokratysk keazen 48e premier fan it lân.
- augustus
- 1 - Roy Moore, in Amerikaanske rjochter fan it Heechgerjochtshôf fan Alabama, lit in plakette mei dêrop de Tsien Geboaden oanbringe yn syn heechgerjochtsgebou. Dat liedt ta in rjochtsaak wêrby't er twongen wurdt om dy plakette fuort te heljen en úteinlik ek ta syn eigen ôfsetting as rjochter.
- 9 - By de bomoanslach op in Sbarro-restaurant yn Jeruzalim fiert in militante Palestyn in selsmoardoanslach út op in restaurant yn Jeruzalim, wêrby't 15 minsken omkomme en 130 lju ferwûne reitsje.
- 10 - By de oanslach op in trein yn Angoala, troch de rebellebeweging UNITA yn it ramt fan 'e Angoleeske Boargeroarloch, komme 252 minsken om.
- 25 - De Amerikaanske sjongster Aaliyah en ferskate meiwurkers fan har platemaatskippij komme om as harren oerladen fleantúch delstoart, koart nei it opstiigjen fan it Fleanfjild Marsh Harbour, yn 'e Bahama's.
- septimber
- 3 - Yn 'e Noardierske haadstêd Belfast begjinne militante protestanten yn it ramt fan it skeel oer Holy Cross in besingeling fan de roomske Holy Cross-basisskoalle foar famkes. De kommende 11 wiken moatte roomske âldelju harren dochters nei skoalle bringe tusken in dûbele hage fan opskuorplysje troch dy't de hûnderten skellende en flokkende protestantske demontranten op in ôfstân hâldt.
- 9 - Yn noardlik Afganistan wurdt Achmed Sjah Massûd, de lieder fan 'e Noardlike Alliânsje, dy't tsjin 'e islamistyske diktatuer fan 'e Taliban fjochtet, by in oanslach fermoarde troch terroristen fan al-Qaida dy't harren foardogge as in tillefyzjeploech.
- 9 - By de metanoltrageedzje fan Pärnu komme yn 'e Estyske provinsje Pärnu 68 minsken om troch metanolfergiftiging.
- 10 - De Amerikaanske minister fan Definsje Donald Rumsfeld jout in taspraak oer de $2,3 biljoen yn 'e begrutting fan syn ministearje dy't weirekke is. Hy wiist de burokrasy fan it Pentagon oan as de grutste bedriging foar de Feriene Steaten.
- 11 - By de oanslaggen op 11 septimber 2001 brûke islamistyske terroristen yn 'e Feriene Steaten ferkearsfleantugen as wapens troch se te kapen en yn gebouwen te fleanen. American Airlines-flecht 11 en United Airlines-flecht 175 boarje har yn 'e noarder- en sudertoer fan it World Trade Center, in kantoargebou yn New York. Beide wolkekliuwers reitsje dêrby sa slim skansearre dat se net folle letter ynstoarte. American Airlines-flecht 77 boarret him yn it Pentagon, it gebou fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje, yn Washington, D.C. In fjirde fleantúch, United Airlines-flecht 93, stoart del yn in fjild by Shanksville, yn Pennsylvania, as de passazjiers tsjin de kapers yn opstân komme. Der falle yn totaal 2.996 deaden, ynkl. 19 dieders.
- 18-12 oktober - By de myltfjoeroanfallen yn 'e Feriene Steaten, stjoere terroristen brieven mei myltfjoerspoaren oan ferskate mediabedriuwen: ABC, CBS, NBC, de New York Post en de National Enquirer. Der komme 5 minsken om en nochris 17 lju reitsje ynfektearre.
- 20 - Yn in taspraak foar de beide huzen fan it Amerikaanske Kongres ropt de Amerikaanske presidint George W. Bush de "Oarloch tsjin it Terrorisme" út.
- 21 - Yn 'e Frânske stêd Toulouse ûntploft it gemyfabryk AZF, wêrby't 29 minsken omkomme en mear as 2.500 lju ferwûne reitsje.
- 27 - By it Bloedbad fan Zug sjit Friedrich Leibacher yn it Switserske Zug 18 minsken del, fan wa't 14 omkomme, ear't er himsels tekoart docht.
