Springe nei ynhâld

Filmmuzyk

Ut Wikipedy

Filmmuzyk is in sjenre fan muzyk dat ferbûn is oan it medium film. It wurdt ek wol eftergrûnmuzyk neamd, in term dêr't ek muzyk yn tillefyzjeprogramma's (tillefyzjemuzyk) ûnder beflapt wurde kin. Immen dy't filmmuzyk makket, is in filmkomponist. De filmmuzyk fan in film bestiet út in stikmannich ynstrumintale, orkestrale en/of korale muzykstikken, dy't spesjaal skreaun binne om 'e sfear fan in film en de emoasjes fan 'e akteurs fuort te sterkjen. De muzyk fan in film is sadwaande oer it algemien fan minder belang as it byld. Filmmuzyk is ek in wurktúch fan 'e makkers fan in film, dy't it brûke kinne om mei de ferwachtings fan it publyk te boartsjen: as der wat spannends bart, giet dat mank mei spannende filmmuzyk, mar in regisseur kin ek spannende muzyk ynfoegje (sadat it publyk op it puntsje fan 'e stoel sit) en dan de sêne mei in skamper ôfrinne litte.

Algemiene omskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmmuzyk makket diel út fan 'e soundtrack fan in film, dêr't fierders yn 'e regel ek songen lieten yn opnommen binne, dy't meastal net spesjaal foar de film skreaun binne, en dy't net ta de filmmuzyk rekkene wurde. Fierders hearre strikt nommen ek de dialooch en de lûdseffekten ta de soundtrack fan in film. Hoewol't lieten gjin ûnderdiel útmeitsje fan 'e filmmuzyk, wurde se soms wol spesjaal foar de film skreaun. Dat is benammen sa by musicalfilms. Yn sokke gefallen binne de lieten basearre op deselde tematyske ideeën as de filmmuzyk en geane se by wize fan sprekken naadleas yninoar oer. Soms wurde ek foar oare films dy't gjin musicals binne spesjaal ien of mear lieten skreaun, dy't dan neitiid faak útbrocht wurde troch in artyst, lykas it gefal wie mei it liet My Heart Will Go On, út 'e film Titanic; dat waard yn 'e film songen troch Celine Dion, dy't it letter ek as single útbrocht.

It meitsjen fan filmmuzyk is in hiele sektor fan 'e filmyndustry op himsels. De muzyk foar in film wurdt skreaun troch ien of mear komponisten yn nauwe gearwurking mei de regisseur en/of de produsint. Filmmuzyk kin in soad ûnderskate muzyksjenres omfetsje. De muzyk fan 'e measte films is woartele yn 'e Westerske klassike muzyk, mar ôfhinklik fan it soarte film kinne der ek ynfloeden foarkomme út folksmuzyk, jazz, blues, country, rock, pop, ensfh. As de film bygelyks in western is, hat it wol kâns dat der countrymuzyk tafoege wurdt. Krektsa sille films dy't yn Skotlân of Ierlân spylje, faak Skotske of Ierske folksmuzyk yn har filmmuzyk opnommen hawwe. Sineeske films sille foar muzyk dan oer it algemien wer earder op 'e eigen klassike tradysje weromgripe.

Filmmuzyk giet werom op it tiidrek fan 'e stomme film. Oant likernôch 1930 wie it wizânsje om live muzyk te meitsjen by de fertoaning fan in film. Almeast spile dan in pianist of in lyts ensemble. Gruttere bioskopen wiene doedestiden faak foarsjoen fan in oargel, dêr't knoppen op tafoege wiene foar it neibearen fan lûdseffekten. Yn 'e 1920-er jierren begûn de technyk fan it optysk audiospoar it lykwols mooglik te meitsjen om yn 't foar opnommen muzyk syngronisearre mei de film ôf te spyljen. Dêrfoar waarden almar gruttere orkesten brûkt, oant de films op in stuit sels symfoanysk fan opset waarden, en in eigen ûvertuere krigen, lykas it gefal wie by û.m. Gone with the Wind (1939), The Ten Commandments (1956) en Ben-Hur (1959). Sa'n ûvertuere waard foarôfgeande oan 'e film ôfspile om yn 'e stimming te kommen: it bioskooppublyk harke dan poer nei de muzyk, en de tekst "Uvertuere" waard yn grutte letters op it filmskerm projektearre. Pas nei ôfrin fan dat muzykstik begûn de film.

Tydlike soundtrack

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de montaazje fan in film, as de úteinlik filmmuzyk noch net ree is, wurdt faak in tydlike soundtrack ('temp track') tafoege. Yn guon gefallen befalt sa'n tydlike soundtrack sa goed dat de regisseur beslút om him te behâlden. Sa is ferneamd dat regisseur Stanley Kubrick by de montaazje fan syn film 2001: A Space Odyssey by bylden fan 'e keppeling fan twa romteskippen it muzykstik An der schönen blauen Donau fan Johann Strauss jr. ôfspylje liet om't der op dat stuit neat oars foar hannen wie, en doe tsjin syn assistint sei: "As ik dizze muzyk deryn hâld, tinke se dat ik in sjeny bin." En dat barde krekt sa't er foarsein hie.

By moderne filmmuzyk wurdt faak gebrûk makke fan saneamde mock-ups, dy't gearstald wurde út earder opnommen samples. Dêrtroch kin in filmmuzykkomposysje makke wurde dy't troch in grut orkest spile liket te wurden, mar eins bestiet út gearfoege solo-stikjes. Reden dêrfoar is net inkeld dat sa in soad jild besparre wurde kin as de regisseur orkestrale stikken yn syn soundtrack opnimme wol, mar ek dat op dy manear mei moderne digitale audiomontaazjesystemen in folle gruttere behearsking fan 'e opnommen muzyk mooglik is trochdat de net te foarkommen lytse yndividuële ferskillen tusken de muzikanten yn in grut orkest útskeakele wurden. Fierders hoecht de komponist fan 'e filmmuzyk by it gearstallen fan samples ek hielendal gjin ferstân mear te hawwen fan 'e tradisjonele muzyknotaasje dy't nedich is om in grut orkest spylje te litten. Lykwols ûnbrekke by samplede orkestrale stikken dochs faak akoestyske eleminten en in beskate dynamyske muzikaliteit, sadat filmmakkers dy't it betelje kinne der noch altyd faak foar kieze om 'e filmmuzyk wol troch in wier orkest spylje te litten.

Werjefte yn 'e film

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmmuzyk is in elemint fan films dat inkeld hearber is foar de sjoggers: de personaazjes yn 'e film binne har oer it algemien ûnbewust fan 'e muzyk, of it moat gean om in musical. Ek komt it foar dat de filmmuzyk yn 'e film spile wurdt troch in band of op 'e radio, sadat it op dat stuit wol ta de belibbingswrâld fan 'e personaazjes heart. Yn komeedzjes wurdt soms in grap makke troch te dwaan as kinne de personaazjes de filmmuzyk wol deeglik hearre, lykas yn 'e tekenfilm Shrek the Third, wêryn't it titelpersonaazje ynienen freget oft it ek wat stilder kin mei dy muzyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.