Symfonyorkest

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Symfony-orkest)
symfonyorkest

In symfonyorkest is in grut orkest dat ornaris klassike muzyk makket (b.g symfonyen, opera's)

In soad symfonyorkesten spylje yn in fêste konsertseal.

Untjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de ûntjouwing fan it symfonyorkest hat de 18e iuw fan grut belang west. Yn it tiidrek fan de renêssânse hiene muzykensembles hielendal gjin fêste besetting en waard net troch de komponist mar troch de útfierenden útmakke mei hokker muzykynstruminten in komposysje útfierd waard. Yn de barok kaam der wat organisaasje mar de besetting fan it orkest wie noch net standerdisearre. It meiïnoar op spyljen en de harmonyen waarden útmakke troch de basso continuo dy't meastentiids foar rekken kaam fan in toetsynstrumint (klavesimbel, oargel, spinet) en in violoncello.

Earst nei 1700 fûn de emansipaasje fan strykynstruminten plak en foarme dy seksje de twadde ynstrumintale kearn fan it orkest. Om dy stabile ienheid (basso continuo en strikers) hinne waarden alle mooglike kombinaasjes fan blaasynstruminten arranzjearre. Foarbylden dêrfan binne te finen yn Bach syn Brandenburgse Konserten, syn passys en suites en yn Händel syn Messiah. Foar Händel syn Water Music wie in orkest nedich mei goed te hearren blaasynstruminten: de muzyk moast fan fierrens te hearren wêze omdat it op in boat op 'e Teems útfierd waard. De ynstrumintaasje fan Händel syn Water Music komt ús al modern-symfoanysk oan.

Mids 18e iuw waarden de strikers stadichoan wichtiger en foarmje de kearn fan it orkest. Se nimme de funksje fan de basso continuo oer en ferfange dêrom it klavesimbel. De blazers wurde groepearre yn in fêste kearnformaasjte. De blokfluit, de sink en de kromhoarn binne hielendal ferdwûn. De alt- en tenoarhobo ferdwine foar in hoartsje. Dy ûntjouwing die him yn ferskate Jeropeeske stêden foar mar waard it ferneamdst troch it orkest fan Mannheim. It orkest bestie yn dy tiid út sa'n 25 man. De besetting bestie út: strikers, hobo (meastal 2), fluit (1 of 2), fagot (spile mei selli en bassen mei) en hoarns (2). Inkeldris waarden ek twa trompetten brûkt, altyd mei in ûnskiedber paukepear. Mei sa'n besetting waarden komponisten lykas Mozart en Haydn eigen.

Troch it útfinen en perfeksjonearjen fan ynstruminten wreide it orkest hieltyd stadichoan út. In wichtige nijkommer wie bygelyk de klarinet, alhoewol't dat ynstrumint al om 1690 hinne útfûn waard kaam it earst in iuw letter geregeld foar yn in symfony-orkest. De oerdied yn de rococo en de steatlikens fan it klassisisme droegen ek by oan de útwreiding fan it orkest. De begelieding fan in pianokonsert frege njonkelytsen in flinke besetting en mei it opkommen fan iepenbiere konserten waarden sealen en besetting fan it orkest hieltyd grutter.

Sûnt Beethoven syn 5e symfony kamen tromboanes hieltyd faker en geregelder foar, en yn syn njoggende symfony waard it orkest fierder útwreide mei 1 pikkolo, 1 kontrafagot, 2 ekstra hoarns (dus yn totaal 4) en 3 tromboanes. Mahler wreidet it orkest noch fierder út ta gigantyske proporsjes. Yn Frankryk wurke Berlioz al yn 1830 mei in kolossale besetting. Hy wurdt sjoen as ien fan de grutste ynstrumintatoaren út de romantyk en lei syn ûnbidige kennis del yn in standertwurk oer ynstrumintaasje.

Opstelling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grut symfonyorkest hat ornaris in fêste opstelling. De dirigint, mei de rêch nei de harkers, de dirigearstôk yn de hân en foar him de partituer. Yn de meast loftse 'taartpunt' de earste fioelen (ûnder lieding fan de konsertmaster) mei de twadde fioelen dêrneist. De altfioelen sitte midden foaroan mei de sellos rjochts dêrfan en dêrefter de kontrabassen. Efter de altfioelen sitte de fluiten en pikkolo mei dêrneist de hobo's en althobo, dêr wer efter de klarinetten, basklarinet mei dêrneist de fagot en kontrafagot. Dêr wer efter de koperblazers - lofts de hoarns, rjochts de trompetten, tromboanes en de tuba. Hielendal efteroan: it slachwurk, mei pauken en dêr't dat nedich is in klokkespul en de harp lofts efteroan.

In oare, âldere opstelling is de saneamde Dútske opstelling. Benammen it Wiener Philharmoniker hâldt dy opstelling yn eare. Dêrby sitte de kontrabassen efteroan. De earste fioelen fine wy lofts op har gebrûklike plak, dan de altfioelen, de selly en hielendal rjochts de twadde fioelen. Yn dy opstelling is it lûd fan de kontrabassen better ferdield oer it hiele orkest en de ôfwikseling tusken earste en twadde fioelen komt better ta syn rjocht. De lêste jierren sjocht men de Dútske opstelling wer faker.

Gearstalling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In folslein symfonyorkest bestiet út 40-100 minsken:

Houtblazers
2 dwersfluiten, pikkolo, 2 hobo's, althobo, 2 klarinetten, basklarinet, 2 fagotten, kontrafagot
koperblazers
2-6 hoarns, 2-5 trompetten, 2 tromboanes, bastromboane, tuba
perkusje
pauken, snaretrom, basdrum, symbalen, triangel
strikers
16-30 fioelen, 8-12 altfioelen, 8-12 sello's, 5-8 kontrabassen.
oars
harp, piano, ensfh.

Bekende orkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Profesjonele orkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studinte-orkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare amateurorkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jongereinorkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Belgje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Profesjonele orkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studinte-orkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûtelân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Profesjonele orkesten (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studinte-orkesten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]