Black Hawk Down (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Black Hawk Down
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Black Hawk Down logo.png
makkers
regisseur Ridley Scott
produsint Jerry Bruckheimer
Ridley Scott
senario Ken Nolan
basearre op it boek fan Mark Bowden
kamerarezjy Sławomir Idziak
muzyk Hans Zimmer
filmstudio Columbia Pictures
Revolution Studios
Jerry Bruckheimer Films
Scott Free Productions
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Josh Hartnett
Ewan McGregor
Tom Sizemore
William Fichtner
byrollen Sam Shepard
Eric Bana
Ewen Bremner
Ron Eldard
Željko Ivanek
Jason Isaacs
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
premiêre 28 desimber 2001
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsfilm
taal Ingelsk
spyltiid 144 minuten
152 minuten (útwreide ferzje)
budget en resultaten
budget $110,5 miljoen
opbringst $173 miljoen
prizen 2 × Oscar

Black Hawk Down is in Amerikaansk-Britske histoaryske oarlochsfilm út 2001 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Josh Hartnett, Ewan McGregor, Tom Sizemore en William Fichtner. De titel is in Amerikaanske militêre útdrukking yn tillegramstyl, dy't safolle betsjut as "Black Hawk Delstoart", ferwizend nei in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter. It ferhaal giet oer de Slach om Mogadisjû, in wapene treffen yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû, wêrby't yn 1993 twa helikopters fan it Amerikaanske Leger delsketten waarden. Black Hawk Down krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, nettsjinsteande krityk op it ûntbrekken fan kontekst, it net yn byld bringen fan beskate Amerikaanske militêre blunders en de as rasistysk kwalifisearre portrettearring fan 'e Somaaljers. De film ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in beskieden kommersjeel súkses en wûn yn 2002 twa Oscars yn technyske kategoryen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarskiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't yn 1991 yn Somaalje diktator Mohammed Siad Barre ôfset wurdt, brekt der in boargeroarloch út. As de striid troch in ferwoastging fan 'e lânbou resultearret yn in hongersneed, stjoere de Feriene Naasjes grutte hoemannichten iten en medisinen. Kriichshear Mohammed Farrah Aidiid, dy't mei syn Somalyske Nasjonale Alliânsje (SNA) de helte fan 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû behearsket, nimt dêr lykwols in grut diel fan yn beslach om it syn fijannen te ûntkearen en it te ferdielen ûnder syn eigen oanhing. Dêrop stjoere de Feriene Naasjes in fredesmacht, UNOSOM II, om tafersjoch oer de ferdieling fan 'e humanitêre help te hâlden. Op in top yn Addis Abeba wurdt mei alle stridende partijen in fredesplan ôfsprutsen, mar hoewol't Aidiid dy ôfspraken wol ûndertekenet, wurdt al rillegau dúdlik dat er him der net oan hâlde sil.

Nei't yn juny 1993 24 Pakistaanske blauhelmen omkomme as se yn in mûklaach fan 'e SNA rinne, beoarderet de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes de arrestaasje fan 'e ferantwurdliken. Boppe-oan 'e list stiet de namme fan Aidiid. De Feriene Steaten stjoere ein augustus 1993 troepen om regaad te meitsjen, dy't bûten de fredesmacht om funksjonearje. Under dy troepen binne trije karkloften fan it Amerikaanske Leger: 400 rangers fan it 75e Rangerrezjimint, in kontingint kommando's fan 'e Delta Force, en 16 helikopters mei bemanning fan it 160e Loftfeartrezjimint foar Spesjale Operaasjes (160th SOAR). It is de bedoeling dat de Amerikaanske troepen trije wiken yn Mogadisjû bliuwe sille. Seis wiken letter, yn begjin oktober, binne se dêr lykwols noch en is der amper foarútgong boekt. De Amerikaanske legerlieding wurdt ûngeduldich.