- oktober
- 1 - Kasjmiereeske militanten dogge in in oanslach op it parlemint fan 'e Yndiaaske steat Djammû en Kasjmier. Dêrby komme 38 minsken om.
- 2 - De Switserske loftfeartmaatskippij Swissair freget beskerming tsjin bankrot oan en set alle fleantugen oan 'e grûn. Dêrtroch geane 230 plande flechten net troch en komme wrâldwiid 18.000 passazjiers fêst te sitten.
- 4 - It Russyske ferkearsfleantúch Siberia Airlines-flecht 1812 stoart ûnderweis fan Novosibirsk yn Sibearje nei Tel Aviv yn Israel del boppe de Swarte See. Dêrby komme 78 minsken om.
- 7 - De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Spanje, Itaalje, Kanada en Austraalje begjinne de Oarloch yn Afganistan tsjin it Taliban-rezjym dêre, dat Osama bin Laden, it brein efter de oanslaggen op 11 septimber 2001 wegeret út te leverjen.
- 8 - By de ramp op de Lofthaven Linate komme yn tichte mist in Cessna-sakefleantúch en in ferkearsfleantúch fan Scandinavian Airlines mei-inoar yn botsing op in lâningsbaan op 'e Italjaanske Lofthaven Linate, by Milaan. Alle 114 ynsittenden fan beide fleantugen en 4 minsken op 'e lofthaven komme om.
- 19 - It skip de SIEV X komt ûnderweis nei Krysteilân te sinken, wêrby't 353 minsken ferdrinke.
- 23 - Yn Noard-Ierlân set it paramilitêre Ierske Republikeinske Leger (IRA) útein mei ûntwapening.
- 23 - Apple yntrodusearret de iPod.
- 25 - Microsoft yntrodusearret it kompjûterprogramma Windows XP.
- 26 - De Amerikaanske presidint George W. Bush ûndertekenet de USA PATRIOT Act, dy't de feilichheidstsjinsten yn it ramt fan 'e Oarloch tsjin it Terrorisme foech jout om op alderhanne manearen ynbrek te meitsjen op 'e privacy fan boargers.
- novimber
- 4 - De orkaan Michelle treft Kuba en fernielt dêr de rispinge. Tûzenen minsken reitsje dakleas.
- 7 - De Belgyske nasjonale loftfeartmaatskippij Sabena giet fajyt.
- 10 - Swiere rein soarget yn Algerije foar ierdferskowings, wêrby't 900 minsken omkomme.
- 12 - It ferkearsfleantúch American Airlines-flecht 587 stoart del yn 'e New Yorkske wyk Queens, wêrby't alle 260 ynsittenden en 5 minsken op 'e grûn omkomme.
- 12 - Yn it ramt fan 'e Oarloch yn Afganistan lûke de Taliban harren nei swiere Amerikaanske bombardeminten werom út 'e Agaanske haadstêd Kabûl.
- 13 - Earste ôflevering fan Baas boppe Baas, in dramarige fan Omrop Fryslân.
- 14 - Troepen fan 'e Noardlike Alliânsje, dy't stipe wurdt troch de Feriene Steaten, kinne yn it ramt fan 'e Oarloch yn Afganistan sûnder swierrichheden de Afgaanske haadstêd Kabûl besette, dy't twa dagen earder ferlitten is troch de tebekwikende Taliban.
- desimber
- 2 - It Amerikaanske bedriuw Enron giet fajyt. Dit is it grutste bankrot yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten.
- 13 - By in terroristyske oanfal op it parlemint fan Yndia komme 12 minsken om. As Yndia it buorlân Pakistan fan mandéligens oan de oanslach beskuldiget, liedt dit barren ta de Yndiaask-Pakistaanske Krisis (2001-2002).
- 19 - Yn it ramt fan 'e Grutte Depresje fan Argentynje (1998-2002) brekt yn 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires de Desimberopskuor út as it regear de bankrekkens fan 'e boargers befriest.
- 22 - De Afgaanske presidint Boerhannûdin Rabbani, it haad fan it regear dat ynsteld is troch de Noardlike Alliânsje, draacht syn amt oer oan Hamid Karzai, dy't presidint wurdt fan in oergongsregear dêr't ek oare groepearrings yn fertsjintwurdige binne.
