Georg Friedrich Händel
Dit artikel is in stobbe oer muzyk.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |

Georg Friedrich Händel (Halle an der Saale, 23 febrewaris 1685 – Londen, 14 april 1759) wie in Ingelske barokkomponist fan Dútske komôf. Händel hat in protte dramatyske muzyk wurken skreaun: 42 opera's, 29 oratoria, mear as 120 kantates, trio's en duetten. Dat komt oerien mei goed 2.000 aria's. Fierder Ingelske, Dútske, Italjaanske en Latynske tsjerkemuzyk, serenades en odes. Under syn ynstrumintale wurken falle de oargelkonserten, "concerti grossi", ouvertures en keamermuzyk lykas hobo- en fioelesonates en wurken foar klavesimbel en oargel.
Tegearre mei Johann Sebastian Bach, dy't yn itselde jier (1685) berne waard, wurdt Händel sjoen as ien fan de grutste komponisten fan syn tiid. Yn totaal komponearre Händel mear as 610 wurken, dêr't in protte noch hieltyd fan útfierd wurde.