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten Mogadisjû oerfalle Amerikaanske rangers en kommando's fan 'e Delta Force it konfoai fan Osman Ali Atto, in wapenhandeler dy't de SNA-striders fan Aidiid fan wapens foarsjocht. It súkses fan 'e operaasje set generaal-majoar William F. Garrison, dy't it befel hat oer de Amerikaanske troepen yn Somaalje, oan om soks nochris te besykjen. As er fan Somalyske ynformanten te hearren kriget dat de minister fan Bûtenlânske Saken fan it tsjinregear fan 'e SNA, Omar Salad Elmim, en de wichtichste politike adviseur fan Aidiid, Abdi Hassan Awale, op 3 oktober 1993 by in gearkomste yn it Olympic Hotel oanwêzich wêze sille, wurde der plannen belein om harren ek op te pakken.

De kommando's sille mei MD Helicopters MH-6 Little Bird-helikopters by it hotel ôfset wurde, nei binnen gean en de oanwêzigen yn 'e hechten sette. Dêrnei sille rangers ûnder befel fan kaptein Michael D. Steele by de fjouwer hoeken fan it hotel abseile út Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters om in ferdigeningsliny om it gebou hinne te fêstigjen. In konfoai ûnder lieding fan luitenant-kolonel Danny R. McKnight, besteande út njoggen Humvees en trije fiif ton swiere M939-frachtweinen sil dan arrivearje om rangers, kommando's en finzenen yn te laden en werom te riden nei de Amerikaanske basis by de haven en lofthaven fan Mogadisjû. De hiele operaasje sil yn in healoere foarby wêze.

Under de rangers dy't oan 'e operaasje dielnimme, binne sawol mannen mei ûnderfining as farske rekruten, lykas de achttjinjierrige soldaat Todd Blackburn en John Grimes, dy't oant no ta inkeld kantoarwurk dien hat om't er "in seldsum en mysterieus talint" hat: hy kin type. De ideälistyske sersjant Matthew Eversmann kriget by de operaasje foar de earste kear it befel oer in ôfdieling rangers, mei't syn luitenant ûnferwachts weromstjoerd wurdt nei hûs as er in epileptyske set krigen.

As de operaasje úteinset, witte de kommando's fan 'e Delta Force sûnder swierrichheden it hotel yn te kringen en de oanwêzigen, ûnder wa Elmim en Awale, te arrestearjen. As de Black Hawks de rangers by it hotel ôfsette, komme se lykwols hast fuortendaliks al ûnder fjoer te lizzen. De helikopter mei de ôfdieling fan Eversmann oan board moat in hommelse sydlingse beweging meitsje om in loftdoelraket te ûntwiken. Dêrtroch knoffelet rekrút Blackburn nei bûten ta en falt fan in hichte fan 21 m nei de grûn. Hy rint slim letsel oan 'e holle op, en trije Humvees fan it grûnkonfoai, ûnder lieding fan sersjant Jeff Struecker, wurde detasjearre om him halje-trawalje te evakuëarjen nei de Amerikaanske basis, dêr't er medyske fersoarging krije kin. Underweis wurdt ien 'e militêren yn 'e Humvees, sersjant Dominick Pilla, deadlik rekke troch in kûgel. De trije Humvees arrivearje fol kûgelgatten werom op 'e basis.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens wurdt in Black Hawk, de Super Six-One fan piloat Cliff "Elvis" Wolcott, delsketten mei in RPG-7-loftdoelraket. Wolcott en syn ko-piloat Donovan "Bull" Briley komme om, en twa oare bemanningsleden reitsje slim ferwûne. In slûpskutter fan 'e Delta Force, Daniel Busch, dy't ek oan board wie, ferdigenet it helikopterwrak tsjin 'e opkringende Somaaljers, mar wurdt fjouwer kear rekke troch kûgels. Wylst Eversmann en syn ôfdieling rangers as earsten it plak fan 'e delsketten Black Hawk berikke en de ferdigening oernimme, wurdt Busch ôffierd yn in Little Bird, mar hy ferstjert letter oan 'e oprûne ferwûnings.