- 22 - De islamistyske ekstremist Richard Reid besiket it ferkearsfleantúch American Airlines-flecht 63 delstoarte te litten troch eksplosiven ûntploffe te litten dy't er ferburgen hat yn syn skoech. Dat mislearret, en hy wurdt arrestearre.
- 29 - By in brân yn it winkelsintrum Mesa Redonda, yn 'e Perûviaanske haadstêd Lima, komme teminsten 291 minsken om.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- maart
- 6 - Aryana Engineer, Kanadeesk aktrise
- july
- 18 - Ella Ballentine, Kanadeesk aktrise
- septimber
- 4 - Froukje Veenstra, Nederlânsk sjongster
Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 14 july - Delta Paramount, ferneamde fokbolle († 2015)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 9 - Carol W. Voges, Nederlânsk yllustrator en skriuwer (* 1925)
- 28 - Ike Nienhuis, Frysk reedrydster (* 1921)
- febrewaris
- 7 - King Moody, Amerikaansk akteur (* 1929)
- 17 - Rink van der Velde, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1932)
- maart
- 5 - Aad van Dulst, Nederlânsk boargemaster (* 1929)
- 22 - Sabiha Gökçen, Turksk gefjochtspiloat (* 1913)
- 28 - Helge Ingstad, Noarsk archeolooch en skriuwer (* 1899)
- april
- 19 - Sjoerd Span, Frysk boer en sportbestjoerder (* 1915)
- 29 - Barend Biesheuvel, premier fan Nederlân (* 1920)
- maaie
- 6 - Ruurd Klazes Bakker, Frysk politikus (* 1921)
- 7 - Joseph Greenberg, Amerikaansk taalkundige (* 1915)
- 24 - Hylkje Goïnga, Frysk skriuwster (* 1930)
- 25 - Paladine Roye, Amerikaansk keunstner (* 1946)
- juny
- 21 - John Lee Hooker, Amerikaansk bluesmuzikant (* 1917)
- 21 - Carroll O'Connor, Amerikaansk akteur en komyk (* 1924)
- juny
- 11 - Herman Brood, Nederlânsk muzikant en byldzjend keunstner (* 1946)
- 30 - Wladimir de Vries, Nederlânsk byldhouwer (* 1917)
- july
- 9 - Abe Bonnema, Frysk arsjitekt (* 1926)
- augustus
- 7 - Yme van der Meer, Aldste persoan fan Fryslân (* 1893)
- 22 - Tatjana Averina, Russysk reedrydster (* 1950)
- septimber
- 3 - Pauline Kael, Amerikaansk filmkritika (* 1919)
- 4 - Jan Haite Riemersma, Frysk politikus (* 1919)
- 5 - Garmant Nico Visser, Frysk sosjolooch en dichter (* 1910)
- 5 - Bernardus Nieuwenhuis, Frysk keunstskilder (* 1912)
- 19 - Albert Sustring, Frysk edelsmid, bestjoerder, publisist en frisiast (* 1903)
- oktober
- 2 - Ysbrand Ypma, Frysk skiedkundige (* 1907)
- 5 - Egbert van 't Oever, Nederlânsk reedrydtrener (* 1927)
- 14 - Netty Rosenfeld, Nederlânsk programmamakster en nijslêzer (* 1921)
- 20 - Patricia Locke, Amerikaansk ûnderwiiskundige en aktiviste (* 1928)
- novimber
- 17 - Cristiaan Frederik Jan Antonides, Nederlânsk Dûmny en publisist (* 1924)
- 21 - Fokke Middendorp, Stellingwerfsk folkekundige, skiedkundige en publisist (* 1905)
- 21 - Saakje Huisman, Frysk skriuwster (* 1951)
- 29 - George Harrison, Ingelsk gitarist (* 1943)
- desimber
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- Juliet Marillier, Child of the Prophecy
- Lois McMaster Bujold, The Curse of Chalion
- C.J. Cherryh, Defender
- Jim Butcher, Fool Moon
- Jim Butcher, Grave Peril
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- American Pie 2
- Black Hawk Down
- Jurassic Park III
- A Knight's Tale
- The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring
- Nynke
- Pearl Harbor
- Planet of the Apes
- Rush Hour 2
- Swordfish
- The Wedding Planner
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 1996 | 1997 | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|