Springe nei ynhâld

Tsjerkemuzyk

Ut Wikipedy

Under tsjerkemuzyk wurdt muzyk ferstien dy't skreaun is mei it each op it brûken derfan yn in tsjerklike liturgy.

Tsjerkemuzyk is sa âld as de tsjerke sels, hoewol't út de earste tiid net in soad oerbleaun is, foaral omdat âldere muzyknotaasje-systemen út de tiid rekken. De earste perioade, dêr't bewust yn besocht is om wat oarder oan te bringen yn de liturgyske muzyk, dy te bondeljen en fierder stal te jaan, is de tiid fan Karel de Grutte. Oan dy tiid tankje wy de earste bondeling fan it Gregoriaansk en it neumeskrift. Sûnder mis befettet it Gregoriaansk oerbliuwsels út earder tiden, mooglik sels út de joadske timpelliturgy, mar dat is dreech oan te wizen. Feit is dat hast acht iuwen lang de ûntjouwing fan de West-Jeropeeske muzykskiednis, sa net hielendal, dan dochs foar it grutste part, lâns de wei fan tsjerkemuzyk plak hie.

Mei de ûntjouwing fan de muzyknotaasje en de mearstimmigens rjochten in soad komponisten har op it meitsjen fan foaral tsjerkemuzyk, ek al omdat komponisten gauris prysters wiene, lykas bygelyks Gregorio Allegri, Gilles Binchois, Philippe de Vitry en net te ferjitten de Reade Pryster Antonio Vivaldi. Gauris wie dat foar de muzikant(en) de bêste, sa net iennichste, wize om troch de tiid te kommen, net allinnich yn de tsjerke sels, mar ek oan in prins-, aartsbiskiplik-, hertochlik- of keizerlik hôf.

Troch de iuwen hinne hat de mis, of in part dêrfan, in favoryt ûnderwerp foar komponisten west, sels protestantske komponisten lykas Johann Sebastian Bach skreaune noch yn dy foarm. De gregoriaanske meldijen waarden gauris as basis nommen foar fierdere mearstimmige bewurking. Inkelde foarbylden fan tsjerkemuzyk, dy't no ek yn de konsertseal te beharkjen binne:

Yn Heverlee by Leuven is it Lemmensynstitút aktyf yn de stúdzje en it ûnderrjocht fan tsjerkemuzyk. It Nederlânsk Ynstitút foar Tsjerkemuzyk, hjoeddedei ûnderdiel fan it Utertsk konservatoarium en de Gregoriusferiening wurkje nau meiïnoar gear.

Inkelde 20e-iuwske komponisten fan tsjerkemuzyk yn it Nederlânske taalgebiet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]