By it hotel nimt luitenant-kolonel McKnight de lieding oer it ynladen fan 'e finzenen oer. Kaptein Steele set mei de rest fan syn rangers en de kommando's ôf nei it plak fan it helikopterwrak. It is de bedoeling dat McKnight him mei syn konfoai ek nei dat plak bejaan sil, mar de Somaaljers hawwe oeral yn 'e stêd barrikades opsmiten, dêr't McKnight, dy't net oer tanks beskikt, net trochhinne komme kin. Hy wurdt troch oare ofsieren dy't heech boppe de stêd yn in helikopter omfleane, hinne en wer troch deselde wyk laat, mar stjit almar wer op barrikades. Underwilens stiet syn konfoai oan ien wei troch bleat oan gewearfjoer út 'e omlizzende gebouwen, mei as gefolch dat er op 't lêst mear ferwûnen as sûne soldaten hat en twongen is om werom te kearen nei de basis.

Op it plak fan 'e delsoarte Black Hawk is ûnderwilens in gefjochtsrêdingsteam (combat search and rescue, CSAR) arrivearre, dat lykwols net by steat is om 'e ferwûne mannen út 'e helikopter te heljen en it wrak dêrom ynstee barrikadearret. In twadde ôfdieling rangers ûnder luitenant DiTomasso komt oan om 'e mannen fan Eversmann te fersterkjen. De haadmacht fan kaptein Steele is healwei it hotel en it wrak fêstkommen te sitten troch swiere Somalyske wjerstân en slimme ferliezen, mar stjoert in tal kommando's en rangers ûnder lieding fan sersjant Jeff Sanderson op eigen manneboet fierder om 'e troepen fan Eversmann en DiTomasso te oan te foljen. Underwilens wurdt inkele stedsblokken fierderop in twadde Black Hawk-helikopter, de Super Six-Four fan piloat Mike Durant, delsketten. Durant is de iennichste fan 'e bemanning dy't dêrby net dea of swierferwûne rekket, mar hy hat in skonk brutsen.

Mei't de rangers en kommando's fan kaptein Steele de hannen mear as fol hawwe en swiere ferliezen lije, binne der gjin troepen beskikber om nei it plak fan it twadde helikopterwrak te stjoeren. Oan board fan 'e Super Six-Two freegje Delta Force-kommando's Randy Shughart en Gary Gordon om by dat wrak dellitten te wurden. Generaal Garrison ûnderstiet de beide mannen fia in radioferbining oer de fraach oft se wol begripe hokker sitewaasje se har yn bejaan sille, foar't er tastimming jout. Shughart en Gordon helpe Durant út it helikopterwrak en ferdigenje it plak in skoft foar't se ûnder de foet rûn en deade wurde. De ferwûnen yn 'e helikopter wurde deaslein troch de breinroere kliber Somaaljers, mar Durant wurdt op it lêste momint rêden troch de oankomst fan in ofsier fan Aidiid syn SNA-milysje, dy't him kriichsfinzen nimt.

Op 'e Amerikaanske basis binne ûnderwilens de trije Humvees fan Struecker wer útstjoerd om nei it plak fan it twadde helikopterwrak te gean, mar krekt as it konfoai fan McKnight wurdt harren de tagong behindere troch barrikades. Sersjant Norm "Hoot" Gibson set mei trije oare Delta Force-kommando's te foet ôf nei it wrak, mar as se it berikke, blykt it leech te wêzen, mei't Durant en de stoflike omskotten fan 'e deade Amerikanen troch de Somaaljers meinommen binne. Harren rest inkeld it opblazen fan 'e helikopter om foar te kommen dat Amerikaanske technology yn ferkearde hannen falt.

Tsjin 'e tiid dat it konfoai fan McKnight einlings weromkeart op 'e Amerikaanske basis, is Garrison djip behelle yn 'e risselwearring fan in ûntsettingskonfoai dat ek eleminten fan 'e Amerikaanske 10e Berchdifyzje en Pakistaanske en Maleizyske ienheden fan 'e FN-fredesmacht omfetsje sil. De Pakistanen beskikke oer M48 Patton-tanks dy't dwers troch de barrikades hinne batse kinne. Om't Garrison de blauhelmen lykwols no pas op 'e hichte steld hat fan 'e Amerikaanske operaasje, duorret it navenant langer om it ûntsettingskonfoai gear te stallen. McKnight, dy't lichtferwûne rekke is, stiet derop om sels ek wer mei de stêd yn te gean.

