Springe nei ynhâld

Dirigint

Ut Wikipedy
Dirigint Charles Lamoureux

In dirigint is de lieder fan in orkest, koar of oar muzykselskip. In dirigint is de skeakel tusken komponist en útfierend muzikant. De dirigint wurdt achte de partituer (de op noaten sette tinzen fan de komponist) sa te ynterpretearjen dat de tinzen fan de komponist goed ta har rjocht komme. As in dirigint in partituer net goed ynterpretearret sil de komponist yn it slimste gefal syn eigen komposysje net werkenne. Oarsom komt it ek foar dat in dirigint in partituer sa útleit dat de komponist 'bliid ferrast' is. It komt mar komselden foar dat in komponist konkludearret dat syn komposysje krekt sa útfierd wurdt as hy bedoeld hie. It is dan ek dat spanningsfjild dat by gâns sjueryleden by konkoersen foar kopbrekken soarget. Wylst dy sjueryleden ek nochris har eigen oardiel hawwe oer hoe't in partituer ynterpretearre wurde moat.