As de nacht falt, begjinne de striders fan 'e SNA in swiere en oanhâldende oanfal op 'e besingele Amerikaanske troepen by it earste helikopterwrak. Se wurde tsjinkeard troch fûlêindich ferset fan 'e Amerikaanske grûntroepen en loftoanfallen troch Little Bird-helikopters op 'e posysjes fan 'e fijân, dy't troch de Amerikanen markearre wurde mei ynfrareade knipperljochten. It konfoai fan 'e FN arrivearret earst by de posysje fan Steele en syn mannen, dy't ynladen wurde, wêrnei't it fierder giet nei de lokaasje en it earste helikopterwrak. Dêr wurde Eversmann en DiTomasso en harren mannen ynladen en ek it CSAR-team en de ferwûnen en liken út 'e helikopter. Foar in lyts groepke rangers en kommando's is gjin plak mear yn 'e fiertugen fan it konfoai, en sy binne dêrtroch twongen om 'e ôfstân fan it plak dêr't de earste Black Hawk delkommen is nei de FN-basis yn it Stadion fan Mogadisjû dravende ôf te lizzen.

De film einiget mei de oankomst fan 'e dravende manskippen yn it stadion, dêr't se wetter krije fan 'e Pakistanen. Ear't de ôftiteling begjint, wurdt troch teksten dy't yn byld ferskine, fertelt dat piloat Mike Durant alve dagen letter frijlitten waard. Presidint Bill Clinton loek neitiid alle Amerikaanske troepen út Somaalje werom. By de Slach om Mogadisjû, sa't de striid op 3 en 4 oktober 1993 bekend kaam te stean, sneuvelen 18 Amerikaanske soldaten (in njoggentjinden-ien kaam twa dagen letter om by in mortieroanfal op 'e Amerikaanske basis), en likernôch 1.000 Somaaljers. Kommando's Gordon en Shughart, dy't harren libben opofferen om 'e bemanning fan 'e Super Six-Four te rêden, krigen postúm de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding, dy't net mear útrikt wie sûnt de ein fan 'e Fjetnamoarloch yn 1973. Generaal-majoar Garrison naam de folsleine ferantwurdlikheid foar it fiasko op him. Mohammed Farrah Aidiid waard nea oppakt, mar kaam yn augustus 1996 om by gefjochten yn Mogadisjû yn it ramt fan 'e oanhâldende boargeroarloch. De deis dêrop swaaide Garrison ôf út it Amerikaanske Leger.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
sersjant Matthew Eversmann Josh Hartnett
soldaat John Grimes Ewan McGregor
luitenant-kolonel Danny McKnight Tom Sizemore
sersjant 1e klasse Jeff Sanderson William Fichtner


byrollen
personaazje akteur/aktrise
generaal-majoar William F. Garrison Sam Shepard
sersjant 1e klasse Norm "Hoot" Gibson Eric Bana
soldaat Shawn Nelson Ewen Bremner
piloat Mike Durant Ron Eldard
luitenant-kolonel Gary L. Harrell Željko Ivanek
kaptein Michael D. Steele Jason Isaacs
soldaat Lance Twombly Tom Hardy
sersjant Ed Yurek Tom Guiry
ferpleechkundige Timothy A. Wilkinson Ty Burrell
sersjant 1e klasse Kurt "Doc" Schmid Hugh Dancy
soldaat Mike Kurth Gabriel Casseus
sersjant Randy Shughart Johnny Strong
sersjant Gary Gordon Nikolaj Coster-Waldau
sersjant Daniel Busch Richard Tyson
piloat Cliff "Elvis" Wolcott Jeremy Piven
luitenant John Beales Ioan Gruffudd
korporaal Jamie Smith Charlie Hofheimer
soldaat Richard "Alphabet" Kowalewski Brendan Sexton III
sersjant Jeff Struecker Brian Van Holt
sersjant Scott Galentine Gregory Sporleder
soldaat Todd Blackburn Orlando Bloom
sersjant Lorenzo Ruiz Enrique Murciano
sersjant Casey Joyce Chris Beetem
piloat Mike Goffena Boyd Kestner
piloat Donovan "Bull" Briley Pavel Vokoun
soldaat Clay Othic Kent Linville
Osman Ali Atto George Harris
SNA-kommandant Yousuf Dahir Mo'alim Razaaq Adoti
minister Firimbi Treva Etienne
sersjant Tim "Griz" Martin Kim Coates
luitenant-kolonel Joe Cribbs Steven Ford
kolonel Thomas E. Matthews Glenn Morshower
soldaat John Waddell Ian Virgo
sersjant Mike Goodale Carmine Giovinazzo
soldaat Brad Thomas Tac Fitzgerald
soldaat Dale Sizemore Matthew Marsden
soldaat John Maddox Michael Roof
sersjant Dominick Pilla Danny Hoch

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Black Hawk Down waard regissearre troch Ridley Scott nei in senario dat neffens de ôftiteling it wurk wie fan Ken Nolan, hoewol't Mark Bowden, Stephen Gaghan, Steven Zaillian, Ezna Sands, Sam Shepard en Eric Roth der ek bydragen oan leveren. It skript wie in adaptaasje fan it non-fiksjeboek Black Hawk Down dat Bowden yn 1999 publisearre hie oer de Slach om Mogadisjû yn oktober 1993. Om 'e film fan in wurkbere lingte te hâlden, waarden de likernôch 100 kaaifigueren út it boek werombrocht ta 39.

De film, dy't in Amerikaansk-Britske ko-produksje wie, waard produsearre troch Scott en Jerry Bruckheimer foar de studio's Columbia Pictures, Revolution Studios, Jerry Bruckheimer Films en Scott Free Productions. Bruckheimer wie op it boek fan Bowden wiisd troch Simon West, dy't sels de film graach regissearje wollen hie. Ynstee makke er yn 2001 Lara Croft: Tomb Raider. Der wie in budget fan $110,5 miljoen beskikber foar Black Hawk Down. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Sławomir Idziak, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Hans Zimmer.

Om harren yn te libjen yn harren rollen waarden de akteurs dy't de rangers spilen, in wike op training stjoerd yn Fort Benning, wylst de akteurs dy't de kommando's fan 'e Delta Force spilen, twa wiken op training moasten yn Fort Bragg. De akteurs dy't de piloaten fan it 160e Loftfeartregimint foar Spesjale Operaasjes (160th SOAR) spilen, metten de echte piloat Mike Durant (yn 'e film spile troch Ron Eldard) yn Fort Campbell. It Amerikaanske Leger levere de helikopters en it oare swier materieel foar de film, en hie dêrom frijwat yn 'e brij te krommeljen by de produksje.

De opnamen setten yn maart 2001 útein yn Salé, yn Marokko, en duorren oant de ein fan juny. De measte sênes waarden opnommen yn Salé en de Marokkaanske haadstêd Rabat. Earder hie ek Jordaanje yn 'e running west om brûkt te wurden foar de opnamen, mar dêr ûntbriek in gaadlike lokaasje om't Mogadisjû oan see leit en Jordaanje hast hielendal troch lân omsletten wurdt. Yn it echte Mogadisjû, dêr't anno 2020 de Somalyske Boargeroarloch noch altyd geande is, koe ek yn 2001 om foar de hân lizzende redens net filme wurde.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Black Hawk Down waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing, in dochterûndernimming fan Sony Pictures, de eigner fan Columbia Pictures. De film gie op 28 desimber 2001 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum kaam op 15 jannewaris 2002 út by platemaatskippij Decca Records. Yn 2006 waard der in extended cut fan Black Hawk Down útbrocht op dvd, dy't mei in spyldoer fan 152 minuten 8 minuten ekstra filmmateriaal befette. Dyselde ferzje waard op 7 maaie 2019 ek publisearre op blu-ray.

Historisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film iepenet mei de tekst Only the dead have seen the end of war ("Allinne foar de deaden is der nea wer oarloch"), dat in sitaat wêze soe fan 'e Grykske wiisgear Plato. Yn it echt blykt dy útspraak út it wurk fan 'e Spaansk-Amerikaanske filosoof, skriuwer en dichter George Santayana (1863-1952) te kommen.

Hoewol't Black Hawk Down him frij sekuer hâldt oan wat der wier barde op 3 en 4 oktober 1993 ûnder de Slach om Mogadisjû, binne guon dingen behimmele of moaier makke. Ien fan 'e meast steurende dingen oan 'e film, dêr't in protte filmkritisy en oare waarnimmers oer stroffelen, wie dat der eins yn 'e hiele film gjin etnyske Somaaljers te sjen binne. Somaaljers binne Kûsjiten, dy't nettsjinsteande harren swarte hûdskleur nauwer besibbe binne oan 'e Arabieren en de Berbers as oan oare swarte Afrikanen. Histoarysk waarden Somaaljers dêrom yn 'e klassifisearring fan rassen ta it blanke ras rekkene en net ta it negroïde ras. Kûsjiten hawwe in hiel oare lichemspostuer en in hiel oare gesichtsfoarm as Bantoes, dy't it meastepart fan 'e swarte Afrikanen foarmje. Eltsenien dy't ea guon Somaaljers sjoen hat, merkt by it sjen fan Black Hawk Down fuort op dat de 'Somaaljers' yn 'e film allegearre troch Bantoes spile wurde. Echte etnyske Somaaljers hiene as fierdere kritykpunt dat se net wisten hokfoar taal de 'Somaaljers' yn 'e film sprieken, mar wol dat it yn elts gefal yn 'e fierste fierte net liek op it Somalysk, dat in Afro-Aziatyske taal is.

Dêrnjonken wiene der ferskate saken dy't yn 'e film behimmele binne. Sa sloech it Amerikaanske Leger ûnder de operaasje in geweldige blunder doe't de kommando's dy't de Somalyske pommeranten yn it Olympic Hotel finzen nimme moasten, sieten te wachtsjen oant se ôfhelle wurde soene troch it grûnkonfoai, wylst it grûnkonfoai foar it hotel stie te wachtsjen oant de kommando's de finzenen nei bûten bringe soene. Beide partijen ferkearden yn 'e (misse) oertsjûging dat de oaren kontakt mei harren opnimme soene as se safier wiene. Dy ympasse duorre sa'n tweintich minuten, wêryn't de SNA tiid hie syn troepen te mobilisearjen en barrikades op te smiten. Fierders waard de echte soldaat John Stebbins yn 'e film op fersyk fan it Amerikaansk Ministearje fan Definsje omneamd ta (de fiktive) 'John Grimes'. Stebbins wie nammentlik yn 1999 foar de kriichsried kommen en feroardiele foar de anale ferkrêfting fan syn eigen seisjierrige dochter, en it Pentagon woe beslist gjin minne publisiteit. Ek gie de arrestaasje fan 'e Somalyske lieder Osman Ali Atto, dy't yn 'e film frijwol geweldleas ferrint, yn it echt mank mei frijwat bloedferjitten.

Behalven fan Somalyske organisaasjes en persoanen dy't lulk wiene oer de portrettearring fan harren folk yn 'e film, kaam der ek frijwat krityk út Maleizje en Pakistan. Maleizyske en Pakistaanske blauhelmen moasten yn it echt de besingele Amerikaanske troepen ûntsette en guon fan harren sneuvelen dêrby of rekken ferwûne. Yn Black Hawk Down wurdt harren bydrage lykwols inkeld yn it foarbygean neamd en is der neat fan te sjen. Yn Maleizje makke brigadegeneraal b.tsj. Abdul Latif Ahmad him dêr lulk oer, dy't yn 1993 yn Mogadisjû it befel hie oer de troepen út syn lân. By in fraachpetear seid er dat Maleizyske bioskoopgongers nei it sjen fan 'e film wol tinke koene dat der inkeld troch Amerikanen fochten waard, en dat de Maleizyske troepen tsjinnen "as neat oars as bussjauffeurs om se werom nei de basis te bringen." Yn Pakistan liet generaal Pervez Musharraf witte dat de Amerikanen befrijd wiene troch it Pakistaanske Leger en troch nimmen oars.

Fierders wurdt yn Black Hawk Down de saneamde Mogadishu Mile sterk dramatisearre. Dat wie it foarfal wêrby't net foar alle Amerikaanske rangers en kommando's romte wie yn it ûntsettingskonfoai, sadat sommigen drave moasten. Yn 'e film moatte de mannen it hiele stik drave fan it plak dêr't de earste helikopter delstoart wie nei it Stadion fan Mogadisjû, dat de basis fan 'e blauhelmen wie. Yn it echt wiene it yn it foarste plak net inkeld guon rangers en kommando's dy't geandefoets moasten, mar ek soldaten fan 'e Amerikaanske 10e Berchdifyzje dy't harren plakken ôfstien hiene oan ferwûnen. Oard hoegden se sa net hielendal nei it Stadion ta, mar inkeld nei in rendez-vouspunt op inkele stedsblokken ôfstân dêr't se oppikt waarden troch Pakistaanske tanks en pânserfiertugen fan 'e 10e Berchdifyzje. En trêd draafden se net, mar rûnen se it grutste part fan it ein.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Black Hawk Down ûntfong oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. It Britske tydskrift Empire omskreau de film as "ambisjeus, wielderich útbylde en spannend" en as "in oarlochsfilm dy't it oandoar om it sjenre op 'e kop te setten." Yn 'e Amerikaanske krante USA Today skreau Mike Clark: "Black Hawk Down ferhearliket it wiere profesjonalisme fan 'e Amerikaanske karkloft Delta Force – sels yn 'e ûnfoarsjoene ramp dy't de Slach om Mogadisjû yn 1993 wie." Ek priizge er de rezjy fan Scott: "de yn-'e-kunde-komme-mei-karakterisearrings, dy't standert binne yn oarlochsfilms, binne minimalisearre. Hoewol't guon dat as in tekoartkomming sjen meie, is it eins in ferbettering."

Elvis Mitchell, dy't foar The New York Times skreau, wie lykwols ûntefreden mei "it gebrek oan karakterisearring" yn 'e film. Boppedat fûn er dat de behanneling fan 'e Somaaljers yn Black Hawk Down "útskaait nei somber yn byld brocht rasisme". Owen Gleiberman en Sean Burns, fan it tydskrift Entertainment Weekly, resp. de alternative krante Philadelphia Weekly, wiene it mei Mitchell iens dat de portrettearring fan 'e Somaaljers rasistysk wie. De filmkritikus Wheeler Winston Dixon fûn de "ôfwêzigens fan motivaasje en karakterisearring' yn 'e film "ûntrêstgjend" en skreau dat hoewol't it Amerikaanske filmpublyk Black Hawk Down beskôgje mochten as "in lofliet op heitelânsleafde", oare publiken der earder in "opsetlik fijannige ûndernimming" yn sjen soene. Nettsjinsteande dat priizge er "it spektakulêre fertoan fan pyrotechnyk keppele oan like fakkundige filmmontaazje".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Black Hawk Down in goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 171 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't der net folle karakterûntwikkeling of kulturele empaty yn sit, is [de film] in oangripende, hertslachopjeiende portrettearring fan oarloch, úttild [boppe soartgelikense films] troch Ridley Scott syn manjefike technyske feardichheden." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Black Hawk Down in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 33 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Black Hawk Down brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $108,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $64,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $173 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110,5 miljoen betsjut dat in winst fan $62,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in beskieden kommersjeel súkses.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 waard Black Hawk Down by de Oscars nominearre foar prizen yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste rezjy (Ridley Scott) en bêste kamerarezjy (Sławomir Idziak). De film wûn twa Oscars, foar bêste filmmontaazje (Pietro Scalia) en bêste lûdsmixing (Michael Minkler, Myron Nettinga en Chris Munro). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard de film nominearre yn 'e kategoryen bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje en bêste lûdsmixing. Black Hawk Down waard ek nominearre foar MTV Movie Awards foar bêste film en bêste aksjesêne, de Teen Choice Awards foar favorite aksjedramafilm en favorite akteur yn in aksjedramafilm (Josh Hartnett), en de Saturn Award foar bêste aksjefilm/aventoerefilm/skrillerfilm